Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
263 results
Dutch Keywords: straf
I. De duivel 1. Zijn U verhalen bekend over mensen, die de duivel gezien hebben of omgang met hem hebben gehad (met hem gedanst hebben, met hem kaart hebben gespeeld), of kent U andere verhalen, waarin de duivel een rol speelt? Gelieve elk verhaal te noteren op een afzonderlijk blad papier en in elk verhaal duidelijk aan te duiden hoe de duivel...
nl.verhalenbank.14810
Yn 'e Broek wennen in pear mannen, dat wienen echte rare. "Wy jowe om 'e duvel niks", seinen se, en sa wie 't ek. Sy joegen suver nergens hwat om. Mar sy binne beide raer oan har ein kom. Sy hienen nei Burgumer merke ta west, elk mei in faem. Doe't se op 'e weromreis yn 'e Falom kommen, krigen se spul. De iene stuts de oare mei 't mes. Dat wie it wurk fan...
nl.verhalenbank.24362
Je mag niet te veel in de spiegel kijke, anders draait de duvel je nek om.
nl.verhalenbank.70187
Op Readskuorre wie in stille kroech. Dêr hat ris ien sitten to swearen en to swetsen en oer de duvel to praten. Doe't er bûten kom hat de duvel him in ein smiten.
nl.verhalenbank.37103
Yn 'e kroech fan IJe Hulshof to Surhuzum hat it jongfolk ris it heilich avondmael fierd. Hja spotten der grouwélich by. Hja binne dêr raer weikaem, de duvel hat mei har ôfrekkene.
nl.verhalenbank.37094
Twa feinten sieten yn 'e kroech op 'e Foarwei. Hja hienen aerdich hwat hawn en swetsten mar raek. Doe gongen se fuort. Se kamen op 'e Lange Loane. Se moesten beide de Stasjonswei del. Ien fan 'e beiden woarde op 'e Lange Loane opnom en in ein fuortsmiten. De oare kaem neat oer. Dat wie it wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.36576
Fan Jistrum nei Skûlenboarch, oan 'e Keale wei, der roan ris ien op 'e lette joun, dy kaem út 'e kroech to Skûlenboarch wei. Hy hie dêr yn dy kroech sein: "Ik bin foar gjin duvel bang", en doe waerd er even letter, ûnderweis sa bot hinne en wer smiten, dat hy wie mear dea as levend, doe't er yn Jistrum oankaem.
nl.verhalenbank.36497
Lytse Wyberen wie ûngelokkich, dy ried yn in karke. Hy wenne hjir yn 'e Westerein. Dy is alris in kear mei weintsje en al yn 'e sleat smiten woarn. Mar dat wie it wurk fan 'e duvel. Doe sil er earst wol hwat útheve ha. Hy hat it sels faek forteld.
nl.verhalenbank.34573
Yn Twizelerheide binne wol guon, dy't ik noch kend ha, smiten woarn, as se in slokje op hienen en it yn 'e kroech raer opsein hienen. Dan strafte de duvel har.
nl.verhalenbank.33811
Yn Jistrum wie in jongfeint dy hie 't raer opsein. It wie der fier by troch. Doe't er dy jouns op 't Wyldpaed kom, woarde er optild en smiten. Neffens it sizzen mat dat it wurk fan 'e kweade west ha.
nl.verhalenbank.33607
Sytse Jager wie myn omke. Dy is ris in kear thús kom, doe wie 't gjin minske mear. Sa bot hie de duvel him smiten. Oer de dyk en de beamwâl hinne.
nl.verhalenbank.33301
Dyselde swager kom er ris in kear út 'e kroech. Ik bin foar gjin duvel bang, sei er, en mar opskeppe en swetse. Doe hat de duvel him ûnderweis pakt en in ein smiten.
nl.verhalenbank.33074
Hjir yn 'e Rottefalle hat in man west, dat wie o sa'n raren-ien. Hy sei op in kear: "As der dan in duvel is, woe ik him wolris tsjinkomme." En doe gong er de Skeanpaden lâns. Doe kom de duvel him tsjin. Doe is 't him raer forgong.
nl.verhalenbank.33055
Mike Ruerd (= R.v.d. Veen) is ekris smiten woarn. Dat hied er wol fortsjinne. Ruerd wie in beul fan in keardel, dy't syn wiif skandalich bihandele hat.
nl.verhalenbank.32985
Remmelt de Haan is in kear op 'e heide fuortsmiten yn 'e sleat. Der roan ien njonken him, sei er. Dat wie de duvel. Skoanheit en dy ha him wer nei hûs ta brocht. Hy kaem by pake en dy dweiltrochwiet. Heit wie doe noch yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.32494
Jan de Haan, de heit fan Geart de Haan, yn 'e Sumarreheide, woarde op in kear samar oer de hage hinne smiten by 't café fan Roel Theunissen op 'e Harste. Dat hie de duvel dien.
nl.verhalenbank.32448
Jehannes van der Zee wie arbeider by Sjoerd Bonnes. Hy wie in wreden hond en in greate flokker. Dy is op in moarn troch de duvel oer de dyk hinne smiten. Letter wie er aerdich bikaem en gong er nei tsjerke ta.
nl.verhalenbank.32121
Dêr wienen trije man op in paed nei Feanwâlden ta. Se hienen Quatrebras al even passeard. Ien fan dy trije wie in flokker. Dy hie oeral de spot mei. Doe waerd er samar tusken de beide oaren weismiten, sûnder dat se seagen hwa't dat die.
nl.verhalenbank.31606
Yn 'e Harkema mat it gebeurd wêze dat ien - dat wie ek in flokker - oer in dyk smiten is.
nl.verhalenbank.31044
Yn Surhústerfean wenne in jongfeint, dy swearde en swetste der mar op los. Mar doe waerd er op in kear ûnforwacht samar by him yn 'e hûs fan 'e iene hoeke yn 'e keamer nei de oare smiten. Sûnt wie er aerdich bikaem.
nl.verhalenbank.31043
289