Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
84 results
Place of Narration: Opende
Yn Grootegast woonden in man en in frou in een mooi hearehûs. De frou was een van der Maar en kwam fan Gaarkeuken. De man soop so, hy was alle doagen smoardronken. As hy thuus kwam dan sloeg hy syn frou so dat se 't útroasde. Se seiden teugen hoar: "Goa bij him weg", moar se deed 't niet. Dat ging so heel lang. Altijd moar weer sloeg hij hoar. Op 't lest...
nl.verhalenbank.27029
Duveldrek hienen de minsken hjir froeger ûnder 'e drompel fan 'e doar. De bern hienen duveldrek yn in pûdtsje om 'e hals. Wy makken in krús foar de doar as der in tsjoenster oankaem.
nl.verhalenbank.26339
De bargen krigen hjir froeger altyd duveldrek ûnder 'e trôch. Dan soenen de tsjoensters gjin fet op 'e bargen krije kinne.
nl.verhalenbank.27999
Sy dienen froeger hjir altyd duveldrek ûnder 'e drompel, dan koe de tsjoenster net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.27542
Albert Gjaltema fan Gr. Pein hie in wikseldaelder, seinen se. Dy hie altyd wol sinten.
nl.verhalenbank.31928
Jochum v.d. Berg kom us in kear út it café fan Goaitsen Jager. It gong mei Jochum op in swearen en donderjen. In keardel pakte him - de duvel? - en bouns! dat wie yn 'e wyk.
nl.verhalenbank.26920
Der binne plakken, dêr doarre de skippers noait to lûken hwant dan komt der ien njonken harren, dy lûkt mei, sûnder dat se him sjen kinne. Dan giet it ynienen hiel licht. Dan binne se deabinaud, hwant it is de kweade, dy't dan meilûkt.
nl.verhalenbank.25970
In wikseldaelder kregen je fan 'e duvel. 't Was een rijksdoalder. Je mocht hem niet helemoal uutgeven, wel op één cent noa. Je moest altyd oppassen dat je der wat fan over hield. Dan werd het altyd weer een rijksdoalder.
nl.verhalenbank.27331
Gurbe Steensma fortelde, hij was us op in keer in Almelo te mollefangen, toen had hij doar in een hokje sloapn, dat in 't land stond. Toen was doar de hiele nacht een lyts swart keardeltsje bij him west; dat had doar in 't hok omdânse.
nl.verhalenbank.26984
Om in tsjoenster to kearen leinen se duveldrek ûnder 'e drompel. Ek wol lei men in fleartûke oer de drompel. Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in nachtmerje. Fan sawn op elkoar folgjende jonges is ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.38006
In nachtmerje wie in frommeske, dat troch 't slotsgat gong. 't Wie faek in âld-wyfke. Om gjin lêst fan in nachtmerje to hawwen die men duveldrek op 't boarst. Men sette ek de toffels achterstofoar foar 't bêd.
nl.verhalenbank.26989
Piter Scheper wenne oan 'e Folgersterloane, tichte by Drachtster Kompenije. Hy wie duvelbander. Mar sy kommen ek by him as se de hannen forknoffele hienen of in finger út it lid of sa. Piter sette se dan wer.
nl.verhalenbank.16137
Syn soan joegen se 't selde nei. Dy kom ris in kear thús, doe wie him de hiele kop toklaud. "Hwat mankeart dy?" fregen se. "De duvel hat my fannacht tamtearre", sei er.
nl.verhalenbank.38022
't Gebeurde ek, dat der ien in drankje helle hie fan 'e duvelbander. Doe moest er ûnderweis út 'e broek. Wylst er dêr siet, kom der in hazze oanrinnen en dy fleach tsjin 't drankje oan. Doe rekke 't drankje stikken, dat doe moest er werom. Dy hazze hat de tsjoenster west.
nl.verhalenbank.26342
Frijmitselers geane op in nuvere wize dea. Hja binne yn 'e macht fan 'e duvel. Ien is ris dea rekke doe siet er op 'e stoel mei de nekke omdraeid. Frijmitselers rintenierje altyd.
nl.verhalenbank.37448
Sipke Alberts fan de Pein seach ris yn Fryslân, tichte by Surhústerfean, trije man njonken elkoar op 'e wei rinnen. De middelste foel samar ynienen dea del. Dat wie de duvel, dy't dat dien hie, sei Sipke.
nl.verhalenbank.31920
Ien dy't mei de helm geboaren is, is kûgelfrij. Frijmetselers binne ek kûgelfrij. Frijmitselers binne oan 'e duvel forkocht. Sy ha noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.27548
As de tsjerne bitsjoend wie en it woe net bûterje, dan moest men duveldrek ûnder 'e drompel dwaen en men moest de tsjerne bjinne mei wyt sân fan in krúswei.
nl.verhalenbank.19514
Heit hie altyd in stik duveldrek yn 't drinken fan 'e bargen, oars wied er bang dat se bitsjoend woarden.
nl.verhalenbank.24132
Froeger hadden wij altyd duveldrek onder 'e drempel. Dat was wegens de tsjoensters. Wy haddn ook wel een stukje duveldrek in een lapke op 't borst.
nl.verhalenbank.24404
85