Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 results
Dutch Keywords: spookdier Place of Narration: Harkema
Tusken Tije en Janke en Bram Spinder roan nachts tusken tolven en ienen altyd in pleachbeest. 't Wie in grouwe, swarte houn, sa 't it like. De âlden doarsten dêr net lâns by nacht.
nl.verhalenbank.22224
Yn 'e Harkema oan it eintsje tusken de grifformearde en de herfoarme tsjerke spûket in hynstekop om.
nl.verhalenbank.17557
Op Koatstertille spûke in dikke swarte houn by nacht, seinen se altyd.
nl.verhalenbank.32635
Op 'e Nije Wei, seinen se, hjir yn 'e Harkema, roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.24336
Oan 'e feartswâl nei 't Fean ta spûke in baerch. Dêr wienen se allegear bang foar.
nl.verhalenbank.16876
Tichte by 't Blauhûs wie in skeanpaed. Dat kom út op 'e wei nei 't Fean ta. Op dat skeanpaed spoeke it altyd bot. Dêr roan yndertiid altyd in arbeider lâns, dy't nei de boer ta moest. Hy wie net bang útfallen. Mar doe gebeurde it in kear of hwat doe moete er dêr in pleachbeest. Der kom in dikke swarte houn achter him oan. Dy roan dan wer oan 'e iene kant...
nl.verhalenbank.25518
Op 't Fean roan yn 'e nacht in barchje om. Sjirk Bijma hie it sjoen. Alle lju skouderen dat plak, hwant dat barchje wie in spoekdier.
nl.verhalenbank.17532
Piter Alma seach us yn 'e nacht twa wynhounen mei glinsterjende halsbannen, dy't samar wer fuort wienen, krekt as wienen se yn 'e loft fordampt.
nl.verhalenbank.22099
Hiel froeger hâldde der op 'e Dunen in fôlle ta mei in brijpot om 'e hals. It wie doe noch allegear heide mei slingerpaedtsjes der tusken. Myn heit Wopke v.d. Bos hat de fôlle in kear sjoen mei 't murdejeijen.
nl.verhalenbank.16075
Wibe Alma is yndertiid smiten woarn troch in lyts hountsje. Hy kom yn 'e Lange Wyk tolânne.
nl.verhalenbank.19981
By de dikke beam oan 'e betonwei spoeke altyd in pleachbeest om. Dat seach der út as in grouwe, swarte houn. Lammert Mozes hat dêr in moeting hawn mei dat pleachbeest en doarst der letter noait wer lâns. Dat pleachbeest roan de minsken foarby en joech noait in lûd.
nl.verhalenbank.20132
Der binne dieren, dy kinne se mei in gewear noait reitsje. Sokke dieren dêr wennet de duvel yn.
nl.verhalenbank.20033
Wy hienen in pake dy hiet fan Wibe. Op in joun kom er thús, doe hie der in houn foar de strjitte stien. Krekt foar de doar. Pake moest der troch. Hy hie in stok by him. Der hied er mei houd nei de houn, mar de houn wykte net. Hy hie hyltyd de tosken mar sjen litten en de stokslaggen hied er op 'e tosken ôfkeard. Sa gau as pake yn 'e hûs komme koe, die er...
nl.verhalenbank.22302
In keardel fan 'e Harkema dy wie oan 't murdejeijen. 't Wie saterdeijoune en net letter as tolve ûre. 't Wie oan 'e Singel. Doe tocht er: Hea, dêr brânt noch ljocht. 't Kom út in húske wei en doe't er goed taseach, tocht er: Hea, dêr steane bûten guon foar de glêzen. Dat binne lju dy't harkje. Ik sil har de warheit us sizze. Hwant dy lju ha dêr neat...
nl.verhalenbank.16875
14