Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
30 results
Place of Narration: Veenwoudsterwal
To Feanwâlden stienen us twa by in herberch boppe op elkoar tsjin 'e muorre oan. Sy wachten ien op, dy't se bangmeitsje soenen. Mar doe't dyselde oan har ta wie, sei er: "Heden, ik ha wol ris twa by elkoar op sjoen, mar noch noait trije." Doe woarden dyselden sa bang, dat se naeiden hurd út.
nl.verhalenbank.19642
Hjir op 'e Wâl op 'e hoek stiet in hûs, dêr gong de doar altyd fansels fan iepen, waerd der altyd sein. Dêr hat in sekere Durk yn wenne, dy hie him dêr ophong. As de doar dan wer iepen gong, seinen se: "Dû mast dêr bliuwe, Durk." Dan woe syn geest der yn. Dy wie dan wer warber.
nl.verhalenbank.37906
Beppe hat njonken in âld-minske wenne, dat wie in tsjoenster. Op in kear kom beppe har broer by dat âld minske yn 'e hûs. Doe hie dêr in boek op 'e tafel lein. Dat wie in toverboek, mar dat wist hy net. Doe bigoun er dêr yn to lêzen. Mar doe gong it raer. Doe wienen der allegear katten ta de hurddobbe út kaem. Even letter kaem 't âld-minske der yn....
nl.verhalenbank.19637
Der wienen twa jongfeinten dy woenen ien bang meitsje. Hja gongen boppe op elkoar stean tsjin in muorre oan yn 't tsjuster, doe't dyselde der oan kaem. Mar dy seach omheech, en sei: "Dit liket raer. Twa ha 'k wolris boppe op elkoar sjoen mar dêr noch noait in trêdden boppe op." Doe woarden de twa jongfeinten sa bang dat se draefden fuort. Hwant sy...
nl.verhalenbank.37879
Op 'e ein fan 'e Wâl oan 'e Hurdegariper kant spûke altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.19631
Op 'e Streek to Feanwâldsterwâl spokke midden op 'e brêge in fôlle mei in brijpot. Guon wienen bang as se dêr jouns lâns moesten.
nl.verhalenbank.38036
Froeger doarsten se de Boppewei, fan Feanwâlden nei de Westerein net del fanwege 't spokjen.
nl.verhalenbank.38092
Op 'e Wâl stie in hûs, dêr spoeke it yn. It gong der altyd heislik oan wei yn dat hûs. Sa fleach der op in kear in stik fjûr dwars troch 't hûs hinne. As de man deis fuort wie, doarst it minske der net allinne mei de bern yn to wêzen. Dan gong se der mei de bern út, sa bang wie se. Op 'e souder stie in kachel, dy soenen se dêr us wei helje. Mar doe't se...
nl.verhalenbank.19633
Op 'e Skilige Piip, dêr spoeket in wite juffer. En de âlde hear spoeket dêr ek. Dy hat dêr in kiste mei jild yn 'e groun sitten. Nachts rydt er dêr lâns op it hynder. Dêr sit er achterstofoar op, as hy der wer wei giet, dan kin er sjen, as der ek guon hinne geane. In skynfet draecht er yn 'e hân. Dy skat dêr yn 'e groun, dêr hawwe etlike minsken al in...
nl.verhalenbank.19635
Yn Kûkherne stiet in pleats, dy neame se it Spoekhûs. Dêr mat it yn earder tiden yn spûke ha.
nl.verhalenbank.19645
By 't Godloas Tolhek dêr spokke in hynder om. By de Godleas Singel spokket in âlde hear.
nl.verhalenbank.37966
Op 'e Godleas Singel en by de Skilige piip spokke it.
nl.verhalenbank.38039
Hjir op 'e Wâl rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals, wurdt der sein. Mar ik ha him noait sjoen.
nl.verhalenbank.38173
By de Skilige Piip spokke in neakene man.
nl.verhalenbank.38205
As ien in deadshimd oankrige, moest men der om tinke, dat it net to koart wie. Oars kom de deade werom en dan spokke er.
nl.verhalenbank.38188
Yn 'e Foksegatten spokke it. Dêr hienen jy de hege bult, dêr wie 't net kouster.
nl.verhalenbank.37878
By de Skilige Piip siet in kiste mei jild yn 'e groun. Dêr spokke ek in âlde mynhear.
nl.verhalenbank.38041
As in houn spûkgûlde koe men der fêst fan op oan dat der in sterfgefal yn 'e famylje to wachtsjen stie. Us mem hat it faker as ienkear meimakke.
nl.verhalenbank.38310
To Hurdegaryp by Bennema-state, wie in hekke, dy wie altyd iepen. As se him jouns ticht dienen, wie er moarns altyd wer iepen. Dat gong sa mar fansels.
nl.verhalenbank.37971
Doe't pake in jonge wie makke Jan Eises him bang mei to fortellen dat der hjir op 'e reed nachts altyd in fôlle omroun mei in brijpoat om 'e hals. It waerd ús ek noch wol forteld. Wy wienen dan sa bang, dat wy doarsten dêr net lâns.
nl.verhalenbank.38060
30