Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
16 results
Place of Narration: Zandbulten
Op 't Formanjepaed ûnder Damwâld tsjoenden twa neakene berntsjes om. Dy hienen gjin deakleantsjes meikrigen en koenen sadwaende de rêst net fine.
nl.verhalenbank.25122
Myn oerpake wie in kear op 't lân oan 't ploegjen tichte by de Boppewei (tusken de Westerein en de Feanwâldster wei). Doe seach er dêr op 'e Boppewei ynienen in wyt hynder oankommen mei in wite juffer der boppe op. Dy ried op him yn. Pake waerd deabinaud. Hy seach it hynder en de juffer hiel dúdlik. Doe seach er krekt even in oare kant út. Doe't er wèr...
nl.verhalenbank.25081
Der wenne in feint by in boer, dy feint hie sa'n duvelboek. De boer stjûrde him nei 't lân to dongstruijen. Mar dy feint gong moai yn 'e sinne lizzen. Doe't er sa in skoft lein hie, krige er it duvelboek en bigong der yn to lêzen. Doe kommen der allegear âlde roeken op 't lân en dy bigongen to dongstruijen. Yn in healûre wie alle dong oer 't lân. Doe...
nl.verhalenbank.27459
Op 'e Boppewei, tusken de Westerein en de Falom, roan altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.25116
Yn 'e Westerein spûke altyd in frommes om nachts, dy wie yn 't swart klaeid. Sy kom fan 't tsjerkhôf. Ik ha se wit hoe faek sjoen. Dan kuijere se de wei lâns en gong troch in sleat hinne. Sa gong se nei har eigen húske ta. Sy wie al stoarn. 't Wie 't wiif fan Gerben. Hja hie skulden makke doe't se noch leefde. Har man Gerben hie biloofd, hy soe dy skulden...
nl.verhalenbank.24059
Myn pake Harm Alles kom yn Feanwâlden by beppe, doe wienen se noch net troud. Beppe wenne oan 'e Hauke-wei. Op in joun doe wie er dêr wer hinne west. Hy gong werom, oer de Boppewei (tusken de Westerein en de Falom) en kom sa by 't Skilige Pypke. Doe't er dêr west hie bleau er even stean en stoppe syn pipe. Hy krige de tonderdoaze en sloech fjûr. Doe hie...
nl.verhalenbank.25286
Der wenne in feint by de boer. Dy wie de luije kant it neist. Hy hie in toverboekje. Op in kear doe moest er nei 't lân ta to dongstruijen. Mar hy die neat. Hy gong gewoan yn 'e wâl lizzen. De boer hie al in pear kearen nei him ta west om to sjen hoe fier hy wie. Mar de bultsjes stienen der allegear noch. Doe't it hast iterstiid wie seach de boer dat dy...
nl.verhalenbank.25642
De oerpake fan beppe Hiltsje van der Weide dy wie nei Feanwâldster merke. Hy siet dêr yn 't café. Hy hie tofolle hawn en swetste en swearde nochal hwat. Hy wie foar neat bang, sei er. 't Woarde al letter. "Dû mast ek fuort," seinen se tsjin him, "hwant dû mast de Boppewei del, en dû wytst wol, dêr spûket it." Doe sei oerpake mei in grou flokwurd: "As dêr...
nl.verhalenbank.25082
Op 'e Boppewei by de Westerein roan in fôlle mei in brijpot yn 'e bek.
nl.verhalenbank.27445
By de skilige piip, seinen se, siet in skat yn 'e groun. Dêr hat froeger in slot yn 'e buert stien. De hear fan dat slot spûke dêr letter noch om, seinen se.
nl.verhalenbank.27450
To Hurdegaryp wie in hekke, as se dy jouns ticht dienen, wie er de oare moarns stéfêst iepen. Dêr moat us hwat gebeurd wêze.
nl.verhalenbank.24838
Greate Tsjalling wenne op 'e Broek. Syn wiif Tryn kom to forstjerren. 't Wie in earme húshâlding; der wienen trije bern. Tryn hie hwat jern achterút. Dat hie se opgarre. Twa fan 'e famkes - Martsje en Jantsje - soenen dêr in pear hoaskes fan ha. Mar dat gebeurde net. Der wienen sokken opset fan dat jern foar Tsjalling. Tsjalling hie in pear skiep. Doe...
nl.verhalenbank.25121
Der roan froeger in feart by 't sûkerijfabryk fan Prakken lâns fan 'e Broek nei Damwâld. Dêr is in paed by lâns, dat wie doe noch allegear modder. Dêr seagen se froeger altyd twa neakene berntsjes. Dy wienen dêr bidobbe woarn sûnder dat se bierklean meikrigen hienen. 't Wie sahwat by de opslach. Dat paed hyt it Formanjapaed.
nl.verhalenbank.27446
As in houn spûkgûlt, mat der ien stjerre. As de katûl ropt ek. As de spinnen tikje tsjin 't bihang (wylde horloazjes), dan komt der ek in sterfgefal. "De wylde horloazjes tikken my wer sa yn 'e mûtse," sei mem, "ik wist wol dat der in sterfgefal komme soe." (doe wie der in famyljelid stoarn) As de spegel falt, dan gebeurt der hwat slims. As de eksters...
nl.verhalenbank.25119
Alde Tabe Kooistra fortelde ris, hy en Koen hienen achter Kollum wenne, doe hienen se ris op in joun to praten west. Der lei snie, 't wie yn 'e winter en de wegen wienen iensum. Hja hienen kaertspile. 't Wie moai ljochtmoanne-waer. "Hea," sei Koen, "dêr komt ek noch ien oan." Hwat tichterby dyselde kom, hwat greater hy woarde. Op 't lêst wie 't in...
nl.verhalenbank.27433
Myn oerbeppe Foeke Hiltsje wie in skipperske. Se foeren us in kear om turf. Dat wie boven Beets. Pake en beppe ha noait op 't skip west. Foar de aerdichheit farde mem dy kear mei. Mem wie noch in famke. 't Wienen dêr boven Beets allegear wiken mei fonderkes en plankjes der oer. 't Wie op in joune moai ljochtmoanne-waer. Doe sei myn oerbeppe tsjin mem:...
nl.verhalenbank.25292
16