Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 results
Dutch Keywords: opzijzetten Place of Narration: Harkema
Earen woarde der faek ien yn 'e sleat smiten troch de duvel. Dan woarde der sein: Dy is yn 'e sleat smiten woarn, gjin wûnder, dy leaut oan God noch syn gebot. Sokke praetsjes hienen se dan.
nl.verhalenbank.28809
Hindrik Holthuis wie in forwoest man, dy sûpte om 't leven. Op in kear woarde hy sa bot troch de duvel smiten, dat hy wie kreupel. Doe is er bikeard.
nl.verhalenbank.26227
By 't earmetsjerkhôf hjir yn 'e Harkema is ris ien yn 'e sleat smiten. Dat wie it wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.28800
Albert Alma, de heit fan Wibe Alma, wie sahwat de raerste fan 'e Harkema. Op in kear wied er dronken thúskom. Doe wied er yn 't hea lizzen gong. Mar dêr hie de duvel west. En dy hie him pakt en dêr wei goaid.
nl.verhalenbank.26351
Der wenne ek in feint yn 'e Harkema, dy die 't altyd raer. Hy flokte as in ketter en hy song op in kear - 't wie op in joun - hyltyd: "O Heare, Jé, o heare Jé -" Der wie oar jongfolk by him. Rinse de Wind syn hûs stie yn 'e brân. Dat ûntdekte dat jongfolk en dêr woenen se hinne. Ik wie der sels ek by. Wy wienen oan 'e Singel. Wy gongen der hinne. Hy soe...
nl.verhalenbank.28507
Sytse Jager wie in forwoesteling. Hy stie op in joun by in stik of hwat fan syn maten yn 'e Smoarhoeke. Doe sei er: "'k Mat even skite." En doe gong er achter de dyk sitten. Mar doe kom de duvel by him. En dy hat him hiel bot smiten. Hy bleau dêr foar dead lizzen. Dyselde nachts hat myn broer Wierd him op 'e karre thúsbrocht. Sytse wie deabinaud. Doe't se...
nl.verhalenbank.27290
Hindrik Holthuis is yn 1922 stoarn. Hy sei 't altyd raer op en spotte rounom mei. Op in kear doe hied er yn 'e kroech sitten. Doe't er ûnderweis wie nei hûs hied er hwat troffen. Doe wie er al yn 'e Harkema. Hy koe net sjen hwat it wie en sei: "Bistû de duvel, dan bin ik dyn moer." Doe hie de duvel him beetpakt en fuortgoaid en net sunich. Hy hâldde der...
nl.verhalenbank.26350
Mike Ruerd hie op in kear bot flokt en dien. Hy wie timmerman. In bakje mei ark hie er oer 't skouder, doe't er dy jouns fan 't wurk kom. Hy gong de âlde paden del by 't Bomkleaster. 't Wie in minnen-ien. Hy bihandele syn âld wiif skandalich. Doe is er dêr op ien fan 'e houtsjes, dêr't er oer moest, smiten woarn en net sunich. Hy wie mear dea as levend....
nl.verhalenbank.26224
Myn broer Roel wie sahwat twintich jier âld, it is nou sa'n fiif en sechstich jier lyn, doe kom er op in kear fan 't Fean ôf. Hy wie net oansketten dat hy hie alle positiven goed byinoar. Hy roan de nije wei del, dat wie doe in sânreed, hjir yn 'e Harkema. Doe woarde er samar ynienen opnom en wol twa trije ikkers fier fan 't paed wer delset. 't Wie wol...
nl.verhalenbank.26223
In sekere Alma fan Stiensgea sei it ek altyd raer op. Dy paste net op syn wurden. Op in kear kom er to Surhuzum út 'e kroech. Doe is er yn 'e Spoekdobbe smiten woarn.
nl.verhalenbank.28613
Oeds Holthuis fan 'e Harkema is ek ris smiten woarn. Fan tofoaren wie 't in rûch man. Nei dy tiid wie er bikeard.
nl.verhalenbank.28615
Sytse Jager fan 'e Harkema (út 'e Smoarhoeke) wie ek in raren. Dy spotte oeral mei. Mar spotters krije spotterslean, sizze se dan. Op in kear stie er by 't jongfolk, doe moest er even út 'e broek. Doe't er dêr achter 'e dyk siet, is er boven oer de beammen fan 'e dyk hinne smiten woarn. Hy raesde hiel bot: "O Heare, Heare, ik sil 't noait wer dwaen!" 't...
nl.verhalenbank.28614
Hindrik Holthuis fan 'e Harkema wie de greatste spotter fan 't doarp. Hy hie de bern op in rige njonken elkoar sitten op 'e dyk. Dan liet er dy bern flokke. Hwa't it botste flokke koe dy krige jild fan him ta bileanning. Doe is er us op in kear sa bot smiten woarn troch de duvel, dat hy bleau kreupel. Doe is er bikeard. Doe woarde hy de lieder fan 'e...
nl.verhalenbank.26241
Der hat yn 'e Harkema in man wenne, dat wie Ruerd van der Veen. Dy wie tige rûch yn 'e mûle. Op in dei hied er oan 't dekken west op ien fan 'e plaetsen fan 't Bomkleaster. De jouns, doe't it dekken dien wie, gong er boven op 'e nael fan 'e skuorre sitten en doe rôp er: "Nou bin 'k net bang, foar de duvel net!" En dêr flokte er by. Doe gong er nei hûs ta....
nl.verhalenbank.28599
14