Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
58 results
Place of Narration: Augustinusga
Frijmetselers binne minsken dy ha har oan 'e duvel forkocht. Dêr krije se dan jild foar. Sadwaende sitte se noait yn 'e earmoed.
nl.verhalenbank.34542
As se tsjernen en se koenen gjin bûter krije, dan woarde der sein: "De duvel sit yn 'e tsjerne."
nl.verhalenbank.22747
In grêfstien sei tsjin 'e dokter: "Dokter, dû hast my forjown." "Dan hastû, âlde duvel to min hawn", sei de dokter fuort dêrop. Hy kriget syn pistool en sjit.
nl.verhalenbank.23640
Op Readskuorre wie in stille kroech. Dêr hat ris ien sitten to swearen en to swetsen en oer de duvel to praten. Doe't er bûten kom hat de duvel him in ein smiten.
nl.verhalenbank.37103
Sa is Hindrik Holthuis fan 'e Harkema ek troch de duvel smiten woarn, foardat er bikeard wie. Hy hat der in stive skonk fan oerhâlden.
nl.verhalenbank.37105
Meindert Wylpstra fan Surhuzum wenne in ein bûten it doarp. Op in joun hied er de buorren even yn west. Doe't er werom kaem waerd er samar opnom en yn 'e sleat smiten. "De duvel hat my pakt en hat my op 'e harsens yn 'e sleat goaid", fortelde Meindert.
nl.verhalenbank.37398
Myn man fortelde: Op 'e Tike-brêge stie us in keppeltsje jongfolk byelkoar. Sy spotten as beesten en flokten en ketterminten sa bot dat it net moai mear wie. Doe kom der in swart ding op 'e brêge. Dat hat de duvel west. Doe binne se allegear fan binaudens útnaeid.
nl.verhalenbank.22743
Froeger hienen se in teken of sokssahwat yn 't baitsje sitten. Se koenen dan net bitsjoend wurde en de duvel koe har ek net krije. 't Wie in fear of in poat fan de ien of oare seldsume fûgel.
nl.verhalenbank.23649
Der wie in faem, dy moest altyd sied bine op 'e bou. Dat gong dei út dei yn. Dêr krige se skjin har nocht fan. Doe sei se op in kear: "Al sil de duvel my ek helpe, it sil moarn dien." Doe kom der de oare deis in man by har, dy holp har. Hy sei: "Hwastû moarn foar it earst bine silste, dat is foar my." Sy kom dy deis folle gauwer thús as oars. "Hoe sit...
nl.verhalenbank.27222
Yn Surhuzum wennen de Kloostermannen. Dat wienen earst rare. Dat wie om 't oare wurd bliksem, duvel, ja en noch folle slimmer. Twa bruorren Kloosterman kommen ris togearre út 'e kroech. 't Wie op in joune let. Sy gongen elk in kant út. De iene forflokte ûnderweis God en syn gebot. Hy roan in stik lân del om thús to kommen. Doe woarde er ynienen mei syn...
nl.verhalenbank.23861
Yn Droegeham sieten us in keppeltsje manlju yn 'e herberch. Dy't it lûdste en it measte sweare doarst, dy soe in flesfol jenever ha. Dat sprutsen se mei elkoar ôf. Sjoerd woan it. Mar hy is letter yn 'e Mieden sa ôftichele woarn, troch in ûnbikenden-ien, dat hy wie alhiel sangene blau. Dat wie de duvel dy't dat die. Sjoerd is noait wer better woarn en hat...
nl.verhalenbank.15508
Der hat hjir in man yn Stiensgea wenne, dy flokte en swetste dat it raer wie. Dy man hearde op in nacht de klappen fan 'e flaeije. Hy der ôf en nei de skuorre ta. "Ik sil se opsitten leare", hied er sein en dêr rare flokwurden oerhinne. Mar hy is dêr raer wer weirekke. De duvel hat him by de lurven hawn.
nl.verhalenbank.23859
Us heit kom us in kear fan Reahel. 't Wie sahwat twa ûre yn 'e nacht. Hy tocht: "Heden, dêr komt in man oan. Dy hat grif in sekfol hout stellen." Sa like it krekt. Hy roan hwat dûknekkich. Hy kom lyk op heit yn. Mar doe't heit better taseach hie dyselde keardel hiele greate gleone egen, krekt as koallen fjûr. Doe is heit in stik of twa, trije ikkers...
nl.verhalenbank.23752
Der wenne in fanke yn 'e Westerein, dy woe forkearing ha. Op in kear sei se: "'t Kin my allegear neat skele, as wie 't de duvel ek, ik wòl in feint ha." Doe kom der in feint delsetten om har. Sy sieten goed en wol yn 'e hûs en sy hienen hwat mei elkoar praet, doe seach dat fanke ûnder 'e tafel. En doe seach se dat dy feint hynstepoaten hie. Doe woarde se...
nl.verhalenbank.33622
In man fan Stiensgea gong ris nei Feankleaster ta nei in klearmakker. Hy roan troch de Feankleaster bosk; dat wie it neiste paed. Doe't er by de klearmakker wie, sei er: "As der in duvel is, dan kin er my tomjitte komme." Doe gong er werom. Wer roan er troch de bosk. 't Wie doe midden yn 'e nacht. Doe lei dêr in man dwars oer 't paed. Hy roan der...
nl.verhalenbank.36362
Us mem fortelde, der hie ris in sterfgefal yn Stiensgea west. De man wie allinne oerbleaun. Elke joun, om in ûre of acht hinne, kaem der ien by him yn 'e hûs by de leider del. Dat koe dy man op 't lêst net langer úthâlde en hy helle dûmny der by. Dy seach doe deselde skime, dy't by de leider del kom. Doe sei dûmny: "Als gij van God zijt, kom bij mij, zo...
nl.verhalenbank.32713
Alde Boele Ytsma gong us op in kear mei in koe nei de bolle. De bolle roan achter de Bosk yn 't lân. Boele syn âld-wyfke wie der ek by, dy gong mei. Sy dienen it stil, dan hoefden se gjin bollejild to biteljen. Doe't de koe ûnder 'e bolle west hie, moesten se gau fuort, hwant it wie tsjuster. It âld-wyfke soe gau de hekke iependwaen, mar dy koe se noait...
nl.verhalenbank.27662
Dy't in wikseldaelder ha woe, moest trije kear om 't tsjerkhôf hinne rinne mei in swarte kat yn 'e sek. En dan moest er sizze: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" Dan krige er fan de kweade in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.25317
Hjir yn Stiensgea wenne yndertiid in goddeloaze man. Dat wie Boele Ytsma. Hy wenne yn 't West. It wie in greate spotter. Op in snein-to-moarn gong er mei syn frou Fokeltsje mei in koe nei de bolle ta. Hy moest troch trije hekken. Mar dy hekken sprongen samar fansels iepen. Dat wie 't wurk fan 'e duvel. Sa hie dy him topakken.
nl.verhalenbank.32721
By de grifformearde tsjerke wie froeger in pypke. Op in kear kom heit dêr de jouns let noch lâns. 't Wie yn 'e tiid dat se dy tsjerke dêr delsetten. "Heden," tocht heit, "se binne dêr noch oan 't wurk." Hy seach oerside en doe wie dêr ien oan 't mitseljen. Doe sei heit: "Hwat binne jo noch let oan 't wurk yn 'e nacht." Doe sei dyselde: "Ja, ik bin de...
nl.verhalenbank.32724
58