Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: wisseldaalder Place of Narration: Kollumerzwaag
Frymetselers hienen ek in wikseldaelder. Dy wienen dan ek oan 'e duvel forkocht en foar ivich forlern.
nl.verhalenbank.29818
Frijmitselers hienen harsels oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch hienen se altyd jild en koenen se dwaen hwat se woenen. Mar 't kostte har de siele. Hekse Harm (= Stammerige Harm) wie ek frijmitseler. Hy hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel. Hekse Harm wie net fortroud by 't fé. Hy hie de kweade hân. Hy striek mei de hân oer de rêgen fan 'e dieren...
nl.verhalenbank.29542
Stammerige Harm hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel. Se seinen, dat er ryk wie. As er hwat kochte foar in goune, gong dy altyd wer nei him ta. In dûbeltsje of in kwartsje net. Dy koenen jy gerust fan him oannimme, mar noait in goune, hwant dy wienen je even letter wer kwyt.
nl.verhalenbank.29817
Frijmitselers binne ek kûgelfrij. Dy ha noait gjin forlet fan jild. Sy ha in wikseldaelder. Dêrfoar binne se oan 'e duvel forkocht. Oan in tiid ta, dan hellet de duvel har. Dy't dêr by wol wurdt blyndoeke yn in keamer litten. Om 'e sawn jier moat der ien dea. Dêr wurdt om lotte. Dy't ienkear frijmitseler is, kin der net wer by wei. It kontrakt mat er mei...
nl.verhalenbank.26326
In wikseldaelder koenen jy keapje. Dan moesten jy op in fjouwersprong wêze, dêr't twa wegen elkoar kruse. Dy wikseldaelder waerd dêr dellein troch de duvel. Je moesten jou siele der foar ôfstean. Stammerige Harm hie ien.
nl.verhalenbank.37337
Der wenne in sekere Roel Postma yn 'e Westerein. Dat wie in timmerman en oannimmer. Dy hat in protte huzen boud. Mar hy makke it lêste hûs dat er ûnder hannen hie, noait ôf. Hwant as er dat die, wie er dea, seinen se. Dy man wie in frijmitseler. As er in nij hûs boude, dan makke er it foarige earst ôf, en sa gong it altyd. Der wie altyd ien hûs, dat net...
nl.verhalenbank.38622
Stammerige Harm hie in wikseldaelder, seinen se. Ik ha Harm wol by my yn 't wurk hawn.
nl.verhalenbank.25196
Frijmitselders ha in wikseldaelder. Om 'e sawn jier mat der ien fan harren dea. Dy wurdt dan formoarde. Der wurdt om lotte, hwa't dat is.
nl.verhalenbank.22692
Stammerige Harm wenne oan 't Wyldpaed by de Swâdde. Hy gong foar in tsjoenster troch. Hy koe him yn in kat foroarje, seinen se. Soune dieren makke er siik. Hy hie in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.22683
Stammerige Harm syn skuorke moest dutsen wurde. Ruerd Schutter en Ielk wennen by him yn. En Ielk har heit ek noch. Der wienen twa man om to dekken. Alde Harm sei: Ik sil even molke helje by Japik wei en dan sil ik ek koeke meinimme, dan kinne wy aenst kofje krije mei in stik koeke der by. Ik mat even sinten ha, sei er. Doe krige er in blikken...
nl.verhalenbank.16098
10