Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: duivelsdrek water
De satan sit noch yn 'e bargen. Jezus hat de bargen de sé yndreaun. Men mat foar de bargen altyd in middel tsjin kweade machten by de hân ha. Duveldrek wurdt meast brûkt.
nl.verhalenbank.26309
Wy hienen froeger duveldrek ûnder 'e drompel om gjin lêst fan tsjoensters to hawwen. Tsjoensters koenen der dan net oer komme, wie de hiting. De hynders hienen duveldrek oan 't helter. Dat wie fanwege de kjeld, sa't it hiet, mar ik tink dat it ek foar de tsjoenderij wie. Wy joegen de bargen froeger duveldrekswetter yn 't fretten. Dat hiet fanwege de wjirms.
nl.verhalenbank.27367
In frou hjir fan 'e Harkema fortelde: "Op in kear kom der in frommes by my mei de sinteklazekoer. Ik moest de bern hwat jaen, sei se. Ik fortroude it net, hwant it minske gong foar in tsjoenster troch, mar ik die 't al. 'k Hie twa bern, 'k joech se elk hwat dat ik fan it minske kocht hie. Dêr hienen jy 't letter al, 't iene bern wie bitsjoend. Doe ha 'k...
nl.verhalenbank.25724
Myn man syn heit hie in pottekar in froeger jaren. Dan gyng it hynder nachts so gruwelijk tekeer. Nachts kwam de nachtmerje. Dy flocht flechten in de manen. Dat docht se sear, segge se. Minsken hebben ook last van nachtmerjes. Een nachtmerje is een frommeske. Ik hew wel papier in 't sleutelgat doen en de toffels omkeard foar 't bed set. En duveldrek onder...
nl.verhalenbank.25087
De boeren fan Feanwâldsterwâl hienen allegearre in stik duveldrek yn in pûdtsje yn 't bargedrinken, oars woenen de bargen net groeije. De bern hienen duveldrek op 't boarst, ek yn in pûdtsje oan in bantsje. Dat wie fanwege de tsjoensters. Guon hienen duveldrek ûnder 'e drompel, dan koenen de tsjoensters net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.24158
Wy ha wenne flak by 't tsjerkje yn 'e Houtigehage. Anne en Antsje wennen njonken ús. Op in kear hie ik pine yn 't liif. Doe sei Antsje: "Dû mast in stikje duveldrek opite." Dat haw ik dien, mar ik woe 't letter noait wer ha. Sok raer guod wie 't. Antsje wie in dochter fan Ritske van der Meer. Har broer Germ wie al us in kear siik. De lju seinen: "Hy is...
nl.verhalenbank.24558
In nachtmerje wie meastal in frommeske, mar inkeld in man. Yn 'e Mieden achter de Pein, achter de Keale Wei, dêr hâldde in nachtmerje ta. Sy siet nou hjir yn en dan dêr yn, it meast siet se yn 'e stamme fan in holle wylgebeam. Sy kom by de minsken, dan gong se fan achteren troch 't bargedoarke. Dêr hie se mear rûmte as troch 't slotsgat, sei se. Hja sei...
nl.verhalenbank.27149
7