Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
295 results
Place of Narration: Harkema
Alde Sije hie him oan 'e duvel forkocht. Hy wenne yn Houtigehage. As er sinten ha moest, dan krige er se.
nl.verhalenbank.25807
Sytse Jager wie in kear oan 't kuijerjen. Hy roan tusken in stik of hwat oaren yn. Doe woarde hy dêr samar tusken wei nom en oer de dyk hinne smiten. Dat wie it wurk fan 'e duvel, seinen se.
nl.verhalenbank.23912
Earen woarde der faek ien yn 'e sleat smiten troch de duvel. Dan woarde der sein: Dy is yn 'e sleat smiten woarn, gjin wûnder, dy leaut oan God noch syn gebot. Sokke praetsjes hienen se dan.
nl.verhalenbank.28809
Kaerten mochten wy froeger net yn 'e hûs ha, hwant dêr siet de duvel yn, sei mem.
nl.verhalenbank.24348
Alde Sikke Helder kom wol us by Ruerd van der Veen to jounpraten. Wylst Sikke dêr siet, waerd der soms op 'e doar kloppe. Dan sei Ruerd: "Ik mat der even út." Dan wie der ien, dy joech him sa'n wân op 'e bealch, dat hy raesde it út. Sikke het him wol kjirmjen heard. Dat wie de duvel, dy't dan mei him ôfrekkene.
nl.verhalenbank.17383
Yn 'e Harkema hat in timmerman wenne, dy hiet fan Ruerd v.d. Veen. Dy sei: "Ik bin fan 'e duvel net bang." Doe ha se him sa bot smiten, dat hy is der oan stoarn.
nl.verhalenbank.25734
Paulus wie in hiele raren-ien, 't wie de raerste fan Albert en Tet-jonges. Op in kear doe wied er yn 'e buert fan 't tsjerkhôf. Doe wie der samar in fremde kat oankom en dy hie him hielendal toklaud. Dat hie de duvel west.
nl.verhalenbank.22305
Der wie in faem, dy sei op in moarn: "Ik wol joun in feint ha, al soe 't de duvel ek wêze." Doe is de duvel kom. Hy hat by har sitten mei in ket om 'e poat.
nl.verhalenbank.27294
In omke fan my hie wurk op 'e Hamster Ikkers. Doe kom der ris in grouwe swarte houn by him. 't Wie in pleachbeest. Hy miende dat it de duvel wie. De houn folge him oeral. Hy koe 't beest net kwyt reitsje.
nl.verhalenbank.12372
Willem Pyk (= Ophuis) hie in houn. Dy spûkgûlde soms. Dan sei Jits, syn wiif: "Der giet wer ien dea." Har buorman sei, as de houn spûkgûlde: "Dêr sjocht er de duvel, wer, Jits."
nl.verhalenbank.28561
Yn Hurdegaryp wie in greate hekke, dy stie altyd iepen. Dienen se him ticht, dat joech neat. Hy gong altyd fansels wer iepen. Dat sil de duvel wol dien ha.
nl.verhalenbank.27298
Hindrik Holthuis wie in forwoest man, dy sûpte om 't leven. Op in kear woarde hy sa bot troch de duvel smiten, dat hy wie kreupel. Doe is er bikeard.
nl.verhalenbank.26227
By 't earmetsjerkhôf hjir yn 'e Harkema is ris ien yn 'e sleat smiten. Dat wie it wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.28800
Yn 'e Harkema wienen froeger wol lju dy't in wikseldaelder hienen. Sokken hienen har oan 'e duvel forkocht. De wikseldaelder rekke noait op, dat sa'n ien hie noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.15610
Albert Alma, de heit fan Wibe Alma, wie sahwat de raerste fan 'e Harkema. Op in kear wied er dronken thúskom. Doe wied er yn 't hea lizzen gong. Mar dêr hie de duvel west. En dy hie him pakt en dêr wei goaid.
nl.verhalenbank.26351
Bouke Schievink hie in wikseldaelder. Dy hie noait forlet fan jild. Hy hie syn siele oan 'e duvel forkocht. It wie de heit fan Hindrik en Bram Schievink. Hy focht soms mei de duvel. Dy roan soms hiele einen mei him op.
nl.verhalenbank.19364
Guon koenen mei in spylkaert in flesse drank komme litte. It earste romerfol fan dy drank moest oer 't linkerskouder fuortsmiten wurde. Dy't soks by de ein hie wie oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.28804
In wikseldaelder is in daelder, dy rekket noait op. Jo krije him fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.26356
Hindrik Holthuis fan 'e Harkema wie froeger in hiele raren-ien. Doe hat de duvel him in kear smiten. Dat is sa bot oankaem, dat dêr hat er altyd hwat fan oerhâlden. Doe is er bikeard en grifformeard woarn.
nl.verhalenbank.24346
Hjir wienen minsken dy kaertspilen altyd in soad. De froulju dienen mei, ek as se yn forwachting wienen. As der bern geboaren woarden hienen dy in kaert op 'e holle of op 'e rêch of op it boarst. Dêroan koe men wite dat it duvelskaerten wienen.
nl.verhalenbank.28805
300