Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
16 results
Place of Narration: Twijzel
Yn guon plaetsen yn Grinslân is it lang net plús. Der is yn dy plaetsen soms raer hwat gebeurd. De iene nei de oare is dêr formoarde woarn. Sa wie der in plaets boppe Grins. Dêr kommen by 't maitiid de bomen to wjudden. De boer sei: By dat en dat bynt matte jimme net lizzen gean. Dêr doocht it net. Ik haw mei in man praet, dy wie dêr ek. Hy sei: "Smyt my...
nl.verhalenbank.28199
Alde Geart-om fortelde, dat yn Twizelerheide roan in pleachbeest. 't Wie in grouwe, swarte houn, dy't de minsken op side kom.
nl.verhalenbank.28202
By 't nije tsjerkhôf oan 'e Wedze spoeke in wite dame. Gâns minsken ha har dêr sjoen.
nl.verhalenbank.28007
Yn Jistrum by de Spûkloane dêr spoeke in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dêr doarsten in protte minsken by joun net lâns.
nl.verhalenbank.33600
By de marechaussee-kaserne yn Bûtenpost roan altyd in swarte houn om. Se seinen dat dat in pleachbeest wie. Ik haw him noait sjoen, mar myn suster Tsjits gong dêr ris op in joun lâns to boadskipjen, mar doe wie dy swarte houn op har ta kom. Doe hie se hurd makke dat se thús kom.
nl.verhalenbank.33302
Myn suster tsjinne yn Kûkherne as faem. Op in nacht soe se mei Riemke Kroes werom nei Kûkherne ta. Hja hie dy deis efkes thús west. Underweis kom der in wylde lantearne op harren ta. Hja woarden deabinaud. De wylde lantearne passearre harren op in pear roeden distânsje. Hja hâldden elkoar stiif beet. Hwat neijer it kom, hwat banger se woarden. Mar myn...
nl.verhalenbank.33519
Op in nacht wienen heit en Ouwe wer oan 't murdejeijen. Doe kom Ouwe by heit en sei: "Der is my niis hwat passeard." Dat wienen in stik of fjouwer, fiif famkes. Twa roannen foarop, dy hienen wite skelkjes foar. It bloed roan har by de skelkjes del. Dit gebeurde achter Hamsherne ûnder 'e Harkema, by in dykswâl. Se wolle wol ha dat dy berntsjes dêr...
nl.verhalenbank.33532
Op 'e Boppewei by de Westerein reizge in hear. Dy spoeke dêr. Hy roan nachts oer 't flakke lân mei in lantearne yn 'e hân. In soad minsken doarsten by nacht de Boppewei net del. Dêr siet ek in skat yn 'e groun, dat wie in kiste mei jild. Dy koenen se noait opdolle, hwant hy sakke altyd djipper. Allinne hwannear't se der in geit mei trije poaten boppe...
nl.verhalenbank.28201
Mem fortelde, yn Kûkherne hie in frou west dy wie forstoarn. Foar har dea hie se har bilove litten dat sy moesten letter hwat oan har famke jaen (ik wyt net mear hwat). Mar de widner troude wer en it famke krige it net. Doe bigong dy frou dêr to spoekjen. Sy kom werom út it graef. Doe ha se, troch bemiddeling fan 'e doomny dat famke jown dêr't se rjocht...
nl.verhalenbank.33590
To Kollumersweach wie 't gauris mis op 'e plaetsen. De wine bigong út harsels to draeijen. De hynders sieten fêst yn 't tou en sprongen oer de peallen hinne. De wein sloech in reed op, mar koe net fierder, hwant der sprong in speake út it tsjil. Fûgels, houn en katten rekken bitsjoend. It rêdmiddel wie altyd: duveldrek. To Kollumersweach, by 't...
nl.verhalenbank.28006
In jongfeint tsjinne achter de Falom. Hy reizge op in joun lâns de Boppe-wei mei de Spûkloane nei Kollumersweach. Dêr kom er twa man tsjin en it like krekt as hienen dy ien tusken har yn. Hy moest har passeare en sei: "Goejoun." Mar sy seinen neat werom en wienen samar ynienen fuort.
nl.verhalenbank.28005
Alde beppe fortelde: lytse bern, dy't gjin deaklean meikrije, fine gjin rêst. Dy dwelmje letter altyd om. Faek gebeurt it dat se yn in boereskuorre om in stile hinne dânsje.
nl.verhalenbank.28207
Foar de marechausseekaserne to Bûtenpost roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Mar âlde Tsjerk Hamstra fortelde, it wie net in fôlle, mar in hynder. Hy hie it sels sjoen. In hiele greate pot droech it hynder om 'e hals. It dier roan yn in leantsje oant diz kant de marechausséekaserne. Tsjerk syn soan hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.28008
Ik hie in âld-omke, dat wie Auke Vink, dy wenne yn Twizelerheide. Elke moarn gong er nei de boer ta to arbeidzjen, dy't yn Twizel wenne. 't Wie sahwat in ûre geans. Op in moarn wied er wer ûnderweis, doe kom der hwat achter him oan, dat sweefde hyltyd mar boven him lâns. Hy koe net sjen hwat it wie, mar 't wie sa great as in minske. (Omke wie in earlik...
nl.verhalenbank.28195
Japik-om moest ris op in nacht troch de Kûkhernster lannen de kant nei Feanwâlden op. Doe kom der ien njonken him.'t Wie in minske. Dy sei neat. Wol twa stikken lân roannen se del, dy man roan hyltyd by him lâns. Mar hy die Japik-om neat. Japik-om wie net bang. Hy wie in froom man en sei , dy man, dat hie in biskermingel west.
nl.verhalenbank.33529
Der wie ien út Twizel, dy hie forkearing mei in dochter fan Stammerige Harm fan Twizelerheide. Op in nacht kom er by syn faem wei. Hy roan oer 't Wyldpaed, dat wie doe allegear noch sânwei. Sa kom er op 'e Nije Wei. Doe roan der ynienen in frommes njonken him lâns, oan 'e oare kant fan 'e wei. "Ik sjen en sjen," fortelde er, "en ik tocht, heden, dy hat...
nl.verhalenbank.28196
16