Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: deur Place of Narration: Twijzelerheide
De heit fan myn skoandochter hat faek nei de Grinzer klaei ta west to arbeidzjen op 'e bou. Hy hat dêr ris yn in spûkskuorre oernachte. Se hearden dúdlik dat der dêr midden yn 'e nacht yn dy skuorre terske woarde. De skuorredoarren gongen iepen en de hynder-en-wein kom der oanriden; en dan waerd der sein: "Fuort, kedde!" Dat hied er allegear klear heard.
nl.verhalenbank.23767
Ik ha faek yn Grinslân oan 't wurk west by de boer. Dêr fortelden se, dêr wienen spûkskuorren. De minsken dy't dêr leinen, waerden samar fan 't plak smiten. De doarren gongen samar iepen. Waerden se ticht dien, dan waerden se opnei wer iepen smiten. De weinen rollen út harsels op 'e telle om. De tsjernmoune gong midden yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.38324
Myn mem wenne by har âlden yn in âlde spitkeet achter 't âld tsjerkhôfke fan Twizelerheide. Us mem kaem út 'e keet wei en stapte de heide oer. Doe wie 't tsjuster. Doe stapte der in hiel lyts mantsje njonken har de reed del. Us Antsje-muoi wenne in lyts eintsje fierder. Dêr kaem mem ta de doar ynfleanen. "Dêr is in mantsje by my," rôp se, "en dat wurdt...
nl.verhalenbank.38631
Yn Grinslân binne boereskuorren, dêr geane de doarren ek samar iepen yn 'e nacht. Dat binne spûkskuorren. Der wienen ek wol plakken, dêr gong de tsjernmoune altyd yn 'e nacht. Der wienen yn 'e skuorre soms plakken, dêr koe net ien sliepe. Op sokke plakken waerd men midden yn 'e nacht samar opnaem en in ein fierder smiten.
nl.verhalenbank.38643
Yn Hiltsjemoaiwâlden op 'e hoeke fan 'e Reapdraeijersreed stiet in âld húske. It is net mear biwenne en it sil yn 't koart wol ôfbrutsen wurde. De lju dy't der 't lêst yn wenne ha, ha in nije bungalow op 't hiem sette litten, dêr't se nou yn tahâlde. Mar froeger hat myn skoanheit yn dat âlde húske wenne. It hat yn dat húske noait doogd. It wie in...
nl.verhalenbank.21995
5