Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
21 results
Place of Narration: Zandbulten
Sy sizze wol dat de tsjoensters yn 'e gedaente fan in kat yn in stik greidlân forgaderje.
nl.verhalenbank.25118
Tsjoensters kinne har yn katten foroarje. As katten hâlde se forgaderingen. Se ha ek us sa'n forgadering hâlden by âlde Harm v.d. Berg. Dy wennet yn Twizelerheide by de Swâdde. De katten wienen drok oan 't psalmsjongen, doe kom Harm der oan mei 't gewear. Hy hat op dy katten sketten. Se sieten yn in beam to forgaderjen en to sjongen. Ien fan 'e katten hat...
nl.verhalenbank.24841
Tsjoensters matte elke sawn jier op syn minst ien deatsjoene, oars geane se der sels oan.
nl.verhalenbank.24842
It wienen froeger allegearre tsjoensters yn Broek. As in âld minske wide rokken oan hie, dan wie 't al in tsjoenster. Dan setten wy as bern in krús op 'e wei fan kryt of fan reade stien, as wy sa'n minske oankommen seagen. Hwant dêr koe se net oerhinne komme, mienden wy.
nl.verhalenbank.25079
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Alde Lamkje, de mem fan Ale Bouk, wie in tsjoenster. Harm v.d. Berg hie lytse bern. Jouns wienen der altyd by harren in keppel katten om 'e doar, dy miauken dêr mar om. (Zie B65-494) Harm hie in gewear, hwant hy streupte ek wol. "As dy duvelse katten hjir wer komme," sei er tsjin 't wiif, "dan sjit ik se dea." Op...
nl.verhalenbank.25117
De tsjoensters bitsjoenden ek fé. Us bargen hienen froeger altyd duveldrek ûnder 'e trôch foar 't bitsjoenen. Myn suster Harmke hat in famke forlern fan fjirtsjin jier. Letter krige se wer in famke. Ik wie in kear by Harmke en dy. 't Famke boarte bûten op in platte kroade. Harmke gong ek nei bûten. Doe hearde ik har sizzen tsjin 't bern: "Hat se de...
nl.verhalenbank.25120
Hoe't it heksen ophâlden is. De tsjoensters stoaren sa stadichoan út. Der wienen gjin dy't har opfolgen. Ien fan 'e tsjoensters wie der mar dy't in bern hie. Dy moest fansels yn leven bliuwe. Dêr stienen se tige noed fan. Op in dei fleach de mem mei har bern op 'e biezemstôk troch de loft. 't Bern siet achterop. Sy mochten net prate ûnderweis, hwant dan...
nl.verhalenbank.23839
De minsken hienen Yn Broek froeger de kaeisgatten ticht, fanwege de tsjoensters en de nachtmerjes.
nl.verhalenbank.27454
In nicht fan ús wenne yn Kollumersweach. 't Is sahwat in tsien à alwe jier lyn, doe wie hja fiifentritich jier, doe foun se by har famke in krâns yn 't kessen. En dêr siet yn 't kessen ek noch in kraechje fan it famke har jurk. Har famke wie altyd syklik en it stie by myn nicht fêst, dat har dochterke wie bitsjoend. Hja hie fuort ien op it each, dy't it...
nl.verhalenbank.23895
As jo hwat fan in tsjoenster opite, matte jo 't lêste hapke stean litte, dan kinne se jo net krije. In tsjoenster kin jo ek net krije as jo hyltyd mar tinke: "Dû krijst my net!"
nl.verhalenbank.23905
As men trije krusen sette op 'e drompel fan in doar, dan koe der gjin tsjoenster oerhinne komme, wie froeger de hiting.
nl.verhalenbank.25080
As in tsjoenster komt to forstjerren wurde har de fuotten en earmen net stiif. Dy bliuwe altyd slop.
nl.verhalenbank.25115
Froeger birapen se yn 'e Westerein en omkriten de spitketen fan binnen. It guod dêr't se dat mei dienen, dêr siet roggemoal yn. Dat wie fanwege de tsjoensters en sa.
nl.verhalenbank.24839
Yn 'e Dokkumer Wâlden wenne in boer, dy hie in koe, dy waerd siik. It buorwyfke krige de skuld, dy hie dy koe yn 'e macht, mienden se. Doe helle dy boer it buorwyfke der by. Hy sei tsjin har: "Dû hast de koe siik makke, dû mast him ek wer better meitsje, oars stek ik dy hjir fuort dea."
nl.verhalenbank.24843
Tabe wenne yn Broek. Hy kom by in frommeske, dy wenne oan 't kanael (de Swemmer) yn de koloanjes. Dat frommes dêr't er forkearing mei hie wie in tsjoenster. Der woarde ek wol sein, dat it in nachtmerje wie. Tabe fornom al gau dat it gjin goed spul mei dat frommeske wie. Hja hie 't op him gemunt. Dêrom makke er it út. Doe't Tabe út 'e koloanjes wei oan 'e...
nl.verhalenbank.25124
't Wie in waerme simmer. De bern fan Hinne yn 'e Broek woarden siik. Alde Minne Hindrikje wie in tsjoenster. Har eigen soan Wopke wist dat wol. Hy gong nei Hinne ta en sei: "Jimme bern binne bitsjoend." Hinne sei: "Dan sil 'k nei Wopke Minke ta." (Wopke wie duvelbander en wenne yn Kûkherne, sûnt syn dea gongen se nei syn frou Minke ta.) Hinne sei tsjin...
nl.verhalenbank.25113
Myn broer Gosse wie fjirdel jier âld ( = 3_ jaar), doe koed er noch noait rinne. Alde Pôpe biltsje dy wie altyd by ús. Hy wie keppelbaes en mollefanger ensa, mar hy paste ek faek op ús Gosse. Sy seinen altyd, hy wie in tsjoenster, mar dêr hienen wy ús noait folle oan steurd. Mar doe woarde Pôpe siik. Dat gebeurde wylst er by Hindrik Tammes yn 't bargehok...
nl.verhalenbank.25649
Freark Visser op 'e Broek wie frachtrider. Syn frou wie in tsjoenster. Wy hienen trije hynders. Freark Visser nom de hjouwer foar dy hynders mei út Dokkum. Myn broer Harm helle de hjouwer jouns let noch wol us by Freark wei. It wie al in kear of hwat gebeurd, dan seach er yn 't tsjuster in frommeske nei 't hinnehok tagean. Dat wie gjin goed spul. Meester...
nl.verhalenbank.25646
Heine Jilderda fan 'e Broek hie fiif berntsjes, dy woarden alle fiif siik. Sy seinen: hja binne bitsjoend. Alde Frearke Tiet wie de beppe fan 'e berntsjes (ek in Jilderda), dat wie de tsjoenster. Har broer Jan wie ek in tsjoenster. Doe't de buorlju seinen: - de berntsjes bin bitsjoend -, sei Hanne, de mem fan dy berntsjes: "Ik kin 't net leauwe en ik mei...
nl.verhalenbank.25648
Alde Auk wie in tsjoenster. Hja wenne yn 'e Leijen en stookte yn 'e winter altyd skjûden yn 'e fjûrpot. (skjûden = afval van vlas; brandstof voor behoeftige lieden) Mei't pake en dy in protte braekten, hienen dy skjûden to keap. Wy wennen yn Broek. 't Wie yn 'e winter en beppe wie nei Bonte Houn ta, dêr leinen har âlders mei 't skipke. Mem en Minkmoai...
nl.verhalenbank.25647
21