Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
295 results
Place of Narration: Harkema
Hindrik Ophuis wie kammeraet mei Ruerd van der Veen (Mike Ruerd woarde er altyd neamd), de beide raersten fan Harkema. Alde Willem Bos wie der ek faek by (de skoanheit fan Albert Land). Mike Ruerd is al ris troch de duvel smiten woarn.
nl.verhalenbank.12320
Bouke Schievink ha se de nekke omdraeid. De kop siet him achterstofoar op 'e romp. It wie in forkearden. Hy flokte, it wie in griis. De duvel hat him de nekke omdraeid.
nl.verhalenbank.15896
As Bauke Schievink to Harkema nei hûs ta gong wie de duvel by him. As er út 'e kroech kom, krige er faek klappen mei de swipe fan 'e duvel. In dochter fan Bauke Schievink hiet fan Metsje. Dy lei de kaert oan oare minsken út.
nl.verhalenbank.17448
Der wie in man stoarn op it Fean. Syn wiif sei: "Nou is er foar de duvel." Hwant dy man hie in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.12497
Heit kom wol us by Ruerd. Op in kear kom hy der wer. Doe frege er 't wiif: "Hwer is Ruerd?" Dy leit yn 'e brânjehoeke to fechtsjen mei de duvel, sei se en sy skriemde der fan. Doe is heit mar gau wer fuort gong.
nl.verhalenbank.15676
Wibe Alma (in sweager fan Arjen Bonnema) woarde ris troch de kweade oer de beammen hinne smiten yn 'e wyk fan 'e Lange Wyk. Hy hie sein: "De earste de bêste, dy't ik tsjin kom, as wie 't de duvel ek, giet dea." Nou, hy foun syn maet. Bûnt en blau is er thúskom. Doe't er thús wie, skodde it hiele hûs. Wol fjouwer dagen is er op bêd bleaun.
nl.verhalenbank.20154
Frânse Hinke to Rottefalle wie duvelbanster. Der wie us in hynder bitsjoend. Doe joech hja de boer dizze rie: Hy moest hwat hjouwer stelle, dat siede en dat it bitsjoende hynder jaen.
nl.verhalenbank.20963
Sytse Jager wie myn omke. Dy is ris in kear thús kom, doe wie 't gjin minske mear. Sa bot hie de duvel him smiten. Oer de dyk en de beamwâl hinne.
nl.verhalenbank.33301
Op 'e Feansterheide stie us in frou by de wasktobbe. Doe wie der in hiel lyts swart keardeltsje oankom, en dat wie flak foar har stean bleaun. Hja hie stjerrend-binaud woarn en hja hie gau sein: "Gean mar fuort, duvel, hwant ik hâld it mei ús leaven Heare." Doe hie 't fuort west.
nl.verhalenbank.26240
It skiep in in heilich dier. Dat spoeket noait. Dêr kin de duvel net yn komme. Jezus woarde as in lam to slachtsjen lein. Dêr komt it fan.
nl.verhalenbank.20035
Alde Albert Alma, dy't letter mei Tet (in oare Tet) troud is, wie noch feint. It wie in earst raren-ien. It koe him neat skele hwat er die en hwat er sei. De duvel hie macht oer him. Op in joun doe hied er it wer raer dien. Hy wie thúskom en hie de doar beet krije sild. Mar de doar wie automatysk út him sels foar him iependraeid. En sa wied er ek wer...
nl.verhalenbank.22221
Myn famylje wie froeger skipper. Flippusom hat fearn mei twa bruorren. Flippus Pot neamden se him. Hy sil wol potskipper west ha. Op in kear farden se fan Grins nei Stroobos. Ien fan 'e bruorren stie by 't roer, de oare luts it skip troch 't djip. Flippus-om hie net goed west en lei yn 'e koai. Flippus-om siet altyd to krimmenearjen, hy hie op syn manier...
nl.verhalenbank.26273
Thysom, dat wie ús heit syn omke. Dy hie in bern, dat rekke bitsjoend. Earst woe Thysom dat net leauwe, mar it kaem doch sa fier, hy rekke nei de duvelbander Wopke fan Kûkherne ta. 't Wie midden yn 'e winter en der lei in dikke laech iis. Dat omke gong der op redens hinne. Wopke joech him in drankje mei, mar sei: "Tink der om, ûnderweis komt der dy ien...
nl.verhalenbank.19344
Der wurde wol bern mei de helm geboaren. Dy't sa'n helm hat is kûgelfrij. Dokters binne hyt op sa'n helm. In kaptein op sé, dy't in helm hat, sil syn skip altyd bihâlde. Frijmitselers binne ek kûgelfrij. Sy ha in forboun mei de duvel. As frijmitselers nei 't café ta geane om even oan to stekken en sy ha gjin jild, dan geane se even yn in hoekje stean en...
nl.verhalenbank.28592
Aen wie in âld man. Hy wenne yn 'e Harkema. Hy leaude oan God noch syn gebod en wie in greate spotter. It gong him noait to raer. Op in kear lei er op bêd, doe siet der in gedaente op 'e stoel foar syn bêd mei egen as itensboarden. Hy die neat en praette ek net tsjin him. Aen wie stjerrendbinaud. It wie de duvel. Aen is troch dit gefal bikeard en gong nei...
nl.verhalenbank.21324
Sytse Jager fan 'e Smoarhoeke hie op in snein hiel bot flokt. "Ik wol mei de duvel fechtsje! Ik bin foar gjin duvel bang!" en sokke dingen mear hied er mar roppen. Hy wie tusken oar jongfolk yn. Doe woarde er opnom en oer de dyk hinne smiten. Letter wied er altyd binaud. Hy doarst by nacht net allinne to reizgjen.
nl.verhalenbank.29354
Sytse Jager wie ris mei in stik of hwat fan syn kammeraden op 'e Húsloane (de wei nei 't Bomkleaster ta). Hy wie in greate spotter. Dy jouns hied er ek wer forkeard praet hawn en dêrby wied er dronken. Hy woarde ynienen by syn maten weinom en oer de dyk smiten. Dat wie de duvel syn wurk. Dy reis hat him net smakke. Hy hat letter noait wer allinne jouns by...
nl.verhalenbank.32984
Ruerd van der Lei wie koopman yn hinnen en kninen en sa yn 'e Harkema. As er freed-to-moarns nei stêd ta gong en Taeke Alma syn spultsje passearde, dan stie de hekke dêr altyd iepen, wylst it fé doch yn 't lân bleau. Dat bruide der noait in kear út. De hekke woardde jouns ticht dien, mar moarns stie der altyd wer iepen. Dat mat wurk fan 'e duvel west ha.
nl.verhalenbank.16832
Jehannes Jager syn broer Sytse moest us in kear út 'e broek. Doe woarde er krige en fan 'e iene kant oer de dyk nei de oare kant smiten. Hyltyd mar wer. Op 't lêst wied er lizzen bleaun, alhielendal slop en blau. Oaren ha him dêr wei helle. 't Wie in raer man. De duvel hie 't dien.
nl.verhalenbank.22229
Doe't myn wiif Sjouk noch faem wie, hie se faek lêst fan nachtmerjes. Sy slepte op 'e souder en sy hearde de nachtmerje wol by de trap opkommen. It wie slim sa't dy nachtmerje har altyd pleage. Doe sei har mem tsjin har: "Ast de nachtmerje nou wer oankommen hearste dan mast hinnegean en siz trije kear hiel lûd: "Duvel, duvel, duvel, dû wurdst gjin baes...
nl.verhalenbank.17536
300