Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: lopen Place of Narration: Twijzelerheide
Der wienen ris twa man, dy woenen ien bang meitsje. Sy seinen tsjin him: "Doarstû by nacht wol allinne op it tsjerkhôf to kommen?" "Wiswol," sei de man, "hwerom net?" Doe praetten se ôf, dy nachts om tolve ûre soe dy man oer 't tsjerkhôf rinne. Die er it, dan krige er in flesse drank; as hy der foarom krûme, dan moesten hja in flesse drank ha. It paed...
nl.verhalenbank.28536
By Agehekken, op 'e hoeke fan it Wyldpaed, spûke it altyd. As bern wienen wy dêr deabinaud. Dêr roan jouns in wyt famke om.
nl.verhalenbank.38641
Myn mem wenne by har âlden yn in âlde spitkeet achter 't âld tsjerkhôfke fan Twizelerheide. Us mem kaem út 'e keet wei en stapte de heide oer. Doe wie 't tsjuster. Doe stapte der in hiel lyts mantsje njonken har de reed del. Us Antsje-muoi wenne in lyts eintsje fierder. Dêr kaem mem ta de doar ynfleanen. "Dêr is in mantsje by my," rôp se, "en dat wurdt...
nl.verhalenbank.38631
Goaitsen - dy wennet hjir yn 'e buert - fortelde my ris, hy hie hjir ris hwat sjoen op dit lân hjir njonken. Hwat it wie koed er net sjen, mar it like nuver, sei er. Hy tocht: ik mat goed sjen of it sloft of as it sweeft. Sweeft it, dan doocht it net. "It sweefde", sei er. "Doe tocht ik: set sokken." En hy naeide út.
nl.verhalenbank.38632
Guon minsken seagen lykstaesjes fan tofoaren. Letter stoar der dan ien, dêr't hja de bigraffenis al fan sjoen hienen. Ien fan 'e bikendsten hjir wie Bontsje Knjillis. Dy wie mei de helm geboaren. Hy wenne by 't spoar. Hy woarde nachts opjage. Dan moest hy der út. Dan moest er in lykstaesje sjen. Dan roan er soms om 't leven. Dan sieten se him achter. Dan...
nl.verhalenbank.38627
5