Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
158 results
Place of Narration: Drachten
Op 'e Skieding is in poeltsje, dat neame se de Janke-dobbe. Dat is neamd nei in sekere Janke, dy't dêr fordronken is. Nei dy tiid spûket Janke dêr. Guon biweare dat se har dêr by joun omdwelmjen sjoen ha.
nl.verhalenbank.36952
Heit fortelde dat yn 'e Tynje, dêr spoke in hynder mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.33630
Tusken Surhuzum en Harkema wie 't froeger allegear heide. Dêr roan in skeanpaed oer, dêr stie doe net in hûs oan. Jouns, nei healwei tolven spoeke dêr op dat skeanpaed altyd in mot mei tolve bichjes.
nl.verhalenbank.19620
Auke Hornstra Rustoord, Drachten (B99) (komt fan Goutum (B57a)) fortelt: Yn Goutum wie in hûs, dêr spoeke it. Dêr dounse in pispot by in frou op 't bêdsbuordtsje.
nl.verhalenbank.25497
Yn Aldegea spûke froeger by nacht de hear mei de skoffel dy't op it slot wenne hat. Hy waerd yn 'e omgeving fan it slot sjoen.
nl.verhalenbank.36776
As in houn spûkgûlt, komt der in deaden. Dat gebeurt binnen trije dagen. Sa'n houn sjocht dat. Op 'e Pipe (to Drachten) hat de houn ek fan tofoaren gûld, doe't âlde Fokke dêr stoarn is.
nl.verhalenbank.29643
Men mat noait hwat oan in stjerrende bilove, hwant it kin us wêze, dat men it net folbringe kin. Dan komt de deade werom en kriget men der lêst fan. De deade hat dan gjin rêst.
nl.verhalenbank.23018
Boppe Bakkefean by de Mandewyk spoeke it ek. Dêr sloegen se de hiele joun tsjin 'e blokken, as men dêr lei mei 't skip.
nl.verhalenbank.29303
Der wienen ek guon dy ha by 't Blauhûs in beest sjoen, great en swart en dat rattele mei kettings.
nl.verhalenbank.37920
Wat dat nou voor een idee was van een deel mense, maar 's nachts om twaalf uur mocht je niet in het paardepad komme, zeje ze. Dan zagge ze anderhande spoke.
nl.verhalenbank.70261
Wy leinen noait mei 't skip foar de Miuwmerswyk, as it mar eefkes koe, hwant dêr gong 't altyd op in spûkjen. Dêr wienen altyd alderhande lûden. Sy sloegen dêr nachts yn 'e skoat om en sy sloegen tsjin 'e blokken oan of sy goaiden in boom om, wylst der doch neat to sjen wie.
nl.verhalenbank.29300
Berntsjes dy't gjin deaklean meikrigen ha, spûkje ek. Dy kinne de rêst net krije. Yn 'e Boelensloane wienen sokke berntsjes. Dy wienen neaken. Guon ha har sjoen.
nl.verhalenbank.37926
Op 'e Suderdwarsfeart wie it Boskpaedtsje, dat roan nei de Skieding ta. Dêr spoeke it altyd. Dêr roan in frommes mei jok en amers.
nl.verhalenbank.27512
Yn 'e Houtigehage stie in hûs, dêr spûke it yn. Dêr yn dat hûs ha in soan en in dochter har beide fan kant makke. Sûnt dy tiid spûkje dy beiden dêr. 't Is noch famylje fan my.
nl.verhalenbank.37925
Se seinen altyd, by nacht roannen der in pear wite juffers fan Topwear nei Surhústerfeansterheide. Dat wienen spoeken. Dêr wienen guon bang foar.
nl.verhalenbank.27505
Op 'e Oene-Hindriksreed spoeke it. Guon hienen dêr wol ris hwat sjoen. Alde Hinse hie syn boadskipkes dêr ris forspile. Dêr hie hwat west, doe wie Hinse fan binaudens útnaeid. "Doe bin 'k de oare kant omflein", sei er. "Gean der moarnier mar hinne om to sjen." Doe hie syn doekje mei boadskippen dêr noch lein. Guon hienen dêr ris hwat lâns fleanen sjoenen.
nl.verhalenbank.25412
As in houn spûkgûlt, dan komt der in deaden. Ik ha 't sels fan ûnderfining. Wy hienen in houn dy hiet fan Bruno. Dy siet op in dei hyltyd to spûkgûlen. Hy hâldde mar noait op. "Dy forrekte houn", sei 'k. Even letter stoar mem oan in hartforlamming.
nl.verhalenbank.26119
Yn Drachten wenne froeger in man, dy wie mei de helm geboaren. Dat wie Joeke Spûkgûler. Dy sei tsjin 'e minsken: Tink der om, noait midden op 'e wei stappe, oars kinne der spûken op jim takomme.
nl.verhalenbank.36646
By de Houtigehaechster wyk (= Skoallewyk) wenne âlde Karst. Dêr hat in jongfaem har al ris ophong. Yn 'e skuorre. Sûnt dy tiid spûke it dêr. Wy doarsten dêr jouns net lâns.
nl.verhalenbank.24685
Oan 'e Boppeste-Rottefalle hat in pleats stien, dêr't nou it hûs fan Jan Veenstra is. Dy pleats is froeger ôfbrând. In soad minsken doarsten dêr jouns net lâns, hwant dêr spûke it.
nl.verhalenbank.37809
160