Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
17 results
Place of Narration: Surhuizum
Ruerd van der Veen fan 'e Harkema wie us in kear oan 't reiddekken op ien fan 'e plaetsen op it Bomkleaster. Us Klaes-om wie doe feint by dy boer. Doe hie Ruerd it ôfgryslike raer dien en ús Klaes-om wie op 't lêst ek al bigong. 't Wie joun en doe moest Ruerd nei hûs ta. It bakje mei ridskip droech er oer 't skouder. Hy roan de Skoltepaden del. Doe hie...
nl.verhalenbank.32433
Yn 'e Harkema, seinen se altyd - roan in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.29431
To Hurdegaryp is in hekke, dy't altyd iepen giet, ek al dogge se him ek nòch sa sekuer fêst.
nl.verhalenbank.28747
Yn 'e Rotfalle spoeke it op it tsjerkhôf.
nl.verhalenbank.26086
Under Surhuzum - tusken de nije húshâldskoalle en de moune roan altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals, seinen se.
nl.verhalenbank.29432
By de dikke ikebeam oan 'e betonwei yn 'e Harkema, spûke it ek. Allerhande lju ha dêr hwat sjoen. Wy hawwe yn 'e Harkema in kostgonger hawn, dy seach der hwat dat like op in swart beest. It hat him achternei sitten. Hy switte as in oandrager op 'e fyts.
nl.verhalenbank.29424
Op 'e Skieding by Drachtster Kompenije hienen je de Jankedobbe. Dêr is yndertiid in faem yn fordronken. Dat sil Janke west ha. Letter hearden de minsken dêr nou en dan jouns in gekjirm en dan seagen se dy faem boven de dobbe lânssweven.
nl.verhalenbank.36675
As lytse bern froeger gjin deaklean mei krigen spoeken se letter om. De lju hienen altyd deaklean yn foarrie: lizzersguod.
nl.verhalenbank.29446
As der yn 'e Feansterheide froeger ien stoar, dan seagen se dyselde letter altyd wer.
nl.verhalenbank.23597
Der wie in man yn 'e Harkema, dy gong elke moarn bitiid nei Eastemar ta to arbeidzjen. Syn paed gong oer de Dunen, dêr wied er goed trije ûre yn 'e moarn. Der wienen twa, dy wisten dat en dy tochten: Wy sille him ris bang meitsje. Sy dienen in wyt lekken om en sa gong de iene op 'e oare stean. Doe't de arbeider se seach, sei er: "Ik ha wolris twa op...
nl.verhalenbank.29425
Alde Manus Kûper wenne froeger op 't Fean. Dy biwearde, fan spûkjen en alsahwatmear, dêr moest er neat fan ha. Dêr woed er neat fan wite. Mar doe gebeurde it us in kear dat er de Lege loane lâns kom. Dêr wie hyltyd in bichje west. Dêr wied er mei forlegen west, hy koe 't noait kwyt wurde. Hy sei, Hwat dat to bitsjutten hie, dat mocht de duvel wite.
nl.verhalenbank.23596
Hinse Jehannes de Boer wenne op it Swartfean. De minsken neamden him meastal Hinse beest. Hy wie duvelbander en wûnderdokter. Wy ha froeger ek op it Swartfean wenne. Yn 'e tiid fan Hinse wenne der yn ús hûs in sekere Ritske Veenstra. By Ritske doochde it net, de boel wie dêr bitsjoend. Se koenen gjin reamme op 'e môlke krije en de deakiste kaem by har...
nl.verhalenbank.32245
Atse Benedictus op 'e Kletten fortelt: Wy liezen sahwat mei ús tsienen of achten op Feansterheide de krante. De âlde kranten woarden fordield by 't kranterekkenjen. Dan komme se byelkoar yn 'e herberch. Ien kear stjûrde heit my dêr hinne, doe koed er sels net. Dy hiele joune ha se dêr oars gjin praet hawn as oer spoekjen en tsjoenen. Ik wyt der mar in...
nl.verhalenbank.21113
Ik reizge yn myn jonge jierren op 'e fyts nei de faem ta dy't yn De Pein wenne. Iksels wenne yn Bakkefean. It wie ier yn 'e moarn. Ik wie op 'e weromreis en 't wie tsjuster om my hinne. Tusken Foarwurk en Bakkefean, sahwat op it plak dêr't it Ald Djip ûnder 'e feart troch giet, krige ik in skaed yn 'e lantearne, mar ik ha noait hwat sjoen. It wie gjin...
nl.verhalenbank.26084
Yn Drachten op it tsjerkhôf woenen twa feinten us ien bang meitsje. Sy gongen boppe op elkoar stean en hienen elk in lang wyt himd oandien. Doe't deselde dy't se bang meitsje woenen oan har ta wie, sei er: "Hea, ik ha wol us twa op elkoar sjoen, mar dêr noch noait in trêdden boppe op."
nl.verhalenbank.26087
Heit fortelde, froeger wie der wol us in man by heit en dy to timmerjen west, dat wie Sippe de Jong. Dy kom fan de Falom. Dy koe gâns forhalen oer spoekjen en tsjoenen, en hy leaude alles hwat er sei. Hy sei, der wenne yn 'e Falom in man, dy hie gjin bisten en hy forkocht àl bûter en molke. Op in nacht ha se him fleanen sjoen. Hy hie in jok oer de...
nl.verhalenbank.21816
Us pake Evert Kobus wie koopman yn hinnen en kninen ensa. Hy reizge mei de tram nei Ljouwert ta fan Nyegeasterhoek ôf. It wie in man fan in slokje en 't gebeurde wol us dat beppe en mem him de jouns ophellen omt er oars wolris in ûngelok krije koe. Sa wienen se ek ris wer op in joun by de halte, mar doe wie hy der net. Sy seinen: "Wy gean mar wer nei hûs...
nl.verhalenbank.25938
17