Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
46 results
Dutch Keywords: zondaar Place of Narration: Harkema
Der siet op it Jachtfjild yn 'e kroech ien dy stie nergens foar. Hy wie noait bang. Hy wie tige oan 't opskeppen en sei: "Ik sil de duvel smite as in pod." Mar doe't er bûten kom, smiet de duvel hìm. Hy kom yn 'e Langewyk tolânne. Syn maten ha noait ien sjoen.
nl.verhalenbank.21929
De duvel hat Wibe Alma ek al ris smiten, oer de Lange Wyk hinne. Doe kom er út 'e kroech wei en hie 't raer opsein.
nl.verhalenbank.33644
Earen woarde der faek ien yn 'e sleat smiten troch de duvel. Dan woarde der sein: Dy is yn 'e sleat smiten woarn, gjin wûnder, dy leaut oan God noch syn gebot. Sokke praetsjes hienen se dan.
nl.verhalenbank.28809
Yn 'e Harkema hat in timmerman wenne, dy hiet fan Ruerd v.d. Veen. Dy sei: "Ik bin fan 'e duvel net bang." Doe ha se him sa bot smiten, dat hy is der oan stoarn.
nl.verhalenbank.25734
Paulus wie in hiele raren-ien, 't wie de raerste fan Albert en Tet-jonges. Op in kear doe wied er yn 'e buert fan 't tsjerkhôf. Doe wie der samar in fremde kat oankom en dy hie him hielendal toklaud. Dat hie de duvel west.
nl.verhalenbank.22305
Hindrik Holthuis wie in forwoest man, dy sûpte om 't leven. Op in kear woarde hy sa bot troch de duvel smiten, dat hy wie kreupel. Doe is er bikeard.
nl.verhalenbank.26227
Albert Alma, de heit fan Wibe Alma, wie sahwat de raerste fan 'e Harkema. Op in kear wied er dronken thúskom. Doe wied er yn 't hea lizzen gong. Mar dêr hie de duvel west. En dy hie him pakt en dêr wei goaid.
nl.verhalenbank.26351
Hindrik Holthuis fan 'e Harkema wie froeger in hiele raren-ien. Doe hat de duvel him in kear smiten. Dat is sa bot oankaem, dat dêr hat er altyd hwat fan oerhâlden. Doe is er bikeard en grifformeard woarn.
nl.verhalenbank.24346
Alde Albert Alma, dy't letter mei Tet (in oare Tet) troud is, wie noch feint. It wie in earst raren-ien. It koe him neat skele hwat er die en hwat er sei. De duvel hie macht oer him. Op in joun doe hied er it wer raer dien. Hy wie thúskom en hie de doar beet krije sild. Mar de doar wie automatysk út him sels foar him iependraeid. En sa wied er ek wer...
nl.verhalenbank.22221
Sytse Jager fan 'e Smoarhoeke hie op in snein hiel bot flokt. "Ik wol mei de duvel fechtsje! Ik bin foar gjin duvel bang!" en sokke dingen mear hied er mar roppen. Hy wie tusken oar jongfolk yn. Doe woarde er opnom en oer de dyk hinne smiten. Letter wied er altyd binaud. Hy doarst by nacht net allinne to reizgjen.
nl.verhalenbank.29354
Sytse Jager wie ris mei in stik of hwat fan syn kammeraden op 'e Húsloane (de wei nei 't Bomkleaster ta). Hy wie in greate spotter. Dy jouns hied er ek wer forkeard praet hawn en dêrby wied er dronken. Hy woarde ynienen by syn maten weinom en oer de dyk smiten. Dat wie de duvel syn wurk. Dy reis hat him net smakke. Hy hat letter noait wer allinne jouns by...
nl.verhalenbank.32984
Der wenne ek in feint yn 'e Harkema, dy die 't altyd raer. Hy flokte as in ketter en hy song op in kear - 't wie op in joun - hyltyd: "O Heare, Jé, o heare Jé -" Der wie oar jongfolk by him. Rinse de Wind syn hûs stie yn 'e brân. Dat ûntdekte dat jongfolk en dêr woenen se hinne. Ik wie der sels ek by. Wy wienen oan 'e Singel. Wy gongen der hinne. Hy soe...
nl.verhalenbank.28507
Teunis Holthuis hjir fan 'e Harkema wie in tige bêste man, mar yn syn jonge jierren wied er los en krekt as syn heit doe't dy jong wie. Mar doe't it to raer mei him gong hat de duvel him der mei bimuoid. Dy hat him in kear pakt en oer de dyk hinne smiten. Dat gebeurde oan 'e Rydloane tusken Harkema en Bomkleaster. Sûnt wie Teunis bikom. Hy woarde in...
nl.verhalenbank.32987
Rinse de Wind wie in hiele raren. Hy wenne yn 'e Harkema. It wie in earsten fjochtersbaes en hy flokte as in ketter. Doe't er it ris wer in kear raer dien hie, wie der in grouwe houn dy't him thús brochte. Dat wie de duvel sels.
nl.verhalenbank.29378
Sytse Jager wie in forwoesteling. Hy stie op in joun by in stik of hwat fan syn maten yn 'e Smoarhoeke. Doe sei er: "'k Mat even skite." En doe gong er achter de dyk sitten. Mar doe kom de duvel by him. En dy hat him hiel bot smiten. Hy bleau dêr foar dead lizzen. Dyselde nachts hat myn broer Wierd him op 'e karre thúsbrocht. Sytse wie deabinaud. Doe't se...
nl.verhalenbank.27290
Yn 't hûske, dêr't nou Wiger Koaning wennet (oan 'e Lange Wyk) wenne froeger Jelle van der Wiel mei syn mem. (Jelle wennet nou yn Droegeham) Doe't syn mem noch leefde hat dy my us forteld, dat Jelle hie us hiel bot flokt. Doe wied er tsjin 'e groun oan smiten woarn. Dat wie it wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.22714
Ruerd v.d. Veen wie in raer man. Hy wie nergens bang foar, sei er. Op in joun kom er fan 't Bomkleaster. Dêr hied er timmere. Doe hat de duvel him mei 't bakje mei timmergereedskip en al yn 'e sleat goaid. Dit gebeurde op 'e Skalkepaden.
nl.verhalenbank.29330
In kloftsje folk wie meielkoar fan 't Jachtfjild kom út 'e kroech. Ien fan har bleau mei syn faem achter. Hy hie 't freeslik opsein yn 'e kroech en de duvel der hyltyd mar by roppen. Doe wie der ûnderweis in dikke houn út 'e daem tofoarskyn kom, dy hie him ôfgryslik tatakele. Syn faem wie der by wei roan.
nl.verhalenbank.22307
Jan van Houten wie sa'n twintich jier âld. It wie in greatsprekker en in spotter. Hy fordomde God en alles en hy wie foar de duvel net bang, sei er. Op in nacht kom er út in café. Underweis woarde hy sa bot slein, dat hy rekke bûten kennis. Doe't er wer by kom dienen de lea him sa sear, dat hy kreunde der oer. De duvel hie him to pakken hawn. Letter wied...
nl.verhalenbank.33414
Myn earste man wie us mei syn broer Jehannes oan 't hofkesjongen. Myn man siet yn 'e apelbeam en Jehannes stie op 'e útkyk om to sjen of der ek us ûnrie oankomme koe. Doe sei myn man: "Jehannes, dû mast de beam net sa skodzje, jong." Mar Jehannes wie net by de beam. Hy stie by de homeije, in hiel ein fierder. It wie de duvel dy't de beam skodde hie.
nl.verhalenbank.22308
46