Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
58 results
Place of Narration: Kollumerzwaag
De satan sit noch yn 'e bargen. Jezus hat de bargen de sé yndreaun. Men mat foar de bargen altyd in middel tsjin kweade machten by de hân ha. Duveldrek wurdt meast brûkt.
nl.verhalenbank.26309
Under 'e bargetrôge dienen se altyd duveldrek.
nl.verhalenbank.25834
Guon ha in toverboek. Dat ha se fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.25195
As men duveldrek by jin hat komt de lulkste houn jin net binei. Mei liuwefet ek net.
nl.verhalenbank.24069
As se hjir froeger in nij hûs bouden, kom der in stik duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.24068
Yn 'e Westerein op 'e Dykswâl is de duvel oer de feart sprong, fan 't oasten nei 't westen. Dat is oan 'e ein fan 'e Koopmanswei. De print fan 'e poat is noch to sjen.
nl.verhalenbank.38612
Frijmitselers ha altyd jild. Hja hingje de lege ponge mar op, de oare moarns is er wer fol. Dêr soarget de duvel foar. Om 'e sawn jier mat der ien dea, dat wurdt fan tofoaren ôfpraet.
nl.verhalenbank.37377
In wikseldaelder koenen jy keapje. Dan moesten jy op in fjouwersprong wêze, dêr't twa wegen elkoar kruse. Dy wikseldaelder waerd dêr dellein troch de duvel. Je moesten jou siele der foar ôfstean. Stammerige Harm hie ien.
nl.verhalenbank.37337
Ik ha wolris heard dat der plakken wêze matte dêr't de duvel oer de feart sprong is en dat de print fan 'e hynstepoat dêr noch to sjen wêze mat.
nl.verhalenbank.29945
Op it Wyldpaed is it faker as ien kear gebeurd, dat in ûnforskillich man troch de kweade smiten waerd, soms oer beammen en al hinne.
nl.verhalenbank.29926
Frymetselers hienen ek in wikseldaelder. Dy wienen dan ek oan 'e duvel forkocht en foar ivich forlern.
nl.verhalenbank.29818
Stammerige Harm hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel. Se seinen, dat er ryk wie. As er hwat kochte foar in goune, gong dy altyd wer nei him ta. In dûbeltsje of in kwartsje net. Dy koenen jy gerust fan him oannimme, mar noait in goune, hwant dy wienen je even letter wer kwyt.
nl.verhalenbank.29817
Guon koenen mei bihelp fan in spylkaert - skoppenboer - in flesse jenever komme litte. Deselde dy't de kaert forstjûrde moest oppasse dat in oarenien gau de flesse oankrige. Gebeurde dat net gau genôch, dan gong er om in luchje. Hy mei him sels net gripe.
nl.verhalenbank.26321
Woe men tsjoensters keare, dan die men duveldrek ûnder 'e drompel. De toffels of skuon sette men mei de hakken nei 't bêd ta.
nl.verhalenbank.25848
Nachtmerjes komme troch 't kaeisgat yn 'e hûs. De lju ha wol duveldrek ûnder 'e drompels om har to kearen.
nl.verhalenbank.25374
Alde Boate Griet wie in tsjoenster. 't Wie in tante fan my. Fedde de Vries (de bikende krûdedokter) is letter yn har hûs kom to wenjen. Heit sei: "Noait muntsjes opite dy't dat minske dy jowt. Dy binne bitsjoend." Wy hienen duveldrek foar har ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.24891
Wol men jin tsjin 'e tsjoensters hoedzje, dan mat men duveldrek ûnder 'e drompel dwaen. Dat is in ried fan âlde Joast Wiersma fan Jistrum. (dit lijkt mij niet waarschijnlijk, Joost Wiersma moest niets hebben van tovenarij. A.A.J.)
nl.verhalenbank.24710
Wij hadden altijd duiveldrek op 't borst en onze kienders ook. De kienders hadden 't op 'e borstrok naaid. Myn iene dochter hat it nòch.
nl.verhalenbank.24278
Stammerige Harm hat my wol jild to lien oanbean. Mar ik woe syn jild net ha. Hy hong jouns in lege ponge oan 'e doar, de nachts die de duvel der jild yn.
nl.verhalenbank.22693
Skoppenboer wie de duvel. Dêr koe men in flesse drank mei krije. 't Earste romerfol moest men oer 't linker skouder fuortsmite. Dat wie èk foar de duvel.
nl.verhalenbank.22688
58