Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: verkopen Place of Narration: Kollumerzwaag
Frymetselers hienen ek in wikseldaelder. Dy wienen dan ek oan 'e duvel forkocht en foar ivich forlern.
nl.verhalenbank.29818
Frijmitselers hienen harsels oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch hienen se altyd jild en koenen se dwaen hwat se woenen. Mar 't kostte har de siele. Hekse Harm (= Stammerige Harm) wie ek frijmitseler. Hy hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel. Hekse Harm wie net fortroud by 't fé. Hy hie de kweade hân. Hy striek mei de hân oer de rêgen fan 'e dieren...
nl.verhalenbank.29542
Der wie in boerke, dat hie forlet fan jild. Doe kom de âld feint by him, dy sei: "Ik woe dyn siele wol keapje." "Dy kinst àl krije," sei 't boerke, "mar dan mast my dizze lears fol jild leverje." "Nou," sei de âld feint, "dat nim ik oan. Hingje dy lears mar oan 't groubynt yn 'e skuorre. Mar as ik him fol ha, dan pak ik dy direkt." "Bêst", sei 't boerke,...
nl.verhalenbank.25194
Der wie in skippersfeint, dy haw ik wol kend. Hy foer mei in âld man op in skip, dy wie ôfkomstich fan Doezum. Sy foeren mei turf. Sy wennen dêr yn in lyts foarûnderke. Op in kear soe de skipper dêr kofje ynjitte, mar as er de kofjepot krije soe, dan wipte dy fuort. Dan grypte dy skipper der nei, mar dan wipte er wer fuort. De feint siet der by to gnizen....
nl.verhalenbank.26320
Bontsje Knjillis (Veenstra) wie in broer fan pake Fokke. It wie dus myn âldomke. Dy hie himsels oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch moest er alles sjen. Hy seach altyd lykstaesjes en hast altyd by nacht. Dan siet de duvel him achter. Dan lei er op bêd, mar hy moest er ôf. Fral winterdeis hied er dêr in ôfgrysliken hekel oan. Dan woe er net fan bêd ôf. Mar hy...
nl.verhalenbank.32218
5