Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
29 results
Place of Narration: Rottevalle
Der wienen ris twa jongfeinten, dy woenen de kloklieder bangmeitsje. Se gongen boven op elkoar stean tsjin 'e muorre fan 'e tsjerke oan. Dêr moest de koster lâns. Dy hie fuort yn 'e gaten hwat der to rêdden wie en sei: "Ik ha wolris twa op elkoar sjoen, mar noch noait trije." Doe woarden de twa jongfeinten bang en naeiden út.
nl.verhalenbank.36118
Op 'e hoeke fan 'e Mûzegroppewei roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.29599
Yn it Spûkeloantsje op it Wytfean spûke froeger in fôlle mei in brijpot om 'e hals. 't Is in sydloantsje fan 'e Mûzegroppewei. Wigers Jits (widd. Benediktus) hat dy fôlle dêr in pear kear sjoen by nacht.
nl.verhalenbank.29570
Sweitse de Wit seach oan 'e Terpstra-wei - sydpaed fan 'e Spekloane - by tsjuster altyd in fôlle rinnen, dy't dêr omspoeke.
nl.verhalenbank.20975
Der wienen ris twa jongfeinten, dy woenen ris ien bangmeitsje. Hja wisten, dat er de jouns by de tsjerke lâns moest en doe dienen se even fan tofoaren elk in wyt lekken om en doe gong de iene by de oare op 't skouder stean, tsjin 'e muorre fan 'e tsjerke oan. Mar de man dy't dêr oan kom wie net bang. Hy roan op 'e beiden ta en hy bleau der foar stean en...
nl.verhalenbank.34454
Auwert-omme wie nei in houtforkeaping en lânforhiering op Nijtap. Froeger roannen se altyd en dat die Auwert-omme ek (fan Rottefalle). Hy woe in perseel hout ha. Doe't de houtforkeaping ôfroun wie, roan er allinne fan Nijtap de achterwei del. Dat wie doe noch in sânreed. Nou seit men der tsjin Leidyksloane. Doe't er in pear hondert meter roun hie, seach...
nl.verhalenbank.29578
By ús yn Aldegea roan froeger nachts op 'e Heawei in fôlle mei in brijpot om.
nl.verhalenbank.27744
Op 'e Mounehoek yn Aldegea (op 'e Sânbuorren) dêr roan froeger in wite dame. Dy spoeke dêr.
nl.verhalenbank.27758
Doe't ús mem net mear op har sels wêze koe kom se by Schoppert op Wilhelmina-hoeve yn in keammerke ûnder Grinzer Pein. Dêr wie in minske yn dat keammerke forstoarn. Op in kear fortelde mem my: "Dat minske dat hjir yn dit keammerke forstoarn is, hat by my west. Ik seach har stean en ik hâldde it gesicht op har. Hja hie sokke moaije klean oan." "Wie mem net...
nl.verhalenbank.32825
As in houn spûkgûlt, dan duorret it net lang of dêr komt in deaden yn 'e buert.
nl.verhalenbank.29609
Oan it paed fan Boelensloane nei it Blauhûs wie op it lêste ein in hulzen hage. As ik en myn broer dêr lâns gongen wienen wy altyd deabinaud. Hwant dêr spoeke altyd in grouwe, swarte houn, seinen se. Dat wie in pleachbeest. Ik ha gelokkich noait hwat sjoen.
nl.verhalenbank.27718
By de Fûgelkamp yn 'e Harkema spûke it froeger altyd. Yndertiid binne dêr fjouwer berntsjes yn in hûs forbrând. Letter spûken dêr altyd fjouwer lytse neakene berntsjes om.
nl.verhalenbank.27719
As der in houn spûkgûlde bitsjutte dat dat der ien deagean soe. As de swarte roeken om 'e doar kamen bitsjutte dat in sterfgefal. 't Wie de foarboade fan 'e rou.
nl.verhalenbank.37464
Op 'e Bomkleasterwei, de kant nei de Ham út, yn 'e Harkema, dêr spoeke in hiele grouwe, swarte houn; in houn as in keal.
nl.verhalenbank.33003
As eksters skatterje tichte by in hûs, dan komt dêr in sterfgefal. Spûkgûlt dêr in houn, dan is it krektengelyk.
nl.verhalenbank.27706
Tusken Beetstersweach en Lippenhuzen yn 'e bosk, dêr is froeger in soldaet formoarde. Letter, seinen se, spûke dêr in soldaet om sûnder kop en dy rattele dêr altyd mei syn bajonet. Guon wienen dêr bang foar en doarsten dêr froeger net lâns.
nl.verhalenbank.37460
To Hurdegaryp wie in homeije, dy stie altiten iepen. Dy koe net tichtbliuwe. Ik ha dy hekke noch noait ticht sjoen.
nl.verhalenbank.29598
By Earnewâld spûke de lange Sleatterman. As dêr in skip oan 'e wâl lei woarden midden yn 'e nacht de spitten út 'e groun helle en op it dek smiten. Dan lei it skip los. Dat wie it wurk fan 'e lange Sleatterman.
nl.verhalenbank.36108
By de dikke beam oan 'e Bomkleaster wei yn 'e Harkema spoeke in man, dy stie dêr altyd yn 'e daem. In protte minsken doarsten dêr jouns net lâns.
nl.verhalenbank.32971
Yn 'e Houtigehage roun in houn yn 'e dykswâl om mei in koperen tabaksdoaze dwars yn 'e bek. Dy roan dêr mar hinne en wer. In spoekhoun. Hy joech ek lûd. Guon dy't him dêr ris seagen, woarden sa binaud, dat sy fluchten meielkoar op bêd.
nl.verhalenbank.34450
30