Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
20 results
Place of Narration: Mûnein
To Broeksterwâlde roan soms in gleone fôlle. Dat wie in spûk.
nl.verhalenbank.36403
Oan 'e dyk to Readtsjerk spûken wite wiven, nei't se seinen. Dy dounsen dêr nachts om.
nl.verhalenbank.32288
Op 'e Sumarreheide wie in boereplaets, dêr dounsen nachts neakene berntsjes om in skuorrestile hinne. Men woe wol ha dat dy berntsjes dêr formoarde woarn wienen en de rêst net fine koenen.
nl.verhalenbank.30351
Oan 'e Reidfjildsdyk spoeket in wite dame. Douwe jager (= Feddema) hat har wolris sjoen.
nl.verhalenbank.36614
Op 'e Godloas singel spûket it. Dêr is ris in man formoarde. Sûnt spûket er dêr.
nl.verhalenbank.36619
Op 'e Antsjemuoi-lannen op 'e Sumarreheide spoeken wite wiven.
nl.verhalenbank.30353
Dyselde Feddema wenne oan 'e Tienewei ûnder Broeksterwâld. Op in joun doe wie er wer oan 't murdejeijen, dan kaem er by in boerepleats, dêr yn 'e buert. Doe stapte dêr in frommes om 'e pleats hinne. Hy tochte: hwat mat dy dêr nou noch sa let yn 'e nacht. It makke him nijsgjirrich. Hy woe witte hwa't dat wie. Doe't er op in koarte distânsje der by wie,...
nl.verhalenbank.30028
To Hurdegaryp stie it slot fan Bontekoe. Dêr wie in hekke by dat slot dy koenen se nachts noait ticht hâlde. Der wienen ûnbikende machten dy makken him wer iepen.
nl.verhalenbank.36464
De Pasterijelannen fan Sumarreheide doarst by nacht hast net in minske lâns. Dêr spoeke altyd in grouwe, swarte houn. Fral yn 'e bocht wie 't gefaerlik. Dêr hienen forskate minsken hwat sjoen.
nl.verhalenbank.30313
Yn Sumar spûket in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.30334
By de Skilige Piip is ris ien formoarde woarn. Letter spûke dyselde dêr altyd noch om.
nl.verhalenbank.30356
Evert Tsyske wenne yn 'e Sumarreheide. Hy hie in jonge, dat wie Age. Dy wenne by him yn 'e hûs. Dat wie in hiel raer man. Liuwe de Haan hie in kroech yn Garyp-Sigerswâld. Dy kroech stie oan in paedtsje. Dêr siet Age in protte en dan sei er it raer op. Syn maten seinen: "Dû mast mar hwat foarsichtich wêze." Mar hy sei: "Ik jow om neat." Doe wied er op in...
nl.verhalenbank.30332
Evert Tsyske roun mei tsiis. De tsiissek hied er op 'e rêch. Hy wenne yn Sumarreheide. Dêr wenne Hart Boonstra ek. Dy hie in dochter by him yn 'e hûs, dy wie by de man wei. Dy dochter wie fan dy man yn forwachting en krige in bern. Der wie gjin dokter by de bifalling en dat berntsje rekke dea. Doe't it skimerjoun wie gong Hart mei dat deade berntsje nei...
nl.verhalenbank.30343
Der wenne in man to Aldegea, dy syn frou wie stoarn. Hy hie it minske op har stjerbêd biloofd, dat hy soe net wer trouwe as se dea wie. Mar hy die it al. Hy troude wer. Nachts lei er by syn twadde frou op bêd. Op in kear sei er tsjin dy twadde frou: "Ik wol net wer by dy sliepe. Ik wol op in apart bêd, datstû foar my rémeitsje mast." Doe frege dy frou...
nl.verhalenbank.30350
Wibe Paulusma (lytse Wibe) wenne yn Sumar. Hy hie forkearing mei Frouk, dy't op Sumarreheide wenne. Ik wie doe by Frouk en dy's folk yn 'e kost. Op in nacht, doe hie Wibe wer nei Frouk ta west to frijen. Doe't er werom gong, stie der ynienen in hiele greate swarte houn dwars foar him. 't Wie in houn as in great keal mei hiele greate, gleone egen. Wibe...
nl.verhalenbank.30314
De lange Sleatterman hat froeger yn Earnewâld wenne. Hy is fordronken yn 'e Krúswetters en sûnt spûket er noch by de Saiter om. As dêr in skip lâns komt yn 'e nacht, dan stapt er op it skip en dan giet dat skip ûnder. Dêrnei giet er nei de oare kant. Hy brûkt dus sa'n skip as brêge. Skippers doarre dêr net lâns to farren by nacht.
nl.verhalenbank.30333
By Bennema-State to Hurdegaryp wie in hekke dy't altyd iepen stie. Hja ha der wol in slot op dien mei swiere kettings. Dat joech neat, even letter wie de hekke wer iepen.
nl.verhalenbank.30349
Yn 'e Broek roan in swarte houn. Dy spoeke dêr; in soart fan pleachbeest. Guon ha him dêr sjoen.
nl.verhalenbank.36616
As bern jouns let noch bûten wienen, en se woenen net yn 'e hûs, dan waerd der tsjin har sein: "Tink der om, yn 'e hûs, de wâlhounen pakke jim!"
nl.verhalenbank.32289
't Wie yn 'e tiid dat Talma en Troelstra de boer op gongen to sprekken. Dat gebeurde ek in kear to Moarmwâld. Master Riemersma fan Gytsjerk moest oan 'e Nieuwe Rotterdammer Courant forslach útbringe fan it debat. Hy moest earst fan Gytsjerk nei Tytsjerk ta rinne. Dan stapte er yn Tytsjerk yn 'e trein en ried nei Feanwâlden ta. Yn Feanwâlden stapte er yn...
nl.verhalenbank.30026
20