Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: geld Place of Narration: Zandbulten
Frijmitselers ha in forboun mei de duvel sluten, dat se mei har eigen bloed ûndertekenje. Wolle jo der by wei, dan matte jo wer jou eigen hantekening mei bloed sette, mar binne jo der út, dan binne jo ek dea. Bihalve as jo se forifelje en jo sette de hantekening mei it bloed fan in geit of sa. As jo jou namme set ha, matte jo der achterstofoar út gean....
nl.verhalenbank.24829
Der wie in boer, dy wenne yn in hiel âld plaets. Dy moest och sa noadich forboud wurde. Mar dêr wienen gjin sinten foar. De man prakkesearre der alle dagen oer en hie der gjin wille om. De plaets wie oan 't omfallen ta en dan wie 't net bêst. Dan hie er foar syn húshâlding en foar syn fé net mear in dak boven de holle. Jouns kuijere er faek op it hiem...
nl.verhalenbank.25295
Frijmitselers binne oan 'e duvel forkocht. Sy ha noait forlet fan jild. Dy't ienkear by de frijmitselers is, kin der noait wer by wei. Der sit in geheim oan dy lju, dat wurdt men noait gewaer. Sy matte in skoft yn in deakiste lizze, as se frijmitseler wurde en mei dy deakiste tôgje se ek om.
nl.verhalenbank.27439
Stammerige Harm wie oan 'e duvel forkocht. Hy hie in wikseldaelder. Harm hie in âld lears yn 'e skuorre to hingjen. Dy lears dêr wie de boom út. De duvel smiet it jild yn 'e lears en dat kom allegear yn 'e skuorre tolânne. Trochdat de lears noait fol rekke hie Harm sa'n jild.
nl.verhalenbank.23901
Mem fortelde: Wy gongen froeger faek nei de Grinzer Klaei ta to wjudden en to flaekslûken. Wy slepten yn 'e skuorren. Wy wienen us yn in skuorre, doe lei dêr in koe yn in leech fek yn 'e skuorre. De arbeider fan 'e boer sei: "Jimme hoeve jim net oan dy koe to steuren." Mar dy koe wie fan 'e duvel. De boer wie frijmitseler. As er forlet hie fan jild holp...
nl.verhalenbank.24056
Frijmitselders ha in forboun mei de duvel. Sy ûndertekenje in kontrakt mei har eigen bloed. As se der út wolle matte se wer har namme sette mei eigen bloed. Mar dan geane se dea. Sy ha noait gebrek oan jild.
nl.verhalenbank.24055
Der wie in boer, dy hie in hiel âld plaets. Dy wie wol sa min. Mar dy boer hie gjin jild om in nijen sette to litten. "Hoe krij ik in nije plaets", sei er faek yn him sels. Dan roan er op 'e wei om jouns en dan prakkesearre er mar. Op in kear wie dat wer it gefal. Doe kom dêr in man oan. "Hwerom bistû hjir alle jounen op 'e wei?" sei dy. "Dat sil 'k jo...
nl.verhalenbank.27437
Stammerige Harm hie in wikseldaelder. Syn eigen skoansoan hat wol sein, dat er faek hiel nuver en geheimsinnich die. Dan gong hy der út, in lyts eintsje fan hûs of, dêr knibbele er del en dan bidde er en dan kom er wer mei in knoarre jild thús. Hy koe elkenien wol jild liene.
nl.verhalenbank.24830
Stammerige Harm, seinen se, hie in wikseldaelder. In wikseldaelder, as men dy útjowt, dy komt altyd wer yn 'e knip tolânne. Myn swager sei, Stammerige Harm koe mear as sljochtwei. Hy koe tsjoene. Jouns hong er de lege pong bûten oan 'e kruk fan 'e doar. De oare moarns wied er fol jild. Soks dienen de frijmitselders ek. Mar dat koenen se mar trije kear...
nl.verhalenbank.27438
9