Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
18 results
Dutch Keywords: nacht toverij
Stammerige Harm hat my wol jild to lien oanbean. Mar ik woe syn jild net ha. Hy hong jouns in lege ponge oan 'e doar, de nachts die de duvel der jild yn.
nl.verhalenbank.22693
Piter hie in wiif, dat wie in tsjoenster. Nachts wie se der op út, dan lei de pânse allinne op bêd. Piter sels hie him oan 'e duvel forkocht. As er forlet fan jild hie, dan hong er in lege jildponge bûten oan 'e kruk fan 'e doar. Dat die er jouns. De oare moarns siet der jild yn.
nl.verhalenbank.25431
Alde Hinse Jehannes de Boer fan 't Swartfean krige us op in nacht selskip fan in pear man doe't er ûnderweis wie. Hy tocht: "Dy wolle my birove." "Ik mat earst efkes mei de âlde ôfrekkenje", sei er. Wylst draeide er mei de hakke in kûle yn 'e groun en lei dêr twa ryksdaelders yn. De twa naeiden út, sa hurd as se koenen.
nl.verhalenbank.20473
Stammerige Harm syn mem hie in winkeltsje. Op in joun sieten se dêr meielkoar oan 'e kofje. Doe sei 't minske ynienen: "Nou is 't aanst myn tiid." "Hoe dat sa?" sei ien fan 'e oaren. Guon makken der in grapke fan. Ien sei: "Ast it liichste, mast de stok oer de bealch ha." Klokslach tolwe ûre yn 'e nacht die 't minske noch ien snok en doe wie se dea. Sy...
nl.verhalenbank.19889
Lytse Bjinse fan Sumar wie in duvelbander. 't Wie in lyts roungear gebrekkich keardeltsje. Hwannear't de skiep net drachtich wurde woenen of as de hinnen nachts bigounen to keakeljen, dan hellen se him der wol by. Hy kom mei de karre, twa dikke hounen der foar. Hy lei op 'e knibbels yn 'e karre. Hy sei tsjin 'e hounen: "Jimme matte rinne, as sit de duvel...
nl.verhalenbank.25303
Myn frou wenne yn Twizelerheide yn in húske mei in plankje oer in sleat. Op in joun, doe leinen se al by harren op bêd, doe hearden skoanmem en dy guon praten. Skoanmem gong der ôf en gong foar 't glês stean om to sjen hwa't dat noch wiene, dy't sa let warber wienen. Doe seach se trije minsken rinnen. It wienen Stammerige Harm, dy syn suster en in dochter...
nl.verhalenbank.24528
Zijn U verhalen bekend over mensen, die de duivel gezien hebben of omgang met hem hebben gehad (met hem gedanst hebben, met hem kaart hebben gespeeld), of kent U andere verhalen, waarin de duivel een rol speelt? Gelieve elk verhaal te noteren op een afzonderlijk blad papier en in elk verhaal duidelijk aan te duiden hoe de duivel voorgesteld wordt (met...
nl.verhalenbank.14806
In de Nieuwe Brielsche Courant van zondag 05 februari 1882 stond het volgende artikel over Zuidland: “Er gebeuren tegenwoordig hier wondere dingen. In vroeger jaren hoorde men ook wel eens hier en daar een geheimzinnig gefluister over spoken en tooverheksen en soms hoorde men ook wel eens een naam van zoo’n tooverheks noemen, maar daar bleef het dan ook...
nl.verhalenbank.69552
Myn swager syn heit is nou sahwat in fjirtich jier dea. Hy fortelde, hy hie us op in nacht om in ûre of alve ûnderweis west mei de wein. Hy ried op Grinzer Pein yn, dêr't er wenne. Hy wie op 'e Noardwikumerheide, yn 'e buert fan Noardwyk en Mearum. Dêr hearde er hwat sûzjen. Hy draeide him om op 'e wein en hy seach achter him. Mar der wie neat to sjen....
