Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: boer duivelsdrek
Soms sieten de bargen ûnder de kweade minsken. Dan wienen se bitsjoend. Men moest goed oppasse hwa't men by de bargen liet. Net elkenien wie dêrby fortroud. Wienen de bargen bitsjoend, dan tarden se út. Dan joech it fretten har neat mear. Men moest in pûde mei duveldrek foar de trôch hingje, dat holp. Meastal wie de tsjoenster fan 'e bargen in man. Soms...
nl.verhalenbank.30088
As bargen siik waerden dienen de boeren faek duveldrek yn 'e trôch. Sa wie der yn Ryptsjerkster Nijlân ek in boer dy't dat die, mar dat hie gjin resultaet. Doe gong er hinne en spikere de bibel oan 'e trôch fêst. "As er foar syn eigen drek gjin ôfkear hat, dan sil er dochs wòl bang wêze foar de bibel", sei de boer.
nl.verhalenbank.31659
De bargen krigen hjir froeger altyd duveldrek ûnder 'e trôch. Dan soenen de tsjoensters gjin fet op 'e bargen krije kinne.
nl.verhalenbank.27999
De boeren yn Garyp dienen faek duveldrek ûnder 'e stien foar de drompel yn 't bûthús. Ek wol yn 't féfoer. Dat wie der om dat it fé net bitsjoend wurde soe. Die stien foar de drompel lei los. Duveldrek brûkten se ek foar pine yn 'e mûle.
nl.verhalenbank.33327
Japiks Griet wie èk in tsjoenster. Dy kom us op in kear by Trynmoai to praten. Doe woe se mei alle gewelt de bargen sjen. En dan woarden de bargen siik. Op 't lêst leinen wy oeral duveldrek del foar Trynmuoi.
nl.verhalenbank.33080
By de achterdoar fan 't bûthûs hienen de boeren duveldrek ûnder 'e drompels. Dat wie foar de hynders om 'e nachtmerjes to kearen.
nl.verhalenbank.21549
Yn Kollumersweach hienen se froeger altyd yn 't hoarnsket by de kij in gatsje boarre, en dêr dienen se by 't hjerst, as de kij wer op stâl kommen, duveldrek yn. Dat dienen se fanwege 't bitsjoenen.
nl.verhalenbank.28147
Yn Aldwâld dienen de boeren froeger duveldrek yn 't kealledrinken, dan woarden de keallen net bitsjoend, mienden se. Under 'e bargebakken dienen se ek faek duveldrek, mar dat wie rounom it gebrûk.
nl.verhalenbank.27985
De boeren fan Feanwâldsterwâl hienen allegearre in stik duveldrek yn in pûdtsje yn 't bargedrinken, oars woenen de bargen net groeije. De bern hienen duveldrek op 't boarst, ek yn in pûdtsje oan in bantsje. Dat wie fanwege de tsjoensters. Guon hienen duveldrek ûnder 'e drompel, dan koenen de tsjoensters net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.24158
9