Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 results
Dutch Keywords: drank Place of Narration: Opende
Hjir yn 'e Pein is ris ien smiten woarn. Dy kom út 'e kroech wei. Hy sei: "Ik bin foar gjin duvel bang." Mar doe pakte de duvel him.
nl.verhalenbank.26994
As ien dronken wie en him mâl tjirge ensa, koe 't gebeure, dat de duvel him even letter yn 'e sleat smiet.
nl.verhalenbank.19505
Der wie in fint dy swearde en swetste altyd bot. Op in kear kaem er út 'e kroech. Doe hied er bot flokt en sein: "Ik bin foar de duvel net bang." Dy fint dat wie in koopman, hy handele yn gongelstokken. 't Wie de jouns let doe't er út 'e kroech kaem. 't Gebeurde hjir yn 'e Pein. Hy wie op wei nei hûs ta. Doe't er op 'e Skieding wie kaem der in swart beest...
nl.verhalenbank.37577
In Niebert in café Vermeulen woaren us op in oavend zes man. Die hielden doar in fergoadering. Sy spilen dêr mei kaerten. Deselde dy't woun, moest in flesse drank komme litte. Doe't it spultsje út wie gongen se mei har seizen nei in aparte keamer ta. Dêr woarde in kaert fuortstjûrd. Dy't it woun hie moest de flesse drank oankrije. Mar doe't dy flesse kom,...
nl.verhalenbank.26012
Mei Skoppenboer kin men in flesse drank komme litte. Twa man matte earst in akkoart mei elkoar meitsje. De oare set de lege flesse mei de kaert der oan bûten de doar, en wy prate ôf, ik sil de folle flesse aenst oankrije. Hwant dat mei hy net dwaen dy't de flesse fuortstjûrt. Even letter dan komt de flesse mei jenever der oan. Ik pak him oan en jow him...
nl.verhalenbank.24170
Jochum v.d. Berg kom us in kear út it café fan Goaitsen Jager. It gong mei Jochum op in swearen en donderjen. In keardel pakte him - de duvel? - en bouns! dat wie yn 'e wyk.
nl.verhalenbank.26920
Heit hie altyd in stik duveldrek yn 't drinken fan 'e bargen, oars wied er bang dat se bitsjoend woarden.
nl.verhalenbank.24132
Yn Stiensgea stiet in kroech. Dêr siet us in ploechje jongfolk op in joun. It wie in dronkemanssoadtsje. Dy fierden dêr dy jouns op har menier it heilich avondmael. Doe't dat gebeurd wie moesten se nei hûs ta. Doe is ien fan dy mannen oer de beammen hinne slingere woarn, by de wei lâns. Letter doarst er nergens mear allinne hinne. Syn frou moest altyd...
nl.verhalenbank.25979
Yn 'e Harkema wie in bern siik. De buorfrou sei: "Jimme matte yn 't kessen sjen, hwant dêr kin wol ris hwat út komme." Doe ha se 't kessen iepentoarnd. Doe siet dêr in krâns yn, dy wie omtrint ticht. Doe gongen se nei de duvelbander ta. Dat wie jonge Jan fan 't Wytfean. Jonge Jan joech in drank mei. Hy sei: "Tink der om. Underweis is der kâns dat ien dy...
nl.verhalenbank.38679
Us heit Jan Bijma en Janom en noch in omke: Keimpe Heidsma hienen yn 'e Parken yn 'e kroech to kaertspyljen west. Sy wienen op stap wer nei hûs ta. Keimpe-om hie hiel bot flokt en dien. Op in stuit koe Keimpe-om net fierder. Hy bleau stokstiif stean en koe net in foet forsette. Heit en Janom gongen troch. (Keimpe en Jan wienen bruorren fan mem)
nl.verhalenbank.25984
As de bern bitsjoend wienen gongen de âlders meastal nei in duvelbander ta. Dat wie wol gauris Jonge Jan fan it Wytfean. Jonge Jan joech dan in drankje mei en dan warskôge er dat se it drankje goed forburgen yn in bûse by har drage moesten, hwant der koe ris in hazze wêze ûnderweis, dy't by har opsprong en it fleske stikken makke. Der hat hjir us ien wei...
nl.verhalenbank.26916
Rikele Myt wie in greate tsjoenster. Sy helle altyd wetter út 'e put by myn memme suster Trynmoai. Doe rekke it dochterke fan Trynmoai bitsjoend. 't Bern gûlde jouns altyd, dan hie 't stumper pine. Doe gong Japik-om nei de duvelbanner ta. Hy krige guod, dêr moesten de mem en it berntsje elk fan ynnimme. En it bern moest fan 't boarst. Doe frege Japik-om:...
nl.verhalenbank.19497
Hy hiet Inke Postema en hy was een getroud man en 't is ook gebeurd. Doe hij pas troud was, wou hij hem niet recht delgeven eerst. Hij was aan de zuip en zo. Een keer was hij hartstikke dronken en alheel slop. Hij kom maar krekt loopn. 't Was oavend en een beetje licht maan. 't Was niet so duuster. Doe Inke aan 't floeken en sweren van ik bin hier niet...
nl.verhalenbank.25857
13