Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 results
Dutch Keywords: lopen Place of Narration: Harkema
Alde Sije wenne by de Liuwepoel yn 'e Harkema. Dy hie him oan 'e duvel forkocht. Hy wie mei in swarte kat trije kearen om 't tsjerkhôf hinne west en alle trije kearen hied er roppen: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" Doe hied er in wikseldaelder krigen. Alde Sije wie hielendal blau om 'e kop. Dat kaem fan 'e drank. Hy koe safolle drank keapje as...
nl.verhalenbank.22230
Woe men in wikseldaelder ha, dan moest men trije kear mei in swarte kat yn in sek om it tsjerkhôf hinne rinne. Alle trije kearen moest men sizze: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" De trêdde kear woarde de kat jin ôfnaem en krige men der in wikseldaelder foar. Mar dan wie men oan 'e dûvel forkocht. Edzer Sint, seinen se, hie 'n wikseldaelder.
nl.verhalenbank.19990
Der hat hjir yn 'e Harkema in man west, dat wie in sekere Schievink. Dy roan us mei ien op. Doomny en mefrou roannen der achteroan. Doomny sei tsjin har: "Hwa't dêr njonken dy man rint, wyt ik net." Doe sei Schievink: "O, dat is de duvel, dy't njonken my is." Doe is de duvel yn 'e wâl flein.
nl.verhalenbank.25803
Bouke Schievink hie in wikseldaelder. Dy hie noait forlet fan jild. Hy hie syn siele oan 'e duvel forkocht. It wie de heit fan Hindrik en Bram Schievink. Hy focht soms mei de duvel. Dy roan soms hiele einen mei him op.
nl.verhalenbank.19364
Lou van der Woude ried mei âlde dûmny Kimp fan de Ham yn 't rydtúch. Dûmny hie to preekjen west. Bauke Schievink roan 't Langpaed del, dat fan Surhuzum nei Readskuorre giet. Dêr kom de kweade him op side. Dy bleau by him oan it Kleasterbreed ta en liet him hyltyd de tosken sjen. Dûmny en Lou kommen dêr lâns. Dûmny sei tsjin Lou: "Schievink hat dêr ek in...
nl.verhalenbank.17533
Yn 'e Hamsterheide wie op in jountiid let in man allinne op in paed. Ynienen seach er, dat der in frommes foar him op roan, en doe't er better taseach, miende hy dat it syn frijster Griet wie. Hy tochte ik rin hwat hurder, dan kin ik mei har oprinne. Mar hoe hurder hy bigong to rinnen, hoe hurder ek hja it op in rinnen sette. Nou en dan seach se om en dan...
nl.verhalenbank.15787
Myn swager syn heit is nou sahwat in fjirtich jier dea. Hy fortelde, hy hie us op in nacht om in ûre of alve ûnderweis west mei de wein. Hy ried op Grinzer Pein yn, dêr't er wenne. Hy wie op 'e Noardwikumerheide, yn 'e buert fan Noardwyk en Mearum. Dêr hearde er hwat sûzjen. Hy draeide him om op 'e wein en hy seach achter him. Mar der wie neat to sjen....
nl.verhalenbank.25552
Ien dy't in wikseldaelder ha woe, moest in swarte kat oantuge. Mei dy swarte kat moest er trije kear om 'e tsjerke hinne rinne. Elke kear moest er troch de tsjerkedoar roppe: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" De trêdde kear woarde dan de doar op in kier dien en de wikseldaelder woarde him foar de kat jown.
nl.verhalenbank.21309
Yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema spoeket in baerch mei in brijpot om 'e hals. Ek is dêr in keardel dy't alhiel trochljochte is; in gleone keardel. Dy rint dêr om. Se seinen dat dat de duvel wie. Fan Readskuorre oan 'e Smoarhoeke ta roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.17545
Myn broer Sytse wie mei de keppel op 'e greate kamp. Hy moest even út 'e broek. Mar hy kom net wer. Sy founen him mei de holle by de dyk del. Piter sei: "Hwa hat dy slein? Dat hat Jan Ynske Wierd dien, tink." "Né, Wierd net, mar in hiel lyts keardeltsje. Dy hat my fan 'e dyk op 't lân smiten en fan 't lân wer op 'e dyk." Sy ha him mei de karre dêr wei...
nl.verhalenbank.21301
Alde Bôkke Noordman gong us op in joun let nei hûs ta. Hy wenne yn Surhústerfean. Hy gong de âlde Jirren lâns. Doe seach er in fûgel, dy fleach flak by him lâns. Dan wer fleach er yn dizze beam en dan wer yn dy en hy fluite hyltyd mar troch. Alde Bôkke wie deabinaud woarn, dat hy hie flein om thús to kommen. Hyltyd fleach dy fûgel by him lâns. Dat mat de...
nl.verhalenbank.26276
Us mem helle us fyftich baelders op fan Teije Tammes Syts. Mar doe't se mei dy baelders fuort soe, liet Syts har stean. Se koe net in foet forsette. Wol in healûre lang hat se dêr sa stien. Doe kom Syts har keardel der oan. Dy sei tsjin mem: "Dû hast hjir lang genôch stien. Dû mast sjen datst thúskomste mei de branje." Doe koe mem earst noch net to bêst...
nl.verhalenbank.20032
Bôkke Noordman wie in hiele raren ien. Hy flokte en swearde en sûpte hiel bot. Hy kom us fan Feanster merke. Hy hie dêr net in faem krije kind en hy woe dòch ien ha. "Ik wòl in faem ha," sei er, "al mat ik mei in ezel yn 'e hûs sitte." Doe stapte der him samar in ezel op side. Doe woarde Bôkke sa binaud, dat hy kloppe âlde Willem Hofstede fan bêd. Hy...
nl.verhalenbank.21235
Us beppe wie froeger tsjinstfaem. Op in kear roan se mei noch in oar famke even nei hûs ta. 't Wie op in joun. Dat famke praette nochal lûd. Doe sei beppe tsjin har: "Wy matte net sa lûd prate, hwant ús Hindrik wyt alles as ik thús kom, hwat wy tsjin elkoar sizze." Doe hie se sein: "As wy wer prate, mast ris achter ús sjen, hwant dat is ús Hindrik, dy't...
nl.verhalenbank.23528
Frânse Hinke fan 'e Rottefalle wie duvelbanster en wûnderdokter. Sy wenne de kant út nei de boppeste Rot'falle yn 'e buert fan 't earmhûs, oan 'e lofterhân. Ik wie sa'n fiif en twintich jier âld. 'k Hie 't al in healjier lang tige slim yn 'e draeibonke (kontbonke). Ik koe sitte noch stean en my net forroere. Ik lei altyd en hie in slimme pine. Se fuorren...
nl.verhalenbank.23447
15