Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: varkens duivelsdrek
Ieder kan voor zichzelven en de ouders kunnen voor hunne kinderen een voorbehoedmiddel tegen betoovering aanwenden, namelijk: altijd het hemd het achterste vóór dragen. Ook is het zeer goed — zoo niet beter — duivelsdrek in de kleêren te benaaien. Varkens laat men het innemen.
nl.verhalenbank.57934
Soms sieten de bargen ûnder de kweade minsken. Dan wienen se bitsjoend. Men moest goed oppasse hwa't men by de bargen liet. Net elkenien wie dêrby fortroud. Wienen de bargen bitsjoend, dan tarden se út. Dan joech it fretten har neat mear. Men moest in pûde mei duveldrek foar de trôch hingje, dat holp. Meastal wie de tsjoenster fan 'e bargen in man. Soms...
nl.verhalenbank.30088
As bargen siik waerden dienen de boeren faek duveldrek yn 'e trôch. Sa wie der yn Ryptsjerkster Nijlân ek in boer dy't dat die, mar dat hie gjin resultaet. Doe gong er hinne en spikere de bibel oan 'e trôch fêst. "As er foar syn eigen drek gjin ôfkear hat, dan sil er dochs wòl bang wêze foar de bibel", sei de boer.
nl.verhalenbank.31659
Nolle Koaning (Nolle fan Bouke Syts) koe tsjoene. Bouke Syts sels wie ek in tsjoenster, Nolle hie 't net fan fremd. Hja hâldde der popkes op nei, dêr't se mei nuddels yn stuts. Nolle kaem by in buorman, dy hie bargen yn 't hok. Doe smiet er syn prûmke dêr yn 't hok. De oare moarns leinen de bargen allegear rjocht op 'e rêch. Se wienen deasiik. Doe gong dy...
nl.verhalenbank.29760
By ús ha de bargen al ris bitsjoend west. Doe woenen se net mear frette. It redmiddel wie duveldrek. Dat brûkten wy altyd tsjin tjsoenderij. It woarde ûnder 'e trôggen dellein. Doe wienen se samar wer klear.
nl.verhalenbank.36001
Skoanheit en dy hienen in baerch, dêr hie Harm by west. As dy by it fé west hie, mankearde der letter altyd hwat oan. Dy baerch fan skoanheit en dy hied er èk bitsjoend. Doe't dy baerch 't oare jiers slachte woarde, hied er in kleone jern yn 'e mage. Dat hie Harm dien. Skoanheit hie nòch in baerch. Dy woed er net bitsjoend ha. Doe hat er duveldrek ûnder...
nl.verhalenbank.24529
Alde Jitse Wyts wenne yn Feansterheide. 't Frommes doogde net. It wie in tsjoenster. Op in kear wie heit fuort om biggen to keapjen. Doe seinen wy: nou matte wy al oppasse, dat dat frommes hjir net oer de drompel komt, hwant sy kin de biggen wol bitsjoene. Doe die ús Ritske duveldrek ûnder 'e drompel. Doe koe se net oer 'e drompel komme.
nl.verhalenbank.25470
Yn 't West fan Bûtenpost wenne in âld frou, dat wie in tsjoenster. Dy bitsjoende de minsken. Dan krigen dy minsken in dikke klute fan fearren yn 't kessen. Dat wie 't wurk fan dat âlde minske. En hja waerden dan siik. Dan wienen se bitsjoend. Dêr't dat minske kaem, waerden de bargen siik. De minsken leinen duveldrek ûnder 'e drompel, dat biskerme har...
nl.verhalenbank.29698
By de Nije Wei wie froeger in poel. Alde Jelle Njiltsje hie dêr in winkeltsje. Dat wie in tsjoenster. Hja bitsjoende har eigen skoandochter. Dy woarde siik. Letter bitsjoende se ek noch de baerch fan dy minsken. Doe ha dy lju nei de duvelbander ta west. Dy joech har duveldrek mei. Dat ha se ûnder 'e drompel lein en doe koe de tsjoenster der net oer komme....
nl.verhalenbank.32747
Frânse Hinke fan 'e Rottefalle kom altyd by myn beppe Antsje Snipel. It wie mem har mem. Mem wie in suster fan Thomas Clare. Frânse Hinke wie in tsjoenster. As Hinke kom, sei heit tsjin mem: "Ik wol Frânse Hinke hjir net wer binnen doarren ha. Hja strykt de baerch oer de bealch hinne en dan giet er wer dea." Hwant hja hie by ús beppe ek al in baerch...
nl.verhalenbank.25172
9