Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
24 results
Dutch Keywords: toverij Place of Narration: Drachten
Hindrik Pikelhearring fan Grinzer Pein koe mear as oaren. Bearn van der Woude sei altyd: hy is fan 'e duvel. It wienen duvelskunsten dy't Hindrik die. "Op in kear kom ik by Hindrik wei", fortelde Bearn. "'t Wie op in joune let en tsjuster. Hindrik liet my ta de doar út. 'Kinst dy allinne wol rêdde?' sei er. 'Jawol', sei 'k. 'Pas mar op', sei er. Doe't ik...
nl.verhalenbank.26057
Foar tsjoenderij lizze se duveldrek op 'e drompel.
nl.verhalenbank.26039
Yn 'e Wylgen wenne in tsjoenster, dy hat dêr ris in bern bitsjoend. Dat bern raesde en earmoede altyd. Hja founen in krâns by 't bern yn 't kessen. Doe binne se nei de duvelbander ta gong en dy hat der foar soarge dat it bern wer better woarde.
nl.verhalenbank.29650
As der in bern bitsjoend wie yn Aldegea gongen se nei Ruerd Wartena to Warten, of nei Wopke to Kûkherne of nei Sierd Feikes. Dy wenne nei Feanwâlden op. Dat wienen de trije meast bikende duvelbanners.
nl.verhalenbank.25046
By Jan Harms op 'e Tike ha de kij bitsjoend west. Doe ha se duveldrek ûnder 'e stâl dien. Dat holp.
nl.verhalenbank.33036
As bern bitsjoend rekken gongen se nei in duvelbander ta. Men foun by sa'n bern krânsen yn 'e kessens. Dy woarden opbrând en bigroeven. Der mocht neat fan boven de groun bliuwe.
nl.verhalenbank.37930
It gebeurde faek, dat de tsjerne bitsjoend wie. Dan woe 't net bûterje. Dan woe de bûter net opkomme. Dan hellen se duveldrek en de tsjerne woarde goed skjinmakke.
nl.verhalenbank.19856
Ruerd Wartena fan Warten wie duvelbander. Hy wenne op 'e plaets, dêr't earder Hedzer Castelein wenne hat. Dêr kommen in soad minsken, as der in bern bitsjoend wie. Ek wol foar oare kwalen.
nl.verhalenbank.24859
De bern droegen froeger faek in stikje duveldrek yn in pûdtsje op it boarst fanwege tsjoenderije.
nl.verhalenbank.25562
As jonge wie 'k ris oan 't sinteklazejeijen. Doe kom ik ek by in tsjoenster. Dy joech my in klap. Ik stapte foarút, mar doe rekke ik mei de foet yn har stikkene jurk en doe lei ik samar op 'e rêch foar har. Dat wie in duvelskunst.
nl.verhalenbank.27764
Tsjoensters meitsje de bern siik. By Sweitse Stopjern (= Oldenburger) wie in bern, dat wie ek altyd heal en gammel. It bern tsjirme. Sy wienen dêr us op in kear oan 't hûshimmeljen. Doe founen se krânsen yn 'e kessens. Dy brânden se op en sy leinen duveldrek op 'e drompel fan 'e doar. It bern wie samar genezen
nl.verhalenbank.26117
Myn broer hat as lyts jonkje bitsjoend west. Wy hienen in bakker, dat wie Sibbele Smit. Dy biseach him ris goed en dy sei tsjin mem: "Der geane forkearde egen oer dat bern. As ik jo riede mei gean dan nei Frânse Hinke yn 'e Rottefalle." (Frânse Hinke wie in duvelbander). Se nommen in smoarge doek fan myn broer mei. Hinke hat oanwizings joun. Hja joech...
nl.verhalenbank.33780
Oan 'e Suderdwarsfeart wenne in faem, dy hie in bern krige. It wie de dochter fan Polstra. Dat jonkje rekke siik. Sy woarden al gau gewaer hoe't dat kaem wie. Tsjibbe Griet (frou Swevel) wie in âld tsjoenster. Dy hie 't bern bitsjoend. Dy kaem dêr wolles by harren yn 'e hûs. Doe ha se duveldrek ûnder 'e drompel dien, doe koe 't âld-wiif dêr net wer komme.
nl.verhalenbank.27515
Alde Jitse Wyts wenne yn Feansterheide. 't Frommes doogde net. It wie in tsjoenster. Op in kear wie heit fuort om biggen to keapjen. Doe seinen wy: nou matte wy al oppasse, dat dat frommes hjir net oer de drompel komt, hwant sy kin de biggen wol bitsjoene. Doe die ús Ritske duveldrek ûnder 'e drompel. Doe koe se net oer 'e drompel komme.
nl.verhalenbank.25470
Alberts Gees gong us in kear nei âlde Jitse Wyts ta. Doe krige se fan 't minske in bakje kofje. Doe't se 't opdronk fornom se wol dat der ek noch hwat oars as kofje troch 't kielsgat sakke wie. Doe't Gees thús kom, wie se siik. Doe hat heit nei har ta west, en dy joech har duveldrek. Dat nom se yn. Even letter spuide se allegear fiskjes út.
nl.verhalenbank.25475
Op 'e ein fan 'e Houtigehage wenne Gjerte Jeltsje. Dat wie in tsjoenster. Ritske en Aeltsje hienen in bern, dat wie bitsjoend. Op in moarn gong Gjerte Jeltsje dêr hinne. Mar Ritske hie duveldrek ûnder 'e drompel dien, dat doe koe Gjerte Jeltsje der net yn komme. Hja hie hyltyd mar raesd dat se der yn woe, mar sy koe net in foet oer de drompel sette. Op 't...
nl.verhalenbank.24684
Der wie in hazze, dêr loerde Bearn van der Woude al gâns in set op. Hy hie der al wit hoe faek op sketten. Dan fleach it hier him nei, mar altyd naeide dy hazze wer út. Bearn wie in streuper. Alde Teade Gjetsje wenne tsjin him oer. Dat wie in tsjoenster. Dy wie it; dy foroare har yn in hazze. Alle jounen siet dy hazze ta de koal. Op in nacht doe skeat er...
nl.verhalenbank.28243
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Pake en beppe wennen op 'e Noarder Dwarsfeart. In broer fan pake, dat wie Geart Schriemer, dy wie bitsjoend. Hy wie sa siik as in houn en trille fan 'e koarts. Der wie altyd in dikke swarte kat by harren yn 'e buurt en dy hie pake yn 'e rekken. Dat wie de tsjoenster. Pake hie al in pear kear in raem op dy kat...
nl.verhalenbank.19863
Minse Griper en Tryn Snipel wennen oan 'e Spekloane. Tryn wie kaertlizter en Minse wie duvelbander. Wy hienen dêr lân. Om dêr to kommen moesten wy achter har hûs lâns. Heit hie ús bang makke foar Minse. Wy wienen trouwens altyd bang, fral jouns as it tsjuster wie. Doe't ik âlder wie siet ik us op in kear by Minse. Minse sei: "Soenen jim wol in buorrel...
nl.verhalenbank.25214
Doe't ik noch jong wie wenne der yn 'e Boelensleane in tsjoenster, dat wie âlde Jiske Wyts. By heit en dy wie op in nacht ien fan 'e bern hyltyd oan 't gûlen. Heit en mem koenen der net fan sliepe. Heit wist sekuer dat it de skuld wie fan Jiske Wyts. Dat wie in tsjoenster. Heit wie driftich en koart. Sy neamden him Biesterveld. Doe't dat bern hyltyd mar...
nl.verhalenbank.27767
24