Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 results
Dutch Keywords: spokerij Place of Narration: Harkema
Der binne dieren, dy kinne se mei in gewear noait reitsje. Sokke dieren dêr wennet de duvel yn.
nl.verhalenbank.20033
Alde Albert Alma, dy't letter mei Tet (in oare Tet) troud is, wie noch feint. It wie in earst raren-ien. It koe him neat skele hwat er die en hwat er sei. De duvel hie macht oer him. Op in joun doe hied er it wer raer dien. Hy wie thúskom en hie de doar beet krije sild. Mar de doar wie automatysk út him sels foar him iependraeid. En sa wied er ek wer...
nl.verhalenbank.22221
It wie ± 1886 dat de dûmny mei in âlderling op hûsbisyk wie yn 'e Smoarhoeke. It wie bikend, dat der yn 'e Smoarhoeke hwat wie, dat net doochde. Dear roan hwat. By nacht doarst dear noait ien to reizgjen. De dûmny en de âlderling kommen it tsjin. Dûmny sei: "Hwa binne jo?" "Ik ben de vorst der duisternis", sei dyselde. Doe sei dûmny: "Mat de forst der...
nl.verhalenbank.15620
Doe't Hindrik Holthuis noch jong wie joech er om God noch syn gebot. Hy hie de gek mei alle godstsjinst. As feint soed er us nei de froulju ta. Hy roan de Bopperein fan 't Wytfean del. Se hienen tsjin him sein dat it dêr spoeke. Mar Hindrik hie sein: "Ik bin foar gjin sawn duvels bang!" Der stienen roggehokken op it lân, dêr't er lâns moast. Hindrik seach...
nl.verhalenbank.21233
Us beppe en dy ha yn de Ham wenne yn in spoekhûs. Omke dy't by har ynwenne hie in geit yn 'e skuorre. It wie in wite geit mei hoarnen op 'e kop. Mar dy geit koed er dêr noait fêst hâlde. Dan flokte hy der oer. Altyd wie de geit wer los. Beppe sei tsjin him: Dû hoechst it net wer to bisykjen, jonge, hwant it is satan dy't him wer losmakket. Alle Wagenaar...
nl.verhalenbank.16083
Oan 'e Nije Wei yn 'e Harkema spoeke in houn. In jonge fan sawntsjin jier sei: "Dy wol 'k wolris sjen." De houn wie great en bûnt. De jonge hat mei de houn fochten, mar koe him gjin baes wurde. De houn woun it. It wie de kweade.
nl.verhalenbank.17534
De bonken yn 'e bientsjekou. Der wenne ergens in jongfeint, dy wie net gau bang. Hy wedde mei it jongfolk, hy soe op dy en dy joun let nei 't tsjerkhôf en in deabonke út 'e bientsjekou helje. Dat wie dus ôfpraet. Mar de koster, dy't der fan ôfwiste, forskûle him achter de bonken. Hy hie in wyt lekken om him hinne dien. De jonge pakte in bonke. Doe sei de...
nl.verhalenbank.20827
Yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema spoeket in baerch mei in brijpot om 'e hals. Ek is dêr in keardel dy't alhiel trochljochte is; in gleone keardel. Dy rint dêr om. Se seinen dat dat de duvel wie. Fan Readskuorre oan 'e Smoarhoeke ta roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.17545
It gebeurde froeger us in kear, dat guon mei elkoar us hwat oan 't dominearjen wienen. (flokke, raer dwaen en sa.) Doe kom der in swart ding oan. Dat ding hie 't op ien fan dy mannen bigrepen. Dat wie Sytse Jager. Dy woarde samar opnom en in ein fuort smiten, tichte by in dobbe. Sytse wie sa binaud, dat hy gong fan binaudens yn dy dobbe. Hy wie sa...
nl.verhalenbank.19980
Alde Boele wie foar de twadde kear troud mei Fokeltsje-moai. Hja wennen yn Stiensgea. As Boeleom oan 't wurk wie paste Fokeltsje-moai op 'e hoklingen. Op in dei seach se, dat ien fan 'e hoklingen deunsk wie. Mar sy forgeat it dy jouns tsjin Boele-om to sizzen. De nachts kom 't har earst yn 't sin. Doe sei se 't tsjin Boele. Boele wie altyd opljeppen. Hy...
nl.verhalenbank.21647
Bôkke Noordman wie in hiele raren ien. Hy flokte en swearde en sûpte hiel bot. Hy kom us fan Feanster merke. Hy hie dêr net in faem krije kind en hy woe dòch ien ha. "Ik wòl in faem ha," sei er, "al mat ik mei in ezel yn 'e hûs sitte." Doe stapte der him samar in ezel op side. Doe woarde Bôkke sa binaud, dat hy kloppe âlde Willem Hofstede fan bêd. Hy...
nl.verhalenbank.21235
It wie froeger it gebrûk yn 'e Harkema dat de forstoarne mei in wyt lekken biklaeid woarde. Mar der moest altyd in stik ôfskuord wurde, omdat it oars to lang wie. It lekken mocht net fierder as oan 'e ankels takomme. Dat hâldde forbân mei de wederopstanding. Mei in to lang lekken koe men ommers stroffelje. It is us gebeurd, doe hienen se in minske al yn...
nl.verhalenbank.21293
Mike Ruerd (= R. v.d Veen) wenne yn 'e Harkema. Hy wie timmerman. Op in kear wied er oan 't timmerjen by de earste plaets op it Bomkleaster. Dêr wenne doe Wyberen Hulshof. 't Wie winterdei en 't wie al bitiid tsjuster. Der wie noch in man, dy holp Ruerd by it timmerjen. Ruerd wie net in gewoanen ien. It wie in greate spotter. Hy biwearde by heech en by...
nl.verhalenbank.33642
It wie wol in dit en in dat Us heit wie klompmakker en doe arbeide er by âlde Marten Skoechje te Koartwâld. Jûns sa'n oere of acht kaam er thús. Der lei wat snie en doe trof er Sake Hofstee. Sake Fleisbakje neamden se him wol. Hy wie sa'n bytsje slachter en dan rûn er mei it fleisbakje by de streek. 'Dan kinne wy moai meiïnoar gean, Adam', sei Sake. En...
nl.verhalenbank.12166
14