Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: ziek Place of Narration: Augustinusga
Myn wiif sei, yn Kollumersweach wenne in tsjoenster, dy koe har yn in kat foroarje. Sokke katten komme altomets byelkoar om to forgaderjen. Sy bitsjoenden meastal lytse bern. Dan gongen se nei Greate Wopke fan Kûkherne, in duvelbanner, om in drankje. Wopke joech ek wol duveldrek mei. By in tsjoenster doarsten se noait hwat opite of opdrinke.
nl.verhalenbank.27984
Us beppe hat as bern al us bitsjoend west. Oerpake is doe mei har mûtske nei de duvelbander ta west.
nl.verhalenbank.22741
Tsjoensters wienen der froeger plenty yn Stiensgea. Der binne rounom wol krânsen út 'e kessens helle woarn. Dêr siet naeijern, stopjern, lapkes en alsamear yn. Hwa't hjir allegear net bitsjoend west ha - dêr ha je Fokke Alma. Dy sukkele. 't Kessen woarde iepentoarnd. Doe founen se in krâns. Pake gong foar him nei de duvelbander ta, mar hy is net mei de...
nl.verhalenbank.12549
Doe't ik achtsjin jier âld wie hie ik in broer, dy wie tige siik. Se gongen mei syn wetter nei Kûkherne ta; dêr wenne Minke doe, dat wie in dochter fan greate Wopke. Minke sei, hy wie bitsjoend. Sy koe der neat mear oan dwaen. In pear wiken letter is er stoarn.
nl.verhalenbank.32706
Hjir yn Stiensgea ha by ús buorlju de hynders al ris bitsjoend west. Dy't it dienen kamen nachts yn 'e krêbbe by de dieren. Dan wienen dy hynders hiel bot ûnstjûr. Doe binne se nei Wopke fan Kûkherne ta gong. Dy hat in fleske mei guod jown. Dêr moesten de hynders drippen fan ynnimme. Doe woarden se wer kalm.
nl.verhalenbank.23851
Der wie in boer, dy hie twa hynders. It iene wie siik, it oare wie soun. Hy nom hwat hier fan 'e beide hynders en gong dêr mei nei de duvelbander ta. "Hwat tinkt jo hjir fan?" sei er tsjin 'e duvelbanner. "Jow de brune hjir mar fan," sei er, "en de swarte dêrfan." Doe krige er twa pakjes. Thús útpakke - doe siet yn 't iene in drankje en yn 't oare in...
nl.verhalenbank.21855
Beppe fortelde: Myn susterke wie as bern al us in kear bitsjoend. Doe gong heit nei Hinse Jehannes de Boer ta. 't Wie jountiid. Hy joech drank mei. Heit sei tsjin him: "Ik leau net dat jo dêr hwat oan dwaen kinne." Mar dat hied er net sizze matten. Hinse Jehannes sei: "Jo matte goed oppasse, dat jo mei de drank thúskomme. Der kinne ûnderweis miskien...
nl.verhalenbank.23645
De frou har heit fortelde: Ien fan 'e bern wie siik (miskien wie 't myn frou wol). 't Gebeurde yn Hynljippen. Dêr wie skoanheit doe oan 't wurk en hy hie de hiele húshâlding meinaem dêrhinne. Der wie in bolkoerrinster, dy kom alle kearen fêst by heit en dy yn 'e hûs om kofje, en dan seach se ek altyd even by it bern. Hy fortelde op 't wurk dat it bern...
nl.verhalenbank.37404
8