Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
32 results
Place of Narration: Jistrum
In wikseldaelder is in ryksdaelder. Dy kriget men fan 'e duvel. Men mat him noait hielendal útjaen. As hâldt men der mar in dûbeltsje fan oer, dan is 't al goed. Even letter is 't wer in ryksdaelder.
nl.verhalenbank.24498
In frijmitseler hat him oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.20594
Doe't myn broer op 'e Iest (yn Jistrum) kom to wenjen, doe hong dêr oeral duveldrek boven de doarren. En ek yn 'e finsterbanken wie duveldrek. Sy mienden dat de duvel dan net yn 'e hûs of yn 't bûthús komme koe. Wy brûkten it foar de keallen en wy hienen 't ek wol yn 'e bargetroch. Wy kochten it yn Drachten, by David Flud (= D. de Vrieze). As wy seinen:...
nl.verhalenbank.22836
Yn 'e Westerein by 't spoar wenne in winkelmantsje, dy hie noait forlet fan jild. Dy koe dwaen hwat er woe. Hy hie him oan 'e duvel forkocht: 't wie in frijmitseler.
nl.verhalenbank.33455
Hjir yn Jistrum hat ien wenne, dat wie in flokker en in spotter. Op in joun doe wied er op it ein tusken Jistrum en Grinzer Strjitwei. Dêr woarde er samar optild en oer de beammen hinne smiten. Hy kaem yn 't greidlân torjochte. Syn eigen heit hat it my forteld. It wie de duvel dy't mei him ôfweefde.
nl.verhalenbank.37224
Op Kromelle yn 'e kroech ûnder Droegeham hâldde se ris op in joun in weddenskip. Se setten in pakje bakken foar ien op 'e tafel del. Dyselde sloech der op en doe wienen de bakken samar ynienen fuort. Soks binne duvelskunsten.
nl.verhalenbank.23748
Wyberen Koop wie in raer ûnforskillich man. Hy wie spylman. Hy spile yn 'e kroegen foar dânsjen ensa. 't Wie in fechtersbaes, in sûper en in spotter. Op in kear doe hied er spile yn 'e kroech by de Falomster brêge. Hy hie 't wer raer opsein. Doe't er de nachts bûten kom woarde er twa kear smiten fan 'e iene kant fan 'e wei nei de oare. Dat wie de duvel...
nl.verhalenbank.37209
Hjir op it Hegelân yn Jistrum wenne in koopman. Dat wie ien dy die oars net as sûpe en swetse. Hy hie nergens earbied foar. Mar op in kear doe't er ûnderweis wie nei hûs ta hat de duvel him opnom en smiten. Doe is er raer thús kom. Letter is er tsjerks woarn.
nl.verhalenbank.23125
Sa likernoch 1890 hienen der guon fan Surhústerfean by ús âlden hjir yn Jistrum west to jounpraten. Yn dy tiid gong alles noch to foet. De man wie nochal hwat rûch yn 'e mûle. Dy jouns hied er by ús sein, hy joech neat om 'e duvel. Soks is nuodlik praet. Underweis gongen se oer de Hamsterpaden nei Readskuorre en sa by de feart lâns nei 't Fean ta. Dêr op...
nl.verhalenbank.25094
Jan Stokje (= Jan Kooistra) wenne to Jistrum op it Hegelân. 't Wie in raren. Hy bihandele syn wiif min en 't koe him net folle skele hwat er die. Op in kear is er straft woarn. Hy wie ûnderweis, sahwat oan 't plak ta dêr't Anne Brander wennet. Dêr is er boven oer de elektryske triedden hinne smiten. Doe hat de duvel mei him ôfweefd. Hy hat it letter sels...
nl.verhalenbank.33448
It gebeurde wol dat manlju de trêddedeiskoarts hienen. Dan gongen se nei de duvelbander ta. Dy frege: "Ha jim nei de klaei west?"
nl.verhalenbank.20588
Froeger hienen de lju hjir allegear duveldrek ûnder 'e waeifetten. Dat wie ek fanwege tsjoenderij.
nl.verhalenbank.34494
Tsjin tsjoenderij docht men duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.24496
Stammerige Harm haw ik skoan kend. Hy wenne yn Twizelerheide en handele yn âld izer, blik, fodden en al sok spul. Alles wie fan syn gading. As der hwat op in hiem lei dat fandele er op. Hy hie yn 'e iene hân in stôk en mei de oare hâldde er in âld sek beet, dy't him oer 't skouder hong. Dêr die er alles yn hwat fan syn gading wie. In hiele bult âld izer...
nl.verhalenbank.34500
Piter Eekhof, Klaes Glastra en ik kommen us in kear fan 'e Tille en roannen op 'e Ald Dyk. Wy wienen by Douwe Iest op 'e hoeke. Doe sei Piter: "Sjoch, dêr is in hountsje. Sjogge jimme 't wol?" "Né," sei 'k, "allegear merakels, ik sjoch net in houn." De houn bleau mar fóár him en doe wienen we in eintsje de Ald Dyk del, doe sprong der ien achter de hage...
nl.verhalenbank.23747
Jan Stokje (= J. Kooistra) fan Jistrum is ris in kear smiten woarn nei't er yn 'e herberch sitten hie, dêr't er 't raer opsein hie. De kweade smiet him oer de Barnde Harm (leit yn 'e Mieden) hinne.
nl.verhalenbank.24488
As it net bûterje woe, tochten de minsken, dat der forkeard folk west hie. "Kinne jo jo ek foarstelle, dat hjir in forkearden-ien west hat?" woarde der dan frege. Sy dienen der altyd duveldrek by om de saek wer foar elkoar to krijen.
nl.verhalenbank.20592
Wol men net in tsjoenster yn 'e hûs ha, dan mat men hinnegean en doch in ûneven tal roggekerlen ûnder 'e drompel. Rogge is heilich. Dêr binne de tsjoensters bang foar. Men lei ek wol duveldrek ûnder 'e drompel. Tsjoensters kinne har yn alle gedaenten foroarje.
nl.verhalenbank.37206
Myn frou Baukje Hulsinga har omke dy wenne yn Feanwâlden. It wie in hiele raren-ien yn syn jonge jierren. Hy wie tige rûch yn 'e mûle. Op in kear, doe hied er nei de faem ta west. Hy wie op wei nei hûs ta. 't Wie yn 'e nacht en hy wie tofoet. Doe't er in ein op stap wie hearde er in karre achter him oan kommen. Hy seach achterom, mar der wie neat to sjen....
nl.verhalenbank.23124
Yn Eastemar hat in fisker wenne, dat wie Hanne Foekes. Dat wie in rûch man. Dy hie 't altyd oer syn kammeraet, dat wie de boaze. Mar op in nacht hat syn kammeraet mei him ôfweefd. Sy founen him de oare deis op 'e Leijen yn 'e boat. Hy wie dea. De boaze hie him de holle omdraeid.
nl.verhalenbank.22837
32