Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 results
Dutch Keywords: beheksen duivelsdrek
Een gezelschap van 8 personen die aan twee tafeltjes op zondag avond kaart speelde, met een groep van 6 man die bij elkaar behoorden en twee onbekende personen, maakten de schrik van hun leven mee toen een der spelers, na een gevoelig verlies, plotseling dwars door de ruiten sprong. Zijn rechterhand was een bokkepoot geweest, en 't was dus de duivel in...
nl.verhalenbank.13279
De bern droegen duveldrek yn in pûdtsje op 't boarst. Dat kochten se meast yn 'e apteek. Wie der in bern bitsjoend, dan gongen se nei de duvelbander om in drankje. Us heit syn omke hat der ek alris hinne west. "Tink der om," sei de duvelbander tsjin him, "der kinne dy ûnderweis wolris beesten by 't boarst opspringe." Dat gebeurde ek. Der sprongen katten...
nl.verhalenbank.27236
Op 'e Bulten wennen minsken, dy hienen in bern, dat woarde siik. Der kom gauris in âld minske by harren, dat wie in buorfrou. 't Wie Alle Tet, in âld tsjoenster. Sy tochten, 't bern kin wolris bitsjoend wêze. Sy gongen nei Kûkherne. En ja, Wopke sei 't bern sit ûnder forkearde hannen. Hy joech in drankje mei en sy krigen de rie: duveldrek ûnder 'e drompel...
nl.verhalenbank.28556
As in koe of in skiep sa siik wie, dan gongen se ek nei de duvelbanner. Dan krige sa'n dier yn 'e measte gefallen in pûdtsje mei duveldrek om 'e hals oan in eintsje tou. Dan hie de tsjoenster gjin fet mear op it beest.
nl.verhalenbank.20524
By ús heit syn âlden kom alle jounen in dikke houn, dy lei de foarste poaten op 't finsterbank en dan seach er mar nei 't bern, dat dêr yn 'e hoeke yn 'e keamer lei. As heit der út gong wie de houn wer fuort. Dy houn dat wie in tsjoenster, dy hie 't bern bitsjoend. Pake en dy wennen yn 't hûs, dêr't nou Ritske Bekkema wennet, oan 'e Bethlehemsreed, hjir...
nl.verhalenbank.38696
By ús ha de bargen al ris bitsjoend west. Doe woenen se net mear frette. It redmiddel wie duveldrek. Dat brûkten wy altyd tsjin tjsoenderij. It woarde ûnder 'e trôggen dellein. Doe wienen se samar wer klear.
nl.verhalenbank.36001
Soms wie it fé bitsjoend. Dat fornommen wy altyd as der gjin bûter komme woe. Dan dienen wy duveldrek by de beesten yn 't hok. Hwant oeral dêr't duveldrek is, dêr hawwe de tsjoensters gjin kracht mear. Dan hienen wy even letter samar bûter.
nl.verhalenbank.36002
In tsjoenster mat ien kear yn 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se sels dea. Om in tsjoenster net yn 'e hûs to krijen dienen se duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.28806
By uzes thús wie ris ien fan 'e bern siik. Heit wie yn Grinslân op 'e klaei oan 't wurk, mem wie allinne by de bern thús. It sike bern lei by har op bêd. It wie der net bêst oan ta. It gûlde en jammere wit hoe faek. Doe't it even stil wie, fornom mem in biweging ûnder 't kessen, krekt as slierde der hwat. Doe tocht mem: it bern kin wolris bitsjoend wêze,...
nl.verhalenbank.28703
Heit en dy's twadde jonge, ús Foppe, dy raesde alle jounen. Dan krige er pine. Doe krige er in naffelbreuk. Dokter sei, dêr moest in naffelbân omhinne. Wy hienen in buorwiif, dy koe dat wol dwaen. Mar dat buorwiif hienen se it net op bigrepen. Sy kom net earder as dat de lampe brânde. Op in kear dienen heit en mem alle blinen ticht, dat der gjin ljocht...
nl.verhalenbank.27174
Yn Sweagerbosk wenne in tsjoenster. 't Wie in âld minske, hwat miswoechsen. Hja roun altyd itselde paed del fan 'e Suderstasjonswei nei de Sweagerbosk. Dat wie doe yn myn jongestiid noch in sânpaed. As wy út skoalle kamen en wy moesten har foarby, dan setten wy altyd mei de klomp in krús oer 't paed. Wy seinen tsjin elkoar: "Dêr kin se net oer komme." Hja...
nl.verhalenbank.32031
Der wie in nicht fan ús, dy hie in jonkje. Dat bern rekke siik. It gûlde en jammere altyd, it wie hast noait stil. Doe seinen se: "Dat bern kin wolris bitsjoend wêze." Hwant dan raze de bern ek sa. Doe gongen se mei 't jonkje nei Swarte Jantsje ta. Swarte Jantsje naem it jonkje op 'e skoat. Doe wie 't bern fuortdalik stil. Sadré se 't bern delsette, seach...
nl.verhalenbank.28549
12