Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
67 results
Place of Narration: Twijzelerheide
Yn Sweagerfean spûke it ergens by in hekke. Dat gebeurde as it donker wie. Dan doarst net ien dêr mear lâns. Mar der wie ien dy sei: "Ik doar wòl." Hy naem in grouwe stok mei en dy stok neamde er 'Pypman'. Doe't er oan 'e hekke ta wie seach er dêr ien op 'e wringe sitten, dy hie in sauke (in lytse sauwe) by him en in brânnende lantearne. Dy lantearne die...
nl.verhalenbank.37664
In neef fan ús hie in húshâldster. Hy hat har skandalich bihandele. Doe't it minske âld waerd, wie se der al hielendal oer. 't Wie in stumper. As hy by 't winter fuort gong moest it sloof yn 'e kjeld sitte. Dan boun er earst in tou om 'e kachel hinne, hwant hy sei, 't wie net fortroud dat sy mei de kachel om gong. Letter, doe't se stoarn wie, koed er har...
nl.verhalenbank.22123
Doe't skoanheit wei wie, spoeke it noch like goed yn it húske. It hat dêr altyd spoeke. De hinnen sieten boven op 'e matte boven de beesten en dy gongen soms midden yn 'e nacht sa bot to kear, dat de minsken woarden der wekker fan. Dan raesden dy hinnen moart en brân. Krekt as soenen se formoarde wurde. It hynder stie moarns soms los op 'e stâl. De doar...
nl.verhalenbank.21996
Guon minsken seagen lykstaesjes fan tofoaren. Letter stoar der dan ien, dêr't hja de bigraffenis al fan sjoen hienen. Ien fan 'e bikendsten hjir wie Bontsje Knjillis. Dy wie mei de helm geboaren. Hy wenne by 't spoar. Hy woarde nachts opjage. Dan moest hy der út. Dan moest er in lykstaesje sjen. Dan roan er soms om 't leven. Dan sieten se him achter. Dan...
nl.verhalenbank.38627
Us heit is ris op in nacht de Lytse Wei lâns kom (tusken Harkema en Droegeham) mei trije skiep, dy't er nei Koatstertille bringe soe. Dat wie midden yn 'e nacht, hwant de Tilster boat farde om twa ûre al fuort nei Ljouwert ta. Doe't er oan 'e hoeke ta wie fan 'e Lytse Wei, dêr't nou de fytsmakker Pier Haga wennet, fornaem er hwat. Hwatte, dat wist er net,...
nl.verhalenbank.10679
Ik wie boerefaem. Ik siet to melken yn 'e stâl. Doe miende ik dat ik in fûgel fleanen seach. Nei melken gongen wy to kofjedrinken. Ik sei tsjin 'e boer: "Ik fortrou my joun net." Hwant ik moest yn 'e tsjernherne sliepe. Dat wie myn plak. "Ik doar dêr joun net to sliepen", sei 'k. "Hwerom net?" frege de boer. "It leit my sa by, dat der ien yn 'e hûs is",...
nl.verhalenbank.22005
Nachtmerjes, plichte ús mem to sizzen, dy kinne troch 't gat fan in flesse hinne. Men kin se 't bêste keare mei roggemoal. Hwant rogge is heilich. It wie yn 'e simmer en tige soel. Doe't it bêdgongerstiid woarde, sei heit: "Ik gean oer de flier lizzen, 't is my to binaud yn 't bêdsté." 't Wie ljochtmoannewaer en heit koe alles bûten sjen. Doe seach er...
nl.verhalenbank.20110
67