Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: duivelsdrek Place of Narration: Twijzelerheide
Wy hienen yn 'e Houtigehage altyd duveldrek ûnder 'e drompel fanwege de beide tsjoensters Jeltsje en Lutske.
nl.verhalenbank.20112
Froeger hienen de measte minsken om ús hinne duveldrek ûnder 'e drompel foar de tsjoensters.
nl.verhalenbank.23423
Om tsjoensters to kearen brûkten se duveldrek.
nl.verhalenbank.23773
As der ergens pasgeboaren bern wienen, dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. Dat wie om de tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.27379
As heit kealforsmiters hie ûnder 'e kij, dan lei er duveldrek foar de beesten achter 't hoarnsket. Dan hâldde it kealforsmiten op.
nl.verhalenbank.34464
Se dienen yn 'e Harkema duveldrek ûnder 'e drompels. Dat kom der oan 'e kant ûnder, hwant de tsjoenster mocht der net oerhinne stappe. De bern hienen nachts duveldrek op 't boarst.
nl.verhalenbank.10690
By uzes thús wie ris ien fan 'e bern siik. Heit wie yn Grinslân op 'e klaei oan 't wurk, mem wie allinne by de bern thús. It sike bern lei by har op bêd. It wie der net bêst oan ta. It gûlde en jammere wit hoe faek. Doe't it even stil wie, fornom mem in biweging ûnder 't kessen, krekt as slierde der hwat. Doe tocht mem: it bern kin wolris bitsjoend wêze,...
nl.verhalenbank.28703
Kei (myn man) en ik kamen froeger in bulte by âlde Gjetsje. Wy wennen yn har húske en wienen tige iens mei elkoar. Kei foaral. Kei krige altyd kofje en in stik koeke foar har. Dêr wie se tige mâl mei. Ik krige noait hwat. Doe waerd Kei siik. Hy bigong to sukkeljen. Doe sei myn mem tsjin my: "Dû mast Kei duveldrek yn 't festjebûske dwaen." Dat haw ik dien...
nl.verhalenbank.22010
Myn jongere suster Kobe werkte by Jehannes en Tryn. Hja hienen in jonkje en dat waerd siik. It bern bigong to tjirmjen. Hja wennen yn 'e Falom. Tsjin bêdgongerstiid bigong it bern altyd fan pine to razen. Mem sei tsjin Kobe: "Dû mast tsjin Jehannes sizze: 'It bern is bitsjoend.' Jehannes mat duveldrek yn 't widzke dwaen en ek yn 'e naden fan 't bêdsket....
nl.verhalenbank.21989
Yn Hiltsjemoaiwâlden op 'e hoeke fan 'e Reapdraeijersreed stiet in âld húske. It is net mear biwenne en it sil yn 't koart wol ôfbrutsen wurde. De lju dy't der 't lêst yn wenne ha, ha in nije bungalow op 't hiem sette litten, dêr't se nou yn tahâlde. Mar froeger hat myn skoanheit yn dat âlde húske wenne. It hat yn dat húske noait doogd. It wie in...
nl.verhalenbank.21995
10