Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: geven Place of Narration: Veenwoudsterwal
By nacht mat men noait midden op it paed rinne. Komt der dan in lykstaesje oan, dan wurdt men oan kant set, hwant in lykstaesje jowt gjin romte.
nl.verhalenbank.38206
In wjerwolf is in snip, in fûgel. As sa'n fûgel by 't maitiid lûd jowt, komt der in hege noardewyn. Se sizze ek wol wjerlamke.
nl.verhalenbank.37903
Yn 'e tiid fan 'e ôfskieding mat der to Droegeham in doomny stien ha dy hiet Van Velthuizen. Dat wie in man dy't in skieding brocht yn 'e herfoarme tsjerke en dat namen guon him bot kwalik. Der wienen twa mannen dy wienen sa forbittere op him, dat dy woenen him deameitsje. Op in Snein-to-joun hie ds. Van Velthuizen nei in oar doarp ta west to preekjen. Hy...
nl.verhalenbank.37871
Frijmetselers meitsje har hûs noait ôf. Dêr timmerje se altyd yn om. Se jowe twa fingers ynpleats fan 'e hiele hân, as se mei ien fûstkje.
nl.verhalenbank.37896
Tsjoensters foroarje har yn katten. Hjir stiet in hûs, dêr siet ris op in joun in fremde kat yn 't finsterbank bûten to harkjen hwat der bipraet woarde. As se him fuortjagen, kom er wer. Doe ha se him in opstopper jown. De oare moarns wie hjir op 'e Wâl in âld minske kreupel.
nl.verhalenbank.38227
In tsjoenster foroare har soms yn in kat. Hja bitsjoende de bern. Dan kom der in krâns fan fearren yn 't holkessen. Mei dat kessen setten se nei de duvelbander ta, dy't in drankje joech. De krâns moesten se forbrânne.
nl.verhalenbank.38208
Der wie in frou, dy siet by Jehannes yn 'e skuld. Hja wenne op Burgumerheide. Dêr moest er sinten fan ha. Hy kom by har by de doar en frege om syn jild. "Ik ha gjin sinten", sei 't minske. "Nou," sei Jehannes, "bitelje my dan stadichoan hwat ôf." "Ik ha gjin jild", sei se. "Jow my dan dy goune mar, dy't jo yn 'e bûse ha", sei Jehannes. It minske woarde sa...
nl.verhalenbank.38223
35