Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
507 results
Dutch Keywords: man
It is ris gebeurd dat in Westereinder der mei syn karre op út west hie om handel to dwaen. Hy gong wer op hûs yn. 't Wie al tsjuster, doe woarde er samar ynienen oer in sleat hinne smiten. Hy kom alhiel forbouwereard thús. Hy wie bot fan 'e wize en hie him slim sear dien. De oare deis hat er de karre ophelle. Dy stie midden op in tún, in hiele ein fan 'e...
nl.verhalenbank.33821
Wibe Alma fan de Harkema wie us op in joun ûnderweis nei hûs ta. Doe kom der him in dikke swarte houn op side. Wibe wie binaud, hwant dy houn wykte net by him wei. Dy bleau salang by him oant er thús wie. Sy neame sa'n dier in pleachbeest, mar 't is eins de duvel. Wibe fortelde ek dat it de duvel wie.
nl.verhalenbank.27713
Alde Hindrik Mulder wie kloklieder yn 'e Rottefalle. Dy woenen se us in kear bangmeitsje. Twa gongen op in joun nei 't tsjerkhôf ta en dêr gong de iene op 'e oare syn skouder stean, tsjin 'e tsjerkemuorre oan. Doe't Hindrik Mulder dat seach, sei er: "Sjonge, ik ha wol ris twa op elkoar sjoen, mar dêr noch noait in trêdden boven op." Doe wie de ûnderste sa...
nl.verhalenbank.23738
Der wenne hjir op 'e heide in man, dy hie in siik bern. Hy gong nei Wopke ta fan Kûkherne. Dy joech him guod. Wopke sei: "Dat guod wurdt hoe langer hoe hiter ûnderweis. Tink derom en biwarje it goed. Der sil dy wol ien tomjitte komme, hwant jimme bern is bitsjoend. De flesse woardde sa hyt, dat hy koe him op 't lêst hast net langer daeije. Doe wied er al...
nl.verhalenbank.17462
Hinse Jehannes de Boer fan 't Swartfean wie in duvelbanner. Syn wiif woarde siik. Doe gong er nei 't boerke ta fan Sumar. Dat wie Knjillis Wytses. Mar ynpleats dat er it wetter fan syn wiif meinaem, hied er hynstemige yn 't fleske dien. Hy woe us wite of Knjillis Wytses dat ek fornimme soe. Knjillis Wytses joech him in pûdtsje mei. Doe't er it thús iepen...
nl.verhalenbank.20973
Ale Germ (v.d. Bij) flokte en bombardearde dat it in griis wie. Hy wie op 'e Koaningswei achter Feankleaster en hie in slokje op. Hy wie dêr mei myn omkesizzer en noch in feint. Germ woarde dêr samar ynienen opnom en smiten. Hy hie bûnt en blau west. Dat wie 't wurk fan 'e kweade. Hy forwinske God en syn gebod.
nl.verhalenbank.24054
Tusken Surhuzum en Stiensgea stiet de grifformearde tsjerke. Der wenne yn Stiensgea in âld man, dat wie in profeet. Hy profetearre wol soms. Hy kaem us op in nacht achter de bosk lâns. Doe stie de tsjerke der noch net. Doe hearde hy op dat plak timmerjen, hoewol der neat to sjen wie. En der wie in stem dy't sei: "It mat sterk, hwant it is foar de duvel."...
nl.verhalenbank.18141
Doe't skoanheit hjir by ús yn 'e hûs kaem, foun ik ûnder syn ledikant in stik guod, dat like wol stopferve en it stonk ôfgryslik. Ik ha 't fuortsmiten en fortelde hwat ik foun hie. "Nou is 't net bêst," sei skoanheit, "nou binne alle kweade machten op my los litten." Dat guod dat wie duveldrek. Letter foun ik al us wer in stikje duveldrek. Dat makke...
nl.verhalenbank.23896
Myn omke Piter wie ris op in kear to hôfkesjongen (=apelstellen) op 't Bouwekleaster. Der wienen kameraden by him en sy hienen ek in pear hounen by har. Doe gong omke Piter nei in parrebeam ta by in boer yn 't hôf. Mar doe wie dy parrebeam samar út himsels bigong to skodzjen, sûnder dat ien der oan kom, en de parren foelen der allegear ôf. Dat wie it wurk...
nl.verhalenbank.25767
Der wie in hazze, dêr loerde Bearn van der Woude al gâns in set op. Hy hie der al wit hoe faek op sketten. Dan fleach it hier him nei, mar altyd naeide dy hazze wer út. Bearn wie in streuper. Alde Teade Gjetsje wenne tsjin him oer. Dat wie in tsjoenster. Dy wie it; dy foroare har yn in hazze. Alle jounen siet dy hazze ta de koal. Op in nacht doe skeat er...
