Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 results
Dutch Keywords: nacht Place of Narration: Hurdegaryp
By de homeije fan dokter Bontekoe wie 't net plús. De hekke gong altyd út himsels wer iepen, as men him sluten hie. Hy woe net ticht sitten bliuwe. Dat kom hjirfan, dêr gong nachts altyd in geest troch. Dy moest rûmte ha.
nl.verhalenbank.30421
Us heit (Roel Haarsma) en syn broer wienen yn 'e nacht op in paed. Doe seagen se in frommeske skean oer de wei nei in hûs ta rinnen. Sy hie de kruk fan 'e doar al beet, dêr't se ta'n yn soe sa't it like. Mar doe sonk se samar foar de eagen fan heit en omke yn 'e groun wei.
nl.verhalenbank.19841
Op in kear kaem ús pake fan 'e froulju. 't Wie al in moai eintsje yn 'e moarn op. Doe kom der him in frommes tomjitte, dat wie roetswart om 't gesicht. Pake wie sa binaud, dat de skonken trillen him ûnder 't gat. It frommes gong ta 't hek fan 'e tsjerke yn to Sumar. Pake sette har achternei, al hoe binaud er ek wie. Mar sy wie wei as wie se yn 'e groun...
nl.verhalenbank.19714
It Bucheltsjehout doarsten se by jountiid en by nacht ek net lâns. Dêr spûke it ek.
nl.verhalenbank.32202
Yn Aldegea, fortelde mem, stie in hûs mei in skuorrepeal, dêr't yn 'e nacht altyd neakene berntsjes om hinne dounsen. Dy berntsjes hienen gjin deaklean meikrigen. Dêrtroch hienen se gjin rêst.
nl.verhalenbank.30892
By 't Tiltsje tusken Eastemar en Sumar spûken om 12 ûre yn 'e nacht altyd wite wiven.
nl.verhalenbank.31040
Om in ûre of tolve hinne wie hjir by Bennema-State froeger altyd in swarte houn. Dat wie in pleachbeest, seinen se. Hy biet jin net, mar hy roun altyd in ein mei en makke de minsken binaud.
nl.verhalenbank.31046
Der wie in greate boerepleats, dêr wie 't net plús yn. It spoeke dêr. De boer prakkesearde der oer om der wei to wenjen. Hy sei tsjin syn arbeider: "Jonge, astû de boel hjir oplosse kinst, krijst in grou stik jild fan my. De arbeider sei: "Ik sil 't bisykje." Hy gong nei de dûmny ta en frege of dy in nacht mei him weitsje woe yn in keamer fan 'e pleats,...
nl.verhalenbank.19836
Ek ha 'k faek fortellen heard dat ien yn 'e nacht in moeting hie mei in grouwe, swarte houn.
nl.verhalenbank.30432
De Skilige Piip is achter Feanwâlden, oan diz kant de Boppewei. Dêr siet in kiste mei jild yn 'e groun, dêr koenen se noait by komme. In fuorman fan Feanwâlden dy gong dêr ris mei in pear maten hinne yn 'e nacht. Doe bigounen dy maten dêr to graven. Hja stompten mei de lodde op hwat. Dat wie de kiste. Mar dy sakke djipper ta de groun yn, doe't se him...
nl.verhalenbank.30422
Heit moest froeger us in kear út Burgumerheide wei foar in famke nei Hurdegaryp, nei de dokter. 't Wie yn 'e nacht. Doe't er by de plaets fan Oostenbrug wie, kom der in houn njonken him, dy wie noch greater as heit sels. 't Wie in pleachbeest. Heit roan mei in stok. Hy sei lûdop: "Ik ha neat op myn geweten." Doe't er dat sein hie, wie 't ding samar wer...
nl.verhalenbank.18088
Jouns foardat men op bêd giet moat men it breidzjen oprolje, oars wurdt der yn 'e nacht fierder breide en komt it forkeard. Ek it théguod mat men yn elkoar sette, it spinwiele út it wurk sette, de brake oan kant en al sa mear. Hwant dêr reitsje oars yn 'e nacht kweade hannen oer gear.
nl.verhalenbank.31061
12