Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
267 results
Dutch Keywords: straf
Yn 'e kroech fan IJe Hulshof yn Surhuzum wie ris in keardel, dy liet dêr de duvel komme. Doe't er nei hûs ta soe is er raer ôfseame troch de duvel.
nl.verhalenbank.29444
Yn Twizelerheide binne wol guon, dy't ik noch kend ha, smiten woarn, as se in slokje op hienen en it yn 'e kroech raer opsein hienen. Dan strafte de duvel har.
nl.verhalenbank.33811
Op 'e Godloas Singel dêr hat de duvel ien de nekke omdraeid. Hy hie yn 'e herberch sitten en dêr hied er tige flokt. De oare deis lei er dea op bêd.
nl.verhalenbank.30856
Boele en Baeije wennen oan 'e Skûlenburchster feart, tichte by de Hege Draei. Boele (Kuipers) wie in nuver man. Hy koe 't raer opsizze en 't wie slim sa't er spotte. Op in kear hat de duvel him ris topakken krige en dy hat him sa'n ein smiten, omtrint oan hûs ta.
nl.verhalenbank.29318
Yn 'e Harkema hat in timmerman wenne, dy hiet fan Ruerd v.d. Veen. Dy sei: "Ik bin fan 'e duvel net bang." Doe ha se him sa bot smiten, dat hy is der oan stoarn.
nl.verhalenbank.25734
Lytse Wyberen wie ûngelokkich, dy ried yn in karke. Hy wenne hjir yn 'e Westerein. Dy is alris in kear mei weintsje en al yn 'e sleat smiten woarn. Mar dat wie it wurk fan 'e duvel. Doe sil er earst wol hwat útheve ha. Hy hat it sels faek forteld.
nl.verhalenbank.34573
Paulus wie in hiele raren-ien, 't wie de raerste fan Albert en Tet-jonges. Op in kear doe wied er yn 'e buert fan 't tsjerkhôf. Doe wie der samar in fremde kat oankom en dy hie him hielendal toklaud. Dat hie de duvel west.
nl.verhalenbank.22305
Yn Burgumerheide binne wol gauris guon smiten woarn dy't it mâl dien hienen. Dat wie de straf fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.18110
It is yn Feanwâldsterwâl gebeurd dat ien, dy't út 'e kroech kaem en sein hie dat er net bang wie foar de duvel, ûnderweis in ein fuortsmiten woarde.
nl.verhalenbank.29673
Op Readskuorre wie in stille kroech. Dêr hat ris ien sitten to swearen en to swetsen en oer de duvel to praten. Doe't er bûten kom hat de duvel him in ein smiten.
nl.verhalenbank.37103
By de Godloas brêge hat froeger in herberch stien. Dêr gong 't der soms raer oan wei. Flokke en kreauwe. 't Wie fóár myn tiid, mar der binne wol guon útkom, dy't ûnderweis nei hûs in rare reis makken. Dan rêdde de duvel mei har.
nl.verhalenbank.24351
To Eastemar hat men it Jan Koartslân. Dêr hat de duvel ien de nekke omdraeid.
nl.verhalenbank.26133
Faek ha 'k fortellen heard dat de duvel ien yn 'e sleat smiten hat, dy't út 'e kroech kaem en 't raer opsein hie.
nl.verhalenbank.30431
As ien dronken wie en him mâl tjirge ensa, koe 't gebeure, dat de duvel him even letter yn 'e sleat smiet.
nl.verhalenbank.19505
Yn 'e Dokkumer Wâlden is it forskillende kearen gebeurd dat in man dy't yn 'e nacht ûnderweis wie, samar in ein fuortsmiten woarde. Sa'n ien hie dan yn 'e herberch sitten en rare wurden sein. Dan rêdde de duvel mei him.
nl.verhalenbank.30025
Sytse Jager wie myn omke. Dy is ris in kear thús kom, doe wie 't gjin minske mear. Sa bot hie de duvel him smiten. Oer de dyk en de beamwâl hinne.
nl.verhalenbank.33301
In het dorpje Middelbeers wist de duivel zich in een grote, gevaarlijk uitziende, zwarte hond te veranderen. Die hond lag dag en dag daar voor de kerkdeur van Middelbeers. Dat was lastig want op den duur durfde bijna geen mens meer naar de kerk te gaan uit vrees voor die grommende hond die iedereen zijn scherpe witte tanden liet zien. De pastoor die reeds...
nl.verhalenbank.69736
'De vurige beer' is een oud volksverhaal uit de omgeving van Soest. Het landschap daar met veen, plassen, bossen, heiden, zandverstuivingen en moerassen appelleerde aan de griezelfantasie en in de Soester verteltraditie waren duivels, heksen, spoken, onderaardse gangen en dwaallichten niet van de lucht. 'De vurige beer' gaat over een misdadiger die eeuwig...
nl.verhalenbank.42773
De tol van de Kollenberg Te Overhoven bij Sittard leefde lange jaren geleden een goddeloze smid, die 's zondags, om de gelovigen te ergeren, onder de Hoogmis met een hamer op zijn aambeeld beukte en daarbij vloekte of godslasteringen uitbraakte. Toen dat lang genoeg geduurd had, kwam daar een einde aan. Na zijn dood kreeg hij zijn verdiende straf. De...
nl.verhalenbank.43078
Ien hjirwei kaem ris in kear út 'e herberch. Underweis nei hûs ta woard er samar fan 'e wei ôf yn 'e sleat smiten. Hy sei: "Bliksem, doch dat noch ris." Doe gebeurde 't wer. "Noch ris", sei er. En wer woarde er yn 'e feart smiten. Mar doe doarst er it net wer to freegjen, hwant doe wist er dat it de duvel wie.
nl.verhalenbank.28116
292