Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: land Place of Narration: Veenwoudsterwal
Alde Broersma fan de Wâl wie o sa sterk. Hy hie lân yn 't Bûtenfjild lizzen. Hy hie twa hynders foar in foer hea. Doe't dy net by de hichte op komme koenen mei de wein, sette hy de rêch ûnder 'e wein en krige it gedaen.
nl.verhalenbank.16774
Dêr't nou it swimbad is fan 'e Westerein, dêr wenne froeger in âld minske yn in lyts hûske. Dat minske wie in tsjoenster. As jonge fan acht jier moest ik it melken leare by de boer, dy wenne dêr net fier ôf. By de boer wienen se deabinaud foar dat âldminske. Hja hienen in greate klobbe duveldrek yn 't waeifet, dêr't de keallen út dronken, en se woenen har...
nl.verhalenbank.38299
Klaes Boskma hie in stik lân, dêr helle er 't hea út mei in hynder. Njonken dat lân wie bou. Dêr hie Jehannes Meerstra tún. Dat lân fan Klaes wie tige ûnsljocht en sa moest er op in stuit by in hichte op. It hynder koe 't net dwaen, dy koe der net by opkomme mei de folle wein. Dat like fremd, hwant oars koe 't hynder 't altyd wol dwaen. Mar nou koe Klaes...
nl.verhalenbank.38103
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe kom der in man by him op 't lân, dy frege him hwer't Sterke Hearke wenne. Doe krige Hearke de ploege beet en tilde him op mei syn iene hân. Doe sei er: "Dêr wenje ik." Doe stiik er him rjocht op syn hûs oan. Doe wist dy man wol hwa't Sterke Hearke wie.
nl.verhalenbank.38038
De Westereindersingel giet nei Kûkherne ta. Dy giet it lân troch by de Westereinder brêge. De Tolheksingel hyt dat stik lân. Winterdeis is it wetter dêr tige heech. De reed allinne is aerdich heech. In man hat him der by winterdei ophong, doe't it wetter sa heech wie. Se ha it lyk yn 'e kiste mei in pream dêr wei brocht. In wike fan tofoaren kaem de soan...
nl.verhalenbank.38215
Us heit fortelde, froeger hienen guon ris op it Bûtenfjild ûnder Feanwâlden in hiele protte minsken by elkoar heard. Doe seinen se: dêr is safolle folk, dat kin wolris bitsjutte dat der nochris in greate stêd yn it Bûtenfjild komt. Der wie yn werklikheit net in minske. Mar letter woarde dêr troch de trije provinsjes lân oanmakke en doe wienen dêr in berch...
nl.verhalenbank.37858
Myn pake gong froeger wol nei de klaei ta to meanen, dat wie yn 'e buert fan Bolswerd en Snits. Hja hienen in tankje mei nei 't lân, dêr siet wetter yn, dêr't se fan dronken. Doe't pake en dy de moarns yn 't lân kommen - dat wie sahwat om healwei fjouweren hinne as se bigounen - hie der in frommeske op it tankje sitten. Pake hie 't klear sjoen. 't Hie...
nl.verhalenbank.37883
Jehannes tsyske wie boerefeintsje yn Ryptsjerk. Hy wie dêr lytsfeint. Dêr wie ek in greatfeint. Doe wie 't op in kear Burgumermerke, en dêr woe Jehannes graech hinne. Hy frege de boer of dat mocht. Doe sei de boer: "Dû mast earst op dat stik lân de dong út elkoar struije." Dat wie in karwei, dat wie yn ien dei net to dwaen. Jehannes gong nei 't lân ta. En...
nl.verhalenbank.38219
Yn 't Suden fan Fryslân wenne in man, dy groef dêr in put. Hy woe wetter ha, mar koe gjin krije. Dy put wie hiel, hiel djip op't lêst en doe siet der op in moarn in bytsje wetter yn, mar dat wie sâlt. It wie séwetter. Dêr koe er neat mei. Doe hearde dy man ûnder út 'e put wei in stem. Der waerd roppen: "Flechtsje fan dit lân!" Doe hat dy man dat lân...
nl.verhalenbank.37942
Oan 'e Boppewei, tichte by de Skilige Piip, stiet in heech spultsje. Dêr foar leit in stik lân, dêr hat in slot op stien. De lju dy't dêr wennen, ha dêr in kiste mei jild bigroeven yn 'e groun. Mar gjin minske dy't him wer út 'e groun wei krije kin. Se ha wol groeven, mar it joech neat. Hy sakke hyltyd djipper yn 'e groun, hwat djipper de minsken groeven.
nl.verhalenbank.38297
35