Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: eten duivelsdrek
Soms sieten de bargen ûnder de kweade minsken. Dan wienen se bitsjoend. Men moest goed oppasse hwa't men by de bargen liet. Net elkenien wie dêrby fortroud. Wienen de bargen bitsjoend, dan tarden se út. Dan joech it fretten har neat mear. Men moest in pûde mei duveldrek foar de trôch hingje, dat holp. Meastal wie de tsjoenster fan 'e bargen in man. Soms...
nl.verhalenbank.30088
Sa'n sawntich jier lyn hienen de lju oan 'e Skieppedrifte ûnder Droegeham allegearre duveldrek ûnder 'e drompels en dêr wie ien húshâlding fan minsken, dy't faek yn rogge sliepten, omt se bang wienen foar de duvel en syn hantlangers. (Dat wie Arjen Visser syn eigen heit: Japik Visser. Dy wenne dêr mei syn susters.) It doochde dêr faek net by har yn 'e...
nl.verhalenbank.23439
Myn wiif sei, yn Kollumersweach wenne in tsjoenster, dy koe har yn in kat foroarje. Sokke katten komme altomets byelkoar om to forgaderjen. Sy bitsjoenden meastal lytse bern. Dan gongen se nei Greate Wopke fan Kûkherne, in duvelbanner, om in drankje. Wopke joech ek wol duveldrek mei. By in tsjoenster doarsten se noait hwat opite of opdrinke.
nl.verhalenbank.27984
Yn Kollumersweach hienen se froeger altyd yn 't hoarnsket by de kij in gatsje boarre, en dêr dienen se by 't hjerst, as de kij wer op stâl kommen, duveldrek yn. Dat dienen se fanwege 't bitsjoenen.
nl.verhalenbank.28147
Greate Egbert fan 'e Harkema hat my ris forteld: "Ik hie bargen yn 't hok. Doe kom Hindrik Pyk (= H. Ophuis) der by. Dat wie in tsjoenster. Dy gong mei de hân oer de bargen hinne. In dei letter wienen de bargen dea. Ik ha se de hounen foarsmiten, mar dy woenen der net fan frette." Syn eigen jonges wienen bang foar him. Hy hie twa soannen: Piter en Willem....
nl.verhalenbank.28501
Hjir yn Ljouwert, op it Fliet, wenne ek in tsjoenster. Dy hat my ris in kear in pepermuntsje jown. Dêr haw ik slim siik fan west. Ik wist fan niks mear, 'k wie hielendal bidwelme. Op 't lêst ha se duveldrek foar my yn 'e hûs helle. Dêr haw ik hwat fan opiten en ik krige der guon fan yn 'e bûs. Doe woarde ik wer better.
nl.verhalenbank.33847
Der kom ris in frommes by ús yn Twizelerheide, dat wie ek in tsjoenster. Hja hiet fan Auk. Dy bleau by ús to iten. Mar ynpleats fan dat it minske iet gong se hyltyd mar mei de leppel oer 't iten hinne. Doe sei mem tsjin har: "Hwat hat dat nou noadich?" Mar hja sei neat werom. Doe't se fuort soe lei ik gau allegear stikjes duveldrek ûnder 'e foardoar en ek...
nl.verhalenbank.33839
Wy hienen in geit by uzes thús. Dêr krige ik de molke fan, hwant ik wie net goed. Dokter hie dat foarskreaun. Der wenne doe in fanke fan sa'n fjirtsjin jier by ús, dy sei op in kear: "Dy geit doocht net, dy wol net frette. Hy is bitsjoend." Doe sei se: "Jow my in stik duveldrek." Sy krige it en die der in stikje fan yn in bantsje en dat krige de geit mei...
nl.verhalenbank.16529
8