Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: vader Place of Narration: Drachten
Der wie in faem, dy hie in berntsje krige. Hja hie der gjin man foar. Doe hat se dat bern foar de bargen smiten. Mar letter, as hja de bargen fuorje moest, dan forskynde dat bern altyd wer as geest. Dan lei it de hantsjes om 'e rânne fan 'e trôch hinne.
nl.verhalenbank.19858
Auke Douwes wenne mei syn dochter yn in aek op Foanejacht. Dêr wie doe noch net in brêge. Hy wie ris op in joun nei in kerkeraads-forgadering, wylst wie de dochter allinne thús. Doe moest der ien oerset wurde. Hja foer dwarsoer mei de boat. Hja wie der oan ta, doe sonk er foar har yn 'e groun. Sy is dwarsoer stoud op Earnewâld yn. Doe hat se fiif folle...
nl.verhalenbank.24850
Us heit hie in broer, dat wie Willem Meijer. Willem stokje neamden se him altyd. Dy forlear syn earste frou. Hja hienen in dochter, dat wie Geeske. Doe't hja forstoar sei se, Geeske, har âldste dochter, moest al har klean ha. Mar dat gebeurde net. Letter kom dy earste frou alle jounen yn 'e keamer. Doe ha se de doomny der by helle. Dy hat in gebet dien en...
nl.verhalenbank.26043
Der wie in feint, dat wie noch famylje fan my. Dy hie forkearing mei in faem, dy wenne op 'e Trije Roede. Hy hie dêr op in joune west, doe hied er sein: "Sjoch, dêr giet noch ien hinne." 't Like hiel fremd. It sweefde mear as dat it roan. Hy sei tsjin 't fanke: "Hwat is dat? Dy giet nei jimmes ta." "Ja," sei se, "dat is ús mem." (Hja wie al in skoft dea)....
nl.verhalenbank.25165
Us heit hat ris ien kear in spoek sjoen. Dat wie oan 'e Boskwei. Dêr spoeke it trouwens altyd tusken de diken. Hwat it west hat woarde er net gewaer, mar 't wie wyt en 't forweegde. Dan wie 't wer hwat greater, en dan wer lytser. Heit wie bang woarn. Hy hie de klompen ûnder 'e earms nom en hie roan sa hurd er koe.
nl.verhalenbank.35912
Us heit mocht graech in buorrel en dan gebeurde it wol dat er dronken thús kaem. Dan wie mem mar hwat bang foar him omdat it dan wolris raer gong mei him as er thús wie. Op in kear sieten mem en ik yn 'e hûs. Wy wachten op heit. Wy hienen in losse trap dêr't wy mei op 'e souder komme koenen en doe op in stuit woarden mem en ik beide kjel. De trap foel om...
nl.verhalenbank.37012
Frou Korenga fan Oldekerk hie in nicht, dy har heit wie in forkearden-ien en in hiele raren. It wie in losbol en in sûper en hy siet soms heale dagen yn 'e kroech. Op in joun gong dy nicht de Londense wei del om har heit op to heljen. Sy gong by frou Korenga oan. "k Ben ongerust over pappe," sei se, "hij komt maar nooit thuis." Sy frege of frou Korenga...
nl.verhalenbank.19623
7