Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
13 results
Dutch Keywords: duivelsdrek angst
Foar tsjoenen wienen se eartiids yn Jobbegea tige bang. De lju makken in gatsje yn 'e drompel en dêr dienen se duveldrek yn. De bern droegen duveldrek op 't boarst. As de bern bitsjoend wienen gong men nei Murk gûchlem, de duvelbander fan de Knipe. Bitsjoende bern dy't stoaren, bleauwen slop. Ek in tsjoenster wurdt net stiif, as se dea giet.
nl.verhalenbank.21021
As bargen siik waerden dienen de boeren faek duveldrek yn 'e trôch. Sa wie der yn Ryptsjerkster Nijlân ek in boer dy't dat die, mar dat hie gjin resultaet. Doe gong er hinne en spikere de bibel oan 'e trôch fêst. "As er foar syn eigen drek gjin ôfkear hat, dan sil er dochs wòl bang wêze foar de bibel", sei de boer.
nl.verhalenbank.31659
Mem en dy wennen yn 't oast fan Bûtenpost. Sy hienen wol gau us in hynder dea. Dat kom fan 'e tsjoenderij, seinen se. Doe gongen se nei Wopke ta, dat wie de duvelbanner fan Kûkherne. Dy kom dêr by mem en dy. Hy lei guod ûnder 'e drompel en preuvele der hwat by. Doe wie de tsjoenderij foarlopich oer. Mar letter bigong it wer. De hynders stienen los yn 'e...
nl.verhalenbank.21279
Yn duveldrek skûlet blykber in aparte kracht. As ien duveldrek by him hat geane de hounen altyd op 'e loop. Dy wurde dan bang.
nl.verhalenbank.31495
Hjir op 'e heide wenne ek in tsjoenster. As dy yn 'e hûs kaem ergens dan wienen se bang dat se de bern bitsjoende. Hja brûkten duveldrek tsjin 'e tsjoenderij.
nl.verhalenbank.31796
By ús thús lei mem de duveldrek gewoan op 'e drompel. Ek wol foar 't bêd. Mar allinne op tiden as se gefaer freesde.
nl.verhalenbank.21395
As wy op it hiem moesten dêr't in lulke houn wie, dienen wy duveldrek yn 'e bûse. Liuwefet yn 'e bûse mat ek helpe.
nl.verhalenbank.23117
As bern droegen wy wol stikjes duveldrek yn in pûdtsje oan in touke om 'e hals tsjin 'e tsjoensters.
nl.verhalenbank.20420
Heit hie altyd in stik duveldrek yn 't drinken fan 'e bargen, oars wied er bang dat se bitsjoend woarden.
nl.verhalenbank.24132
Heit hie ek us in moai dik laem kocht. Dat rekke siik en wie samar dea. Dat wie Jan Oenes syn wurk èk. Heit skripte in protte mei duveldrek. Hy hie altyd krúst op fjouwer plakken yn 't lân duveldrek lizzen. Heit hat ek us in skiep hawn, dat wie stjerrend binaud as Jan Oenes der west hie. Dan fleach it by de spanten op.
nl.verhalenbank.20921
Trape ien op in pod, dan kaem der tonger. As de minsken froeger bang wienen foar in tsjoenster, dan dienen se alles ticht, ek de skoarstien. Ek de slotsgatten en 't goatsgat, hwant in tsjoenster koe oeral troch. Se dienen duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.30139
Us beppe wie froeger tsjinstfaem. Op in kear roan se mei noch in oar famke even nei hûs ta. 't Wie op in joun. Dat famke praette nochal lûd. Doe sei beppe tsjin har: "Wy matte net sa lûd prate, hwant ús Hindrik wyt alles as ik thús kom, hwat wy tsjin elkoar sizze." Doe hie se sein: "As wy wer prate, mast ris achter ús sjen, hwant dat is ús Hindrik, dy't...
nl.verhalenbank.23528
Spesiale gefallen fan al dy dingen wit ik net sa sear. Ik kin bygelyks net sizze: dat hat dy en dy doe en doe dêr en dêr bileefd. Mar ik wit wol hoe't it yn 't algemien tagong yn myn jonge tiid. Wy wennen yn Twizelerheide, oan 'e Swâdde. It wie och sa'n earme streek en doe allegear noch heide. De minsken wienen allegearre earm. Foar stammerige Harm wienen...
nl.verhalenbank.29816
13