nl.verhalenbank.25552
Grutte Wopke fan Kûkherne Hjir oan 'e Alddyk ûnder Sint Anne wenne in boer, dy hiet Binnema. It wie in widner en hy wenne mei in húshâldster. Dy húshâldster wie spoekbenaud foar foarsjirmerij en tsjoenderij. En nachts miende se te hearren, dat de hynders op 'e stâl en de kij yn 't bûthús troch de duvel of in sadanigen beseten en riden waarden. Doe kaam se...
nl.verhalenbank.13008
Tsjoensters binne yn 'e nacht warber. Ienkear yn 'e sawn jier matte se ien deatsjoene. Op syn minst. Kinne se it net mei minsken rêdde, dan bitsjoene se dieren. Dêrom seach men froeger faek skiep en geiten mei in stikje duveldrek ûnder 'e hals.
nl.verhalenbank.24428
In Dokkum het in dokter woond, die had een kiend, dat was ziek. Hy gaf it kiend gud, maar hij kon 't niet genezen. Doe ging hy naar Joost Wiersma to Eestrum. Hy ging der yn 'e nacht heen, hij wou 't niet foor anderen weten. Joost het it kiend genezen.
nl.verhalenbank.24286
BETOVERDEN Vaak lagen er te Loosduinen kleine rode sterappels, die verleidelijk glommen, langs de berm van de weg. Zij waren daar neergelegd door een van die kwaje, ouwe vrouwen, die heksen konden. Die appels mogen niet worden gegeten, maar moeten eerst zorgvuldig een dag en een nacht in een pul of een pot worden bewaard, bovenop een kast of in een...
nl.verhalenbank.32557
Ik wie in lyts fanke. Om in ûre of ien yn 'e nacht bigoun ik altyd to razen. Der siet in raer, swart ding, dat seach ik en dêr wie ik binaud foar. Heit sei: "It bern is bitsjoend, ik sil nei Wopke ta. Wy krije sa net in wink yn 'e egen." Mar as er dan nei Wopke ta soe, wie 't wer oer. Dat wist de tsjoenster. Dat wie Sytske van Assen. Mar heit is doch nei...
nl.verhalenbank.19443
Hjir foar ús oer yn 'e heide wennen minsken, dy hienen in fanke, dat wie bitsjoend. Sy wie altyd siik. Pake rekke foar har nei Wopke ta. Dy wenne yn Kûkherne. Foardat er dêr oan ta wie, moest er in stik lân troch, dêr roannen oksen yn. Doe kom er by greate Wopke. Hy bigong to fortellen oer it fanke. Mar Wopke sei: "Ik wyt it wol. Gean nei hûs en sied in...
nl.verhalenbank.21947
Yn Hiltsjemoaiwâlden op 'e hoeke fan 'e Reapdraeijersreed stiet in âld húske. It is net mear biwenne en it sil yn 't koart wol ôfbrutsen wurde. De lju dy't der 't lêst yn wenne ha, ha in nije bungalow op 't hiem sette litten, dêr't se nou yn tahâlde. Mar froeger hat myn skoanheit yn dat âlde húske wenne. It hat yn dat húske noait doogd. It wie in...
nl.verhalenbank.21995
Oarreheit (dat wie mem har heit) wie net goed by 't spul. Hy rekke siik. Sy tochten, hy kin wolris bitsjoend wêze en doe gong der ien mei syn wetter nei de Wâlden ta, nei de duvelbander. De duvelbander sei: "Lit my 't wetter mar ris sjen." Doe't er dat bisjoen hie, sei er: "Ja, ik kin him wol hwat jaen, dan wurdt er wol wer better. Mar dan moat er rare...
nl.verhalenbank.27854
Ik wie al troud en ik wenne hjir in eintsje fandinne oan 'e reed. Ik hie op in jountyd nei de Triemen ta west, nei myn swager om in pear lammen dy't ik fan him kocht hie. Ik mocht froeger graech hwat handelje. Ik gong wer nei hûs en kom op 'e reed, doe wie 't yn 'e nacht, om sa'n ûre of alve, tolve. Oan dizze kant fan 't hûs wie in krimpe. Doe't ik dêr...
nl.verhalenbank.24708
19