Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
178 results
Place of Narration: Harkema
Rinse Loonstra wenne achter ús, doe't wy noch oan 'e Lange Wyk wennen. (Yn dat húske wennet nou Eise Det). Dy seach altyd fan tofoaren dat der brân wie. Dêrom neamden se him altyd Rinse Brander.
nl.verhalenbank.22713
Op 't Bomkleaster roannen /spoeken froeger altyd twa neakene berntsjes om. Doe ha se der in dûmny by helle om dy berntsjes oan to sprekken. De dûmny frege hwat se bigearden. En doe seinen se, dat se hienen gjin deaklean meikrigen. Doe hat de dûmny der foar soarge dat dy der kamen. Doe ha de berntsjes har net wer sjen litten.
nl.verhalenbank.17392
Wy mochten ek net in mes nachts op 'e tafel lizze litte, hwant oars snijden oaren der mei.
nl.verhalenbank.22275
Yn Hurdegaryp wie in hekke, dêr wie 't net plús mei. Presys om tolve ûre gong dy hekke altyd iepen. 't Wie de homeije fan Bennema-state.
nl.verhalenbank.25526
As in houn spûkgûlt komt der binnen trije dagen in deaden.
nl.verhalenbank.20671
Piter Alma seach us yn 'e nacht twa wynhounen mei glinsterjende halsbannen, dy't samar wer fuort wienen, krekt as wienen se yn 'e loft fordampt.
nl.verhalenbank.22099
Oan 'e Boskwei stie in hûs, der spûke it altyd yn. Sy wolle wol ha, dat dêr yndertiid in poep yn formoarde woarn is en dat dy dêr yn spûket.
nl.verhalenbank.28562
Hounen spûkgûle as der guon stjerre sille. Doe't Piter syn mem hast dea wie, stie hjir in dikke, bûnte houn to spûkgûlen. Hoe wy him ek smieten en fuortjeije woenen, hy bleau hjir mar stean en hâldde net op mei spoekgûlen.
nl.verhalenbank.16077
By de greate ikebeam hat froeger in dobke west. Dêr kom nachts altyd hwat út, dat hjir en dêr omroan en dan fansels weiwaerd.
nl.verhalenbank.19350
As in tsjoenster der op út giet, is de geest út har lichum wei. De gedaente bliuwt thús. Dêr is dan alle wêzen út, krekt as út in deade. De geest is der út.
nl.verhalenbank.16088
It nuvere wie dat Tsearde Jouke Tseard (Tseard Postma) sahwat op itselde plak krekt sa'n moeting hie. Dy moest èk nei de boer ta. Hy doarst der letter net mear allinne lâns. Rikele gong tonei altyd mei him.
nl.verhalenbank.20128
Willem Pyk (= Ophuis) hie in houn. Dy spûkgûlde soms. Dan sei Jits, syn wiif: "Der giet wer ien dea." Har buorman sei, as de houn spûkgûlde: "Dêr sjocht er de duvel, wer, Jits."
nl.verhalenbank.28561
"As ik in houn spûkgûlen hear," seit myn wiif, "dan tink ik: - Hwa sil 't nou wêze? -"
nl.verhalenbank.21141
To Hurdegaryp stiet in villa, in wite villa, dêr't in dokter yn wenne hat. Dêr is in hekke by dy villa, dy giet altyd fansels iepen. Reade Haite syn folk ha yn dy villa wenne.
nl.verhalenbank.22280
Us Kees-om fan Twizelerheide wie us mei heit (Wopke v.d. Bos) yn 'e Eastemarre lânnen oan 't murdejeijen. Heit fortelde letter: Der kom ynienen in houn by my, en dy woe net wer by my wei. Fan binaudens kroep er my tusken de fuotten. (allinne heit syn houn die dat, de oare net)
nl.verhalenbank.16078
Myn broer Sjoerd wenne yn in woanwein, dy stie op 't kleaster. Doe woarde de wein samar ynienen hiel bot hinne en werskodde sûnder dat der in minske yn 'e buert wie. En 't wie blêdstil waer.
nl.verhalenbank.26230
Ik ha wol yn Grinslân op 'e klaei yn in spûkskuorre slept. Dêr wie 't nachts altyd lawaeierich yn. De weinen rattelen oer de telle en de beesten raesden.
nl.verhalenbank.28787
By de grouwe beam yn 'e Harkema spoeket it. Sy ha dêr fan alles sjoen: in wite juffer, dy't ek samar wer wei woarde, en dêr't de minsken allerheislikste kjel fan woarden; in lyts katsje, dat ek samar wer wei woarde; in greate, swarte houn.
nl.verhalenbank.22094
By de dikke beam yn 'e Harkema is ris ien formoarde woarn. Froeger roannen dêr paden lâns skean oer 't lân. Nachts siet dêr by dy beam altyd in hiel âld-minske. Dat wie deselde dy't se dêr formoarde ha. Hja spûke letter.
nl.verhalenbank.26235
Joaste Antsje har fanke (Harkema) woarde op in joun troch in bigge nei hûs ta brocht. It wie in spoekdier. Sy hat it my sels forteld.
nl.verhalenbank.12350
178