Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 results
Dutch Keywords: heks Place of Narration: Kollumerzwaag
Frijmitselers hienen harsels oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch hienen se altyd jild en koenen se dwaen hwat se woenen. Mar 't kostte har de siele. Hekse Harm (= Stammerige Harm) wie ek frijmitseler. Hy hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel. Hekse Harm wie net fortroud by 't fé. Hy hie de kweade hân. Hy striek mei de hân oer de rêgen fan 'e dieren...
nl.verhalenbank.29542
De duvelbander joech duveldrek mei of in drankje. As jy duveldrek yn 'e bûse hienen koe de tsjoenster jin net bitsjoene.
nl.verhalenbank.37352
Alde Boate Griet wie in tsjoenster. 't Wie in tante fan my. Fedde de Vries (de bikende krûdedokter) is letter yn har hûs kom to wenjen. Heit sei: "Noait muntsjes opite dy't dat minske dy jowt. Dy binne bitsjoend." Wy hienen duveldrek foar har ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.24891
Op 'e Sawnbulten wenne in âld bryk wyfke, dat kwealik roan. Mar likegoed, troch har swarte kunst wie se samar in ein út 'e reek. Har eigen man wie bang foar har.
nl.verhalenbank.15747
Woe men tsjoensters keare, dan die men duveldrek ûnder 'e drompel. De toffels of skuon sette men mei de hakken nei 't bêd ta.
nl.verhalenbank.25848
Hjir yn 'e Sweach ha hiel faek krânsen yn 'e kessens west. 't Wienen bolfoarmige dingen mei allegear jern der yn. 't Wie fierder allegear fear. Yn fierwei de measte gefallen gongen se dan nei Wopke fan Kûkherne om rie.
nl.verhalenbank.16052
Yn 'e Koaten wenne ek in minske, dat tsjoene koe. Har man wie o sa skruten foar har, hwant sy seach mar even ien oan of dyselde wie bitsjoend. Sokken woarden dan siik en ûngedien en dan moest der in duvelbander oan to pas komme. Ut 'e Koaten wei gongen se wol faek nei Sied Harmens fan Feanwâlden, ek wol nei ien fan it Wytfean. (Jonge Jan?)
nl.verhalenbank.15753
Op in moarn bitiid - al jierren lyn - wie der in man fan 'e Westerein, dy't yn 'e Klonjes wenne, alhiel fan 'e wize. "Myn bern is bitsjoend!" rôp er, "myn bern is bitsjoend!" Trije krânsen hienen se by 't bern yn 't kessen foun. Doe is er nei Jonge Jan tagien, de duvelbander fan it Wytfean. Dy hat him guod mei jown en it bern is yn leven bleaun.
nl.verhalenbank.16050
Wy ha njonken Anne Teats wenne. Dy hie in bern, dat jammere altyd mar. Wigers Syts wie by harren yn 'e hûs. Hwat hjir stikken is, sei Teats, wyt ik net. Kin men dat berntsje net stil krije? Doe gong Teats der út. Doe lei se in stikje duveldrek ûnder 'e drompel mei in krúskekaei en in koetseprikke (lijsterbes) mei in krús der op. Dêr mei neat oer komme,...
nl.verhalenbank.17002
Yn Dokkum woonde Trien-mooi. 't Was een tsjoenster. Se rookte ook wel een piepe. Een test, daar spuide se in. As kienders sagen wij bij haar door 't raam hin. Trienmooi streek altyd over myn haar en myn rug. Dan sei se: "Wat bistou een mooi famke, wat bistou een leaf famke." Moeke sei: "Denk der om, kom niet te dicht bij haar 't is een ouwe tsjoenster."...
nl.verhalenbank.24284
As jy oan 't tsjernjen wienen en dêr kaem in âld-wiif oan, dat net fortroud wie, en dy struts der mei de hân oerhinne, dan woe der gjin bûter komme. Dan wie de boel bitsjoend. Dêrom leinen de minsken altyd duveldrek by de keldersdoar del. hwant de tsjoensters moesten gjin kâns ha om hjir of dêr lâns to kommen.
nl.verhalenbank.37370
Doe't ik in jonge baes wie wenne der by ús yn Moarmwâld in âld wiif, Baeije. Dy gong foar in tsjoenster troch. It minske koe rekkenje noch skriuwe. Mar dy wienen der doe wol mear. Dêr siet ik as jonge in bulte, hwant ik wie kammeraet mei ien fan har jonges. Hja wie ús buorwiif sahwat. Doe't ik troude kaem ik yn 'e Falom to wenjen. Ik sei tsjin 't wiif:...
nl.verhalenbank.24713
Ik wie al troud en ik wenne hjir in eintsje fandinne oan 'e reed. Ik hie op in jountyd nei de Triemen ta west, nei myn swager om in pear lammen dy't ik fan him kocht hie. Ik mocht froeger graech hwat handelje. Ik gong wer nei hûs en kom op 'e reed, doe wie 't yn 'e nacht, om sa'n ûre of alve, tolve. Oan dizze kant fan 't hûs wie in krimpe. Doe't ik dêr...
nl.verhalenbank.24708
13