Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: geven Place of Narration: Harkema
Woe men in wikseldaelder ha, dan moest men trije kear mei in swarte kat yn in sek om it tsjerkhôf hinne rinne. Alle trije kearen moest men sizze: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" De trêdde kear woarde de kat jin ôfnaem en krige men der in wikseldaelder foar. Mar dan wie men oan 'e dûvel forkocht. Edzer Sint, seinen se, hie 'n wikseldaelder.
nl.verhalenbank.19990
Noch net sa mâlle lang lyn traktearre in âld wiif in jonge op pankoeken. Doe't er thús kom, bigong de jonge to koarjen. Dat wie syn gelok. It wienen allegearre slangehûden dy't der út kommen. It gebeurde yn 'e Harkema. Twa fan syn susters woarden doe sa lulk op it âld wiif, dat hja roannen nei har ta en seinen: "Nou silstû, âlde duvel, stjerre!" Mar it...
nl.verhalenbank.21250
Ien dy't in wikseldaelder ha woe, moest in swarte kat oantuge. Mei dy swarte kat moest er trije kear om 'e tsjerke hinne rinne. Elke kear moest er troch de tsjerkedoar roppe: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" De trêdde kear woarde dan de doar op in kier dien en de wikseldaelder woarde him foar de kat jown.
nl.verhalenbank.21309
Myn âlde omke Lammert, doe't dat noch in jonge wie fan sa'n jier of fjirtsjin, gong er wol us nei âlde Ot ta. Op in kear, doe hie Ot him hwat jown. Doe't er thús wie, krige er in ôfgryslike pine. Doe sei beppe: "Der kom nyskes ek hwat oanroljen." Doe't omke Lammert dat hearde, hied er hyltyd it eech op it iene glês. Pake gong der út. Hy sei: "De earste...
nl.verhalenbank.21386
Myn âlde omke Lammert, doe't dat noch in bern wie, gong er wol us nei âlde Ot ta. Hy wie in jonge fan in jier of fjirtsjin, doe gebeurde it op in kear dat Ot him hwat joech. Doe't er thús wie, krige er in ôfgrysliken pine. Doe sei beppe: "Der kom nyskes ek hwat oanroljen." Doe't omke Lammert dat hearde, hied er hyltyd it eech op it iene glês, dêr't beppe...
nl.verhalenbank.21566
Heit fortelde ús myn âlde omke hie in dochter hawn, dy wie siik. Dêr gong omke foar nei Wopke duvelbander ta, dy't yn Kûkherne wenne. Omke ried oer de Wide Pet, hwant it wie winter. Wopke sei: "It fanke is bitsjoend. Hjir hast in drankje. Mar dû mast goed op 'e flesse passe, hwant ast omtrint thús biste komt de tsjoenster dy yn 'e mjitte, dy hat har yn...
nl.verhalenbank.17558
6