Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: echtpaar toverij
By Sjoerd en Tryn op 'e Sumarreheide gong it altyd op in kaertspyljen. Sjoerd siet fol fan flokwurden. Hy stjûrde samar in kaert út en in lege flesse en dan sette de duvel even letter in flesse drank op 'e reinwettersbak del.
nl.verhalenbank.19781
Stammerige Harm wie ek sa'n tsjoenster. Syn wiif ek. Harm hie in wikseldaelder, dy hied er fan 'e duvel. Dêrtroch hied er altyd wol jild om hannen.
nl.verhalenbank.33842
Minse Griper wie troud mei Tryn Snipel. Tryn wie kaertlizter. Minse koe mear as in oar. Hy koe samar in flesse drank yn 'e hûs komme litte. Hy stjûrde skoppenboer fuort en dan moest in oar de flesse drank oannimme. Op in kear doarst dyselde dat net dwaen. Doe sweefde de flesse mei drank hyltyd mar om 'e lampe hinne. Doe hat dy man him op 't lêst...
nl.verhalenbank.17669
Alde Ljibbe' Wemel wie fan 'e duvel biseten. Har man gong tiisdeis nei Grins ta, nei de merk. Dan moest har broer by har komme hwant sy doarst net allinne to wêzen. De katten sieten by har yn 't finsterbank to miauwen en fleagen by de glêzen op, as se der net ynkommen. Ienkear wie der in stik lawaei by har op 'e souder. It wie krekt as woarde der in...
nl.verhalenbank.21361
Myn wiif hat èk bitsjoend west. Dy hat sawntjin wiken op bêd tahâlden. Jelle Wigerske út 'e Westerein wie de tsjoenster. Dy kom altyd mei lapkeguod bylâns (manufaktueren). Sa kom se ek wolris by myn wiif. Se hie myn wiif op 't lêst sa bot yn har klauwen dat de hannen stienen har krûm. Dêr koe se neat mear mei dwaen. Se koe net iens mear it iten nei de...
nl.verhalenbank.33845
Minse Griper wenne oan 'e Spekloane. Hy wie duvelbander. Tryn Snipel wie syn wiif. Dy koe kaertlizze. Op in kear kreaude se mei ien. Doe sei se: "Fljoch mar yn 'e wyk." En it minske fleach yn 'e wyk. 't Jongfolk gong der faek hinne to kaertlizzen. It hûs lei op in minne namme. Minse stjûrde skoppenboer út om in flesse drank. It earste romerfol waerd yn 't...
nl.verhalenbank.20968
Alde Japik Nauta wenne yn 'e Harkema op 'e Bulten yn in boereplaetske. Dy syn frou wie bitsjoend. Dat wie 't wurk fan Alle Tet. Sy binne doe nei greate Wopke tagong, dy't yn Kûkherne wenne. Dy hat doe by har west. Wopke lei har yn elke hân in flesse. Dy moest se in skoft beet hâlde. Hja moest se foaral net falle litte. As hja se falle litten hie, dan hie...
nl.verhalenbank.28157
Yn 'e tritiger jierren wienen myn wiif en ik oerdei faek om handel út. As de bern dan middeis út skoalle kamen, ieten se by skoanmem. Mar myn jonge mocht binei gjin iten. Hy wie lusteloas. Men koe ek net sizze dat er siik wie. Hy boarte net mei oare bern. Skoanmem sei: "Dû mast us mei him nei Jonge Jan ta gean fan 't Wytfean, hwant de jonge kin wol...
nl.verhalenbank.19332
Tsjoensters kinne prachtich sjonge. Op in nacht siet ik by Wibe Postma yn 'e apelbeam. Dêr wienen sawn tsjoensters: seis froulju en ien man. Guon dêrfan koe 'k wol. 't Wie in hiel tsjoensterslaech. Wylst ik dêr sa yn dy beam siet hearde ik nei it sjongen. It klonk moai yn 'e nacht. Sy kommen op 'e apelbeam yn, dêr't ik yn siet. Dêr siet in swart skiep...
nl.verhalenbank.27771
Doe't wy in skoftsje troud west hienen, krigen wy in famke. Dat bern tsjirme fan bigjin ôf oan. Dokter kom geregeld, mar hy wist der neat op. 't Bern tsjirme mar troch. Us buorwyfke kom faek by ús, dy sei, 'k moest mei 't bern nei Oentsjerk ta, nei de duvelbander. Dat wie in boer. Mar dêr hie ik net folle mei op, dat wimpele ik altyd ôf. Mar op 't lêst...
nl.verhalenbank.24323
10