nl.verhalenbank.28243
Yn 'e buert fan Burgum wie in lânne, dêr spokke it altyd yn. Jochum bargekoopman kaem dy kant út wei. Dy fortelde it ús. Hy sei, syn heit wie dy lânne us yn gong. Dy woe der mear fan witte. Hy seach it spoek en spriek it oan. Hy sei: "Bist fan God, spreek. Zijt ge van de satan, wijk." It spoek wie útnaeid en 't hie dêr noait wer west.
nl.verhalenbank.22154
Trije mannen fan Kollum wienen op stap. 't Wienen rare, alle trije. Se wienen in ein bûten Kollum. "Sjoch," sei de middelste, "dêr komt de duvel oan." Doe waerd er pakt en in ein fuortsmiten. De oare beiden sochten om him en op 't lêst ha se him foun. Hy seach der raer út. Doe kuijeren se mei har trijen fierder. Mar in skoftsje letter waerd er wèr smiten,...
nl.verhalenbank.32145
Auke van der Sluis en Jasper Westra wienen togearre op in nacht to murdzjen. It wie hjir flakby, yn 'e Westerein. Sy rekken oan 't dollen. Sy woenen de murd útgrave. Der stienen twa hountsjes by, dy't se meinom hienen. Doe sei Jasper ynienen: "Hwat is dàt?" Auke seach en sei doe mei in lûd dat trille: "'t Is tiid." Hwant der hie ynienen in mynhearke by...
nl.verhalenbank.21465
Tsjin ús heit seinen se altyd Harm Hoanne. Heit moest altyd noch sinten ha fan myn omke Harm (Veenstra). 't Wie krekt in ryksdaelder. Doe trof er omke op in kear yn 'e lannen. Heit sei tsjin him: "Nou wol 'k myn ryksdaelder ha." "Ik ha gjin sint", sei omke. Hy stammere de wurden altyd sa'n bytsje. Doe sei heit: "Dan slach ik dy de harsens yn, âlde duvel...
nl.verhalenbank.27404
Yn Stiensgea stiet in kroech. Dêr siet us in ploechje jongfolk op in joun. It wie in dronkemanssoadtsje. Dy fierden dêr dy jouns op har menier it heilich avondmael. Doe't dat gebeurd wie moesten se nei hûs ta. Doe is ien fan dy mannen oer de beammen hinne slingere woarn, by de wei lâns. Letter doarst er nergens mear allinne hinne. Syn frou moest altyd...
nl.verhalenbank.25979
Albert Alma, de heit fan Taeke, Wibe en Fokke Hut wie net in bêsten. Flokke en tjirgje, dat wie syn bistean. Op it Jachtfjild woarde er fan 'e kweade oer de wyk smiten. Doe't er thúskom, stie 't iten op 'e tafel. Mynhear joech him de foarke yn 'e hân. Doe moest er ite. Doe hat er in wân krige.
nl.verhalenbank.21300
Yn 'e Harkema wie in bern siik. De buorfrou sei: "Jimme matte yn 't kessen sjen, hwant dêr kin wol ris hwat út komme." Doe ha se 't kessen iepentoarnd. Doe siet dêr in krâns yn, dy wie omtrint ticht. Doe gongen se nei de duvelbander ta. Dat wie jonge Jan fan 't Wytfean. Jonge Jan joech in drank mei. Hy sei: "Tink der om. Underweis is der kâns dat ien dy...
nl.verhalenbank.38679
Der wie in man, dy syn bern wie bitsjoend. Doe gong er nei greate Wopke ta, de duvelbander fan Kûkherne. Wopke joech him in drank mei en sei: "Tink der om, hâld goed de hân op it drankje ast' aenst om dy en dy hekke hinne moatste." Mar doe't er om 'e hekke hinne soe, tocht hy dêr net om. Doe foel it drankje him út 'e bûse wei en it fleske rekke stikken....
nl.verhalenbank.19648
Us heit Jan Bijma en Janom en noch in omke: Keimpe Heidsma hienen yn 'e Parken yn 'e kroech to kaertspyljen west. Sy wienen op stap wer nei hûs ta. Keimpe-om hie hiel bot flokt en dien. Op in stuit koe Keimpe-om net fierder. Hy bleau stokstiif stean en koe net in foet forsette. Heit en Janom gongen troch. (Keimpe en Jan wienen bruorren fan mem)
nl.verhalenbank.25984
Hjir wenne in sekere Fogeltsje. Dy har man wie bot oan 'e drank en dan gong 't altyd op in swetsen en swearen. Op in kear, sa fortelde Fogeltsje, doe hied er yn 'e Ham yn 'e kroech sitten, doe moest er nei Stiensgea ta rinne. Doe't er yn 't west fan Stiensgea wie hied er ien moete. Dy hat mei him fochten en wol sa bot, dat hy kom bont en blau thús. It...
nl.verhalenbank.27638
512