Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
46 results
Place of Narration: Augustinusga
Yn Hurdegaryp is in homeije, dy't se noait ticht hâlde kinne. Dy giet fansels iepen
nl.verhalenbank.21972
To Hurdegaryp stiet in hekke, dy kinne se noait ticht hâlde. 't Kin neat skille hoe dik it ketting is, dêr't se dy hekke oan fêst meitsje, hy giet fansels altyd wer iepen.
nl.verhalenbank.32718
Yn Villa Nova oan diz kant Ljouwert is een great hek. As se dat jouns ticht dienen wie it de oare moarns altyd wer iepen.
nl.verhalenbank.27220
To Stiensgea, achter de Bosk, hat in boer wenne. Dy hie in hynstestâl, dêr koenen se noait in keal yn hâlde. Brochten se dêr jouns in keal yn, dan lei it de oare moarns oer de mjilling. Doe binne se hinnegong, doe ha se der sketten om hinne makke. Mar like goed lei it keal de oare moarns wer bûten de stâl. Doe binne se der mar mei ophâlden.
nl.verhalenbank.32719
Heit kom us op Koatstertille. Doe kom er in hiele grouwe houn tsjin mei greate gleone egen. Hy hat noait witen hwat dat west hat.
nl.verhalenbank.22736
To Hurdegaryp, by mynhear Smith stie in hekke, al die men dy noch sa bot fêst, altyd rekke er fansels wer los en dan gong er wer iepen. Sa bot koenen se him net op slot hâlde of hy rekke wer los.
nl.verhalenbank.22746
Yn Stiensgea wennen twa bruorren yn in âlde boereplaets achter de bosk. Achter yn dy plaets hienen se in hynstestâl, dêr koenen se net in dier yn hâlde. It doogde net yn dy stâl. As se der in nofteren keal yn brochten, dan lei it de oare moarns oer de mjilling.
nl.verhalenbank.34526
By 't Pypke (by de grifformearde tsjerke) fan Stiensgea spoeke it.
nl.verhalenbank.34534
Hjir yn Stiensgea wenne yndertiid in goddeloaze man. Dat wie Boele Ytsma. Hy wenne yn 't West. It wie in greate spotter. Op in snein-to-moarn gong er mei syn frou Fokeltsje mei in koe nei de bolle ta. Hy moest troch trije hekken. Mar dy hekken sprongen samar fansels iepen. Dat wie 't wurk fan 'e duvel. Sa hie dy him topakken.
nl.verhalenbank.32721
Op 'e Bovenlannen achter de Bosk yn Stiensgea wenne Úlke Bouius. Dêr sweefden de geesten fan 'e forstoarnen om 'e hûs hinne. Se wienen by de doar en kipen yn 'e rútsjes. Dat wienen de geesten fan minsken dy't net goed bihandele woarn wienen. Dy koenen de rêst net fine en kommen sadwaende nei har dea by har eigen famyljeleden en spoeken dêr om.
nl.verhalenbank.22731
Op 'e Turfloane yn Stiensgea dêr seagen se wol us hwat. Der wie in boerefeint, dy tsjinne by in boer yn 't West. Dy moest alle moarnen dêr hinne en dan moest er de Turfloane del. Hy wie sa'n twintich jier. Mar doe is 't in kear of hwat gebeurd dat der hwat foar him lâns gnoarre. 't Hie in protte fan it lûd fan in baerch. Dat bleau by him de hiele loane...
nl.verhalenbank.21850
Op it slot en it loantsje en de kamp yn Stiensgea spoeke frou Wikel. Saekje mei de kape tsjoende ek yn Stiensgea.
nl.verhalenbank.23646
Men moast de toffels nachts net foar 't bêd sette; die men dat, dan roan der nachts ien yn om, sei beppe.
nl.verhalenbank.23643
By de Bosk yn Stiensgea spoeken wite froulju. Guon ha se wol sjoen. Dan naeiden se hurd út.
nl.verhalenbank.27656
By 't Langerek (sahwat by de Avek) ûnder Surhústerfean spoeke in bigge.
nl.verhalenbank.27214
It gebeurde yn Strobos dat dêr in frou forstoar. Hja hie har man bilove litten, net ien mocht nei har dea de klean drage, dy't hja droegen hie. Mar dy man tocht dêr letter net mear om en hy troude wer. Hy joech dat minske de klean fan syn earste frou en dat minske die dy klean oan. Mar sûnt dy tiid kom syn earste frou alle jounen by harren yn 'e hûs. Doe...
nl.verhalenbank.32714
Beppe spoun, mar as hja de snare net fan it spinwiel ôf die, dan spoun it yn 'e nacht troch. It spinwiele woarde dus útspand.
nl.verhalenbank.23642
Yn Kollumersweach roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dy spoeke dêr. Guon wienen dêr bang foar. Ek achter Bûtenpost, yn Egypte, roan sa'n fôlle mei in brijpot.
nl.verhalenbank.27989
By Readskuorre wie in paedtsje, dêr koenen de minsken lâns nei Harkema ta. De oerdeis gongen de measten dêr lâns, hwant dat wie koarter as 't gewoane paed, mar nachts, dan doarsten se dêr net lâns, hwant it sizzen wie altyd dat dêr in fôlle roan mei in brijpot om 'e hals by nacht.
nl.verhalenbank.33554
Saekje-moai-mei-de-kape spûke hjir yn 'e lânnen. Sy gong nei 't djip ta en dan by de wâl lâns. Oan 'e súdkant fan 't djip hâldde se ta.
nl.verhalenbank.25308
46