Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
31 results
Place of Narration: Zandbulten
Ik ha wolris heard, dat men in ôfprintsel fan in bokkepoat of in hynstepoat yn 'e groun fynt ûnder 'e kiste op 't tsjerkhôf fan minsken dy't dêr bigroeven binne en dy't in proai wienen fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.24844
Frijmitselers ha in forboun mei de duvel sluten, dat se mei har eigen bloed ûndertekenje. Wolle jo der by wei, dan matte jo wer jou eigen hantekening mei bloed sette, mar binne jo der út, dan binne jo ek dea. Bihalve as jo se forifelje en jo sette de hantekening mei it bloed fan in geit of sa. As jo jou namme set ha, matte jo der achterstofoar út gean....
nl.verhalenbank.24829
Der wie in boer, dy wenne yn in hiel âld plaets. Dy moest och sa noadich forboud wurde. Mar dêr wienen gjin sinten foar. De man prakkesearre der alle dagen oer en hie der gjin wille om. De plaets wie oan 't omfallen ta en dan wie 't net bêst. Dan hie er foar syn húshâlding en foar syn fé net mear in dak boven de holle. Jouns kuijere er faek op it hiem...
nl.verhalenbank.25295
Stammerige Harm, seinen se, lei nou en dan yn 'e wâl, en dan praette er mei de duvel. Dat gebeurde nou ris op dit plak, dan wer op dat plak.
nl.verhalenbank.27440
Frijmitselers binne oan 'e duvel forkocht. Sy ha noait forlet fan jild. Dy't ienkear by de frijmitselers is, kin der noait wer by wei. Der sit in geheim oan dy lju, dat wurdt men noait gewaer. Sy matte in skoft yn in deakiste lizze, as se frijmitseler wurde en mei dy deakiste tôgje se ek om.
nl.verhalenbank.27439
Der wie in boer dy wie oan reapsein. Syn skuorre wie sa min, dy koe samar ynstoarte. Dêr siet er tige oer yn. Doe kom de duvel by him. Dy sei: Ik sil dy in nije pleats bouwe noch dizze nacht. Hy is klear foardat de hoanne kraeit. Mar dan mast dit even ûndertekenje. De boer die dat. Doe wied er oan 'e duvel forkocht. Doe gong 't dy nachts op in timmerjen....
nl.verhalenbank.24832
Der wienen twa man yn 'e Westerein, dy hienen togearre in duvelsboek. It wienen Ytsje Jelle en Tytsje Jelle. Sy lieten der soldaetsjes mei ta de hurddobbe út komme. Dy gongen der wer ta'n yn, as se itselde tobekliezen. De beide Jelles wennen flak byinoar. Op 't lêst krigen se sa'n lêst mei dat boek, dat sy woenen it wol graech kwyt. It wie sa dat de duvel...
nl.verhalenbank.24836
Stammerige Harm wie oan 'e duvel forkocht. Hy hie in wikseldaelder. Harm hie in âld lears yn 'e skuorre to hingjen. Dy lears dêr wie de boom út. De duvel smiet it jild yn 'e lears en dat kom allegear yn 'e skuorre tolânne. Trochdat de lears noait fol rekke hie Harm sa'n jild.
nl.verhalenbank.23901
Der siet ris ien yn 'e kroech. Dy sei it raer op en liet him ûntfalle: "As der dan in duvel is, dan kin er my dêr op 'e brêge pakke." Doe't er oan 'e brêge takaem stie dêr in lyts mantsje. Dat woarde greater en greater mei't er tichterby kom. Doe't er op 'e brêge wie, hie dyselde him beetkrigen en in ein fuortsmiten. It wie net ien oars as de duvel. Hy...
nl.verhalenbank.27449
Mem fortelde: Wy gongen froeger faek nei de Grinzer Klaei ta to wjudden en to flaekslûken. Wy slepten yn 'e skuorren. Wy wienen us yn in skuorre, doe lei dêr in koe yn in leech fek yn 'e skuorre. De arbeider fan 'e boer sei: "Jimme hoeve jim net oan dy koe to steuren." Mar dy koe wie fan 'e duvel. De boer wie frijmitseler. As er forlet hie fan jild holp...
nl.verhalenbank.24056
Frijmitselders ha in forboun mei de duvel. Sy ûndertekenje in kontrakt mei har eigen bloed. As se der út wolle matte se wer har namme sette mei eigen bloed. Mar dan geane se dea. Sy ha noait gebrek oan jild.
nl.verhalenbank.24055
Duveldrek hienen se altyd ûnder 'e drompels.
nl.verhalenbank.27455
As ien in toverboek hat, dan hat er him oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.27458
Jilt fan Minne Binnes wie in raren-ien. It wie eins in ûnminske. Hy leaude nergens oan en dreau de spot mei alles. Hy sliepte thús op 'e souder. Dan moest er by de leider op. Hy kom in kear út 'e kroech wei. "As der dan in duvel is," hied er sein, "dan kin er my joun by de leider krije." Doe't er thús kom en by de leider op gong, woarde hy der trije...
nl.verhalenbank.25287
Der wie in faem, dy tsjinne by de boer. It mat in ûnforskillich meubel west ha, hwant op in kear sei se: "Ik wol in feint ha, as wie 't de duvel ek." De jouns doe't se 't iten dien hienen, kom der ien by de tafel. De faem stie it net. It wie de duvel. Hja woarde deabinaud. Doe sei de frou tsjin har: "Dû mast alle skûtelguod dwarstroch smite en dan mast...
nl.verhalenbank.24831
Der sieten trije jongemannen yn 'e kroech to Minnertsgea. Dat wie yn heite feintejierren sahwat om 1900 hinne. Sy wienen aerdich hwat oansketten en gongen midden yn 'e nacht nei 't tsjerkhôf ta. Dêr gongen se op in platte sark sitten. Sy swearden as der in God wie, dan moest er him sjen litte. Wie der in duvel dan moest dy komme. Doe wie it God dy't kom....
nl.verhalenbank.23893
Der hat ek in boer west, dy hie sa'n duvelsboek. Dy brûkte it foar syn wurk. As er dongstruije moest, lies er mar even yn 't boek, dan kommen de roeken delsetten en dy hienen de dong samar útinoar struid. Dan hoefde er 't sels net to dwaen.
nl.verhalenbank.24837
Piter Postma wenne op 'e Broek. Hy mocht graech strune. Hy stie to harkjen by de doarren en seach ta de glêzen yn by oare minsken. Op in joun, doe't er wer oan 't strunen wie, wie er opnommen woarn en in ein fuortsmiten. Dat hie de kweade dien.
nl.verhalenbank.25126
Der wie in boer, dy hie in hiel âld plaets. Dy wie wol sa min. Mar dy boer hie gjin jild om in nijen sette to litten. "Hoe krij ik in nije plaets", sei er faek yn him sels. Dan roan er op 'e wei om jouns en dan prakkesearre er mar. Op in kear wie dat wer it gefal. Doe kom dêr in man oan. "Hwerom bistû hjir alle jounen op 'e wei?" sei dy. "Dat sil 'k jo...
nl.verhalenbank.27437
Froeger wie 't de gewoante yn Fryslân dat in feint samar ûnforwachts nei in faem ta gong op in snein-to-joun. Dat waerd fan tofoaren net ôfpraet. As it net nei 't sin wie, stjûrde se him wer fuort. Der wenne in faem by de boer. Dy hie hwat in wyld hier yn 'e nekke. 't Wie snein, en de boer sei tsjin har: "Dû hast nochal hwat feinten hawn sa foar en nei,...
nl.verhalenbank.27465
31