Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
3,824 results
Organizations: Meertens Institute
Hjir yn Burum wie froeger in dobbe, dêr spoeke it. Twa famkes mei reade skelkjes foar kommen dêr nachts út dy dobbe wei en spoeken dêr om. Dy wienen dêr fordronken. Guon wienen dêr binaud foar.
nl.verhalenbank.28143
To Hurdegaryp, by de villa fan dokter Bontekoe hat in hekke stien dy gong alle nachten fansels iepen. Sy ha him noait ticht hâlde kind, wie 't sizzen altyd.
nl.verhalenbank.32682
It is rounom bikend dat de hekke fan Bennema-State to Hurdegaryp net ticht bliuwe koe. Die men him jouns ticht, dan wie er de oare moarns wer iepen.
nl.verhalenbank.31638
Myn broer Sjoerd wenne yn in woanwein, dy stie op 't kleaster. Doe woarde de wein samar ynienen hiel bot hinne en werskodde sûnder dat der in minske yn 'e buert wie. En 't wie blêdstil waer.
nl.verhalenbank.26230
Froeger leaude men hjir algemien: hwannear't der in houn spûkgûlde, kaem der in lyk. Op Smelle Ie is 't gebeurd dat der alle jounen in houn mei de kop oer 't wetter hinne stie to spûkgûlen mei de kop omheech. Fuort dêrnei kaem dêr in pream lâns farren mei in lyk der yn.
nl.verhalenbank.30452
Yn Feanwâlden wenne in âlde hear yn in stins. Doe't dy dea wie koed er de rêst net fine. Hy hie in skat yn 'e groun. Dêr ried er nachts altyd hinne.
nl.verhalenbank.36745
Ik haw wol ris heard dat as ien weromkaem, dy't al stoarn wie, dat se der dan in doomny by hellen, dy't freegje moest hwat de bigearte wie.
nl.verhalenbank.34608
Op 'e Godloaze Singel leit dy skatkiste mei jild bigroeven. De lju kinne him noait út 'e groun wei krije, hwant as se bigjinne to dollen en de lodde rekket it lid fan 'e kiste, dan sakket dy kiste nei ûnderen.
nl.verhalenbank.31016
Op it Surhuzumer âld tsjerkhôf, dêr roan altyd in fôlle om. Guon koenen him nachts fretten hearre op 't tsjerkhôf. Wobbe Kûper wenne der njonken, dy hat him dêr wol sjoen.
nl.verhalenbank.26218
Oan 'e oare kant de Hegewei - tusken de Hegewei en de Eibertgeasten wie froeger in boskje. Yn dat boskje, seinen se, spûke altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.29473
As in houn spûkgûlt stjert der gau ien dy't tichteby wennet. Gewoanlik duorret it in dei of trije.
nl.verhalenbank.27310
As der ekstergeskatter om 'e doar is bitsjut dat meastal in deade. As de hounen spûkgûle, komt der ek in lyk.
nl.verhalenbank.37842
As eksters skatterje yn in beam by hûs, dan giet der ien dea. As de houn spoekgûlt giet der ek ien dea. As de kat him wasket, komt der bisite.
nl.verhalenbank.16126
By de Krúswetters hienen jy de langesleatterman. Dy spûke dêr. Net in skipper doarst it skip dêr fêst to lizzen. Nachts waerden de skippen losmakke troch de lange-sleatterman. Dy smiet de ankers op it dek fan it skip.
nl.verhalenbank.29498
Ik ha wol yn Grinslân op 'e klaei yn in spûkskuorre slept. Dêr wie 't nachts altyd lawaeierich yn. De weinen rattelen oer de telle en de beesten raesden.
nl.verhalenbank.28787
Wat dat nou voor een idee was van een deel mense, maar 's nachts om twaalf uur mocht je niet in het paardepad komme, zeje ze. Dan zagge ze anderhande spoke.
nl.verhalenbank.70261
Ik ha wolris heard fan guon, dy't de deaklean net meikrigen hienen, dat sokken har letter ek wer oppenearren. Dêr woarde dan ek in doomny by helle en dy makke dan dat de saek torjochte kom. Dy spruts de deade oan.
nl.verhalenbank.29466
Wy leinen noait mei 't skip foar de Miuwmerswyk, as it mar eefkes koe, hwant dêr gong 't altyd op in spûkjen. Dêr wienen altyd alderhande lûden. Sy sloegen dêr nachts yn 'e skoat om en sy sloegen tsjin 'e blokken oan of sy goaiden in boom om, wylst der doch neat to sjen wie.
nl.verhalenbank.29300
Dêr't de grifformearde tsjerke yn Surhuzum stiet, dêr spoeke it altyd. Hwàt der spoeke, wyt ik net. Mar der wienen froeger nochal hwat minsken, dy doarsten dêr by joun net lâns.
nl.verhalenbank.20683
By de grouwe beam yn 'e Harkema spoeket it. Sy ha dêr fan alles sjoen: in wite juffer, dy't ek samar wer wei woarde, en dêr't de minsken allerheislikste kjel fan woarden; in lyts katsje, dat ek samar wer wei woarde; in greate, swarte houn.
nl.verhalenbank.22094
